Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jasper Boomsma fan 'e Houtigehage moest us op in joun let nei 't húske ta. Dat húske stie bûtendoar.
Doe stie dêr in frou mei in dik bosk hier foar de glêzen. Doe't er wer seach wie se fuort, krekt as wie se yn 'e groun sakke.
nl.verhalenbank.24681
Tichte by de Dwarsfeart mat froeger in wyt froumins spûke ha.
nl.verhalenbank.36650
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west.
De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har.
"Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Der wenne in sekere Oosterhof op Kuzumer by Oldekerk. Hy wie in boeresoan. Op in joun let kaem er by de froulju wei. Hy stie even buten to praten mei in oare feint. Doe gong dêr in faem by harren lâns, dy wie hielendal rôse yn 'e klean. 't Like in knap jongfaem. "Kiek," sei de feint, dy't by him stie, "doar is ook nog 'n jonge meid. Die kinstou ja krekt...
nl.verhalenbank.19966
Doekel seach ek spoken. Dy spoken kommen fan Earnewâld út wei, se farden yn in boatsje oer 't wetter.
Hja en Marten Skeet stienen op in joun bûtendoar.
Doe sei se: "Marten, mast ris even sjen."
Mar hy seach neat.
"Hwat is der dan?" frege er.
"Se binne der wer", sei se. En doe wiisde se nei 't plak dêr't se de spoken seach.
Doe krige Marten in brjit (in...
nl.verhalenbank.33627
Yn 'e Boelensloane spoeke in houn mei in potsje yn 'e bek. Dy houn foroare soms yn in dame mei in swart kleed om.
nl.verhalenbank.23478
To Grou wenne in boer mei syn frou. Hja hienen ek feinten en fammen, hwant it wie in greate boer. Op in joun wienen de boer en de boerinne der op út to praten. Ien feint en ien faem bleauwen thús. Doe moest dy faem noch hwat brûke, dat yn it doarp to krijen wie. Hja stjûrde de feint dêr hinne. 't Wie tsjuster. De feint moest oer in draei, dy lei oer in...
nl.verhalenbank.36787
In âld minske yn 'e Boelensloane hie us trije wite wiven sjoen, dy sweefden troch de loft. "Krekt as gong ik mei yn 't soch fan dy wite wiven", sei se. Dat fortelde se mem.
nl.verhalenbank.23496
Auke Hornstra Rustoord, Drachten (B99) (komt fan Goutum (B57a)) fortelt: Yn Goutum wie in hûs, dêr spoeke it. Dêr dounse in pispot by in frou op 't bêdsbuordtsje.
nl.verhalenbank.25497
Op 'e Suderdwarsfeart wie it Boskpaedtsje, dat roan nei de Skieding ta. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan in frommes mei jok en amers.
nl.verhalenbank.27512
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr.
Dêr hie in frommes har ophong.
nl.verhalenbank.25400
By âlde Minse Griper kommen nachts wol us forstoarne minsken, seinen se, dy't in bigearte hienen. Minse Griper moest dan it boadskip trochjaen.
nl.verhalenbank.23502
Ik haw in woanskip hawn, dêr haw ik in set yn wenne.
Dan praette ik wol us mei in skipper, dy kom út Beets. Dy wie bang foar spoeken. Syn broer trof ik dêr ek nou en dan by him. Dat wie in bêste man. Hy wie Kristlik en moest neat ha fan spotten. Mar hy wie deabinaud foar spoeken. As er dêr oer fortelde luts er wyt om 'e holle. Hy fortelde us op in kear:...
nl.verhalenbank.24931
Der wienen in man en in frou, dy hienen seis bern.
It minske woarde siik en der kom in oare frou oer de flier dy't it wurk die. Dat wie in flink minske dy't goed op 'e frou paste. Mar al har goeije help mocht net bate. De frou stoar oan 'e sykte.
Sy hie bigeard, dat it minske, dat har forsoarge hie, dat moest har klean ha.
Mar dat die dy man net. Hy joech...
nl.verhalenbank.24556
Mem har âlden wennen to Bakkefean yn 'e Lange Jammer. Yn 'e tiid dat mem in famke wie gebeurde it faek let op 'e joun of yn 'e nacht, dat der turven fan 'e souder smiten woarden nei ûnderen ta. Gongen se der hinne om to sjen, dan wie der neat to rêdden. Pake sei dan: "Dêr komme de turven wer nei ûnderen ta." It gebeurde ek wol, dat der hielendal net iens...
nl.verhalenbank.19733
Yn 'e omkriten fan Boelensloane wenne in frouspersoan, dy hâldde safolle fan har mem, dat sy wie der aeklik fan, doe't dy stoarn wie. Sy rôp altyd mar: "Hwat woe ik ús mem noch graech ris in kear wer sjen!"
Doe, op in nacht, doe kom har mem by har oer de flier.
De dochter lei op bêd. 't Ald-minske slierde op toffels.
Doe't de dochter har seach, woarde se...
nl.verhalenbank.29387
Der wie in man, dy wie foar de twadde kear troud. Mar foardat syn earste frou stoar, hied er har biloofd, dat hy soe net wer trouwe. Hy hie 't lykwols àl dien.
Op in kear, doe't er op 'e stâl stappe soe om 't fé drinken to jaen, stie syn earste frou samar ynienen njonken him. Letter hat er har altyd by him hawn. Hwer't er roan, dêr wie sy ek.
Dat wie de...
nl.verhalenbank.19624
Der wie in man yn 'e Houtigehage oan 't jirpeldollen. Dêr wie tagelyk in fanke oan 't jirpelsykjen.
De man sei: "Wy dogge joun net sa lang, hwant ik mat ek noch nei Surhústerfean ta."
"O hea," sei se, "matte jo ek by 't tsjerkhôf lâns?"
"Ja," sei er, "hwat soe dat?"
"By 't tsjerkhôf," sei se, "stiet altyd in frou mei in koer mei koeke yn 'e earm. Dy...
nl.verhalenbank.21168
Myn wiif har beppe wie in tige from minske. Hja hie har mem forlern en dêr wie se o sa ûnwennich fan. Sy bidde algeduerich: "Hie 'k myn mem mar wer."
Op in joun doe kom har mem der oan. Sy hienen doe noch stiennen flierren en dêr kom har mem op bleate fuotten oan.
Hja soe sizze: "Hwat docht mem hjir mei bleate fuotten op dy kâlde stiennen", mar sy hie 't...
nl.verhalenbank.22874
Yn 'e goudsmitswinkel fan Kylstra to Drachten hearden de frou en de faem it op 'e stoepe: Stap-stap-stap-
De kaei woarde yn 'e doar omdraeid. De faem en de frou sieten op 'e toanbank. Dit wie Kylstra, net ien oars, mar it wie syn geest.
In skoft letter presys deselde stappen, wer krektsa de kaei omdraeid en dêr forskynde Kylstra
nl.verhalenbank.24611