Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Stiensgea wennen twa bruorren, dy buorken togearre. Op in kear moesten dy beiden nei Surhuzum ta to melken. Dêr hienen se it fé rinnen. Sy wennen achter de Bosk. 't Wie doe noch in sânpaed, nou is it in forhurde wei. Hja sieten togearre op 'e wein.
Doe sweefde der samar ynienen in frommeske njonken har lâns. Sy sei neat en bleau de beide bruorren...
nl.verhalenbank.32720
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn.
Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen.
Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737
Op it slot en it loantsje en de kamp yn Stiensgea spoeke frou Wikel.
Saekje mei de kape tsjoende ek yn Stiensgea.
nl.verhalenbank.23646
By de Bosk yn Stiensgea spoeken wite froulju. Guon ha se wol sjoen. Dan naeiden se hurd út.
nl.verhalenbank.27656
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie.
Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs.
Doe...
nl.verhalenbank.32714
By de dikke ikene beam oan 'e Rydwei to Harkema spûken froeger altyd in frou en in hear. De frou hie in wite polkemûtse op 'e holle. Dat matte de froegere eigners west ha fan al dy stikken lân dêr. Dêr hâldden hja it tasicht noch op.
nl.verhalenbank.36795
Doe't ik noch forkearing hie mei myn wiif, dy't op Blaufallaet wenne, roannen wy togearre us fan Blaufallaet nei Surhuzum. Underweis sei ik tsjin in frommes "navend". 't Wie sahwat healwei achten op 'e joun.
Myn wiif sei: "Tsjin hwa seistû dêr navend?"
Ik sei: "Mast mar us omsjen."
Hja seach om en doe seach se it ek. Skeef achter ús wie in frommes. Dy hie...
nl.verhalenbank.23751
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten.
In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e...
nl.verhalenbank.33620