Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Feanwâlden spokke in wite juffer, seinen se en op 'e Godleas Singel spokke in wite dame.
nl.verhalenbank.38446
Twa feinten kamen fan Ljouwert. Ien dêrfan wie myn swager. Doe't se sahwat oan 'e molkfabryk fan Gytsjerk ta wienen, seagen se in faem op 'e fyts oankommen. Sy wie ljochtblau yn 'e klean en de beide maten seagen har sahwat tagelyk. Sy makken noch in grapke en de iene sei tsjin 'e oare: "Hwa fan ús beiden mat dy ha?" Mar doe't se sahwat oan har ta wienen,...
nl.verhalenbank.20063
Der leefde in man, dy forlear syn wiif. Hja hie in hiele protte klean fan har sels yn 'e kast. De man troude wer en sei tsjin it twadde wiif: "Jo kinne dy klean wol drage."
Doe seagen de bern har mem hyltyd wer kommen. Hja spoeke en roan nei de kast ta. Dat gebeurde wit hoe faek. Allinne de bern seagen it en sy fortelden it oan har heit. Mar dy woe 't net...
nl.verhalenbank.19663
Wy ha in broerke forlern. Der wenne in âlde frou tichte by ús yn 't earmhûs. Dy sei fan tofoaren al: "Hjir komt gau in deaden, hwant ús houn spûkgûlt iderkear."
nl.verhalenbank.22852
Yn Den Andel wie ek in spûkskuorre. De minsken dy't op dy pleats wennen, woarden sa binaud, dat se der wei gong binne. Der stienen allegear beammen om dy plaets hinne. Guon ha dêr wol in frommes foar it glês stean sjoen mei in holle sa wyt as kryt, en 't hier der sleau om hinne.
nl.verhalenbank.16534
Tusken 't Bomkleaster en Readskuorre lizze allegear plankjes tusken de stikken lân. Dêr doogde it lang net. Dêr koe eins net ien lâns gean of hy bileefde hwat. Dêr spoeke in frommes, dat moest frij paed ha.
nl.verhalenbank.19477
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema wie in frou stoarn. Dy hie in bierkleed omkrige yn 'e kiste, dat hie to lang west.
Doe koe dat minske de rêst net fine. En doe kom se elke joun by de famylje en dan rôp se: "To lang! To lang!"
Doe ha dy lju doomny ophelle en dy hat har oansprutsen. Doe sei se, har bierkleed wie to lang, dêr moest in stik ôf.
Doe is dêr in...
nl.verhalenbank.22968
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte.
Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Heit hat us in kear nei de Sânbulten to praten west. Om ien ûre yn 'e nacht gong er werom nei de Westerein ta. Op Sânbulten moest er oer 't spoar en sa kom er troch Sweagerbosk. 't Wie blêdstil en moai sacht waer. Der wie neat dat him forroerde.
Doe seach heit dêr yn Sweagerbosk ynienen fiif froulju stean, allegear mei in puntmûtse op en lange wite rokken...
nl.verhalenbank.16510