Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Narrator Gender: male Place of Narration: Oranjewoud
Yn Jobbegea haw ik in frou kend, dy gong nachts út bêd wei. Dan mòest se hwat sjen.
nl.verhalenbank.28267
In famke fan myn suster hat ek bitsjoend west. It bern wie al in moai skoftsje siik. Sy hienen de dokter fan 'e Gordyk der by, dy sei: "It bern hat it oan 'e yngewanten." Mar hwat hy der ek oan die, it joech neat. Der hie alris in kear in frou by harren west, sûnt wie 't bern noait goed west. It bern gong achterút as stof yn 'e sinne. Op 't lêst sei myn...
nl.verhalenbank.28270
Us mem hat yn Jobbegea fan tofoaren in hûs yn 'e brân stean sjoen, dat in skoftsje letter echt opbrând is.
nl.verhalenbank.28360
Sa gebeurde 't ek us op in snein-to-middei. Ik en 'e frou wienen togearre thús. Doe seagen wy ien oankommen. Hy kom by de doar. Wy soenen de doar iependwaen en doe wie hy der net. Even letter - 't mei in goed kertier west ha - doe kòm er.
nl.verhalenbank.28359
Ik ha wol yn fodden handele. Op in kear wie myn frou allinne thús. Doe seach se my oankommen mei in sekfol fodden. Doe tocht se: "Hwat duorret dit lang foardat er by de doar is. Ik mei wolris even sjen." Hja nei de doar, dy't se iepen die en sjen. Mar ik wie der net. En doch hie se my klear sjoen. In healûre letter kom ik thús mei de fodden.
nl.verhalenbank.28358
As great-jonge ha 'k by in fouragehandler yn 't wurk west to Lippenhuzen. Dêr moest ik wolris moal bringe by in âld-minske. Sy seinen dat dat in tsjoenster wie. Myn baes sei: "Tink der om en yt dêr neat op." Doe krige ik op in kear in apel fan dat âld-minske. De baes hie my forteld, dy foroare yn in pod. Doe ha 'k dy apel ûnderweis fuortsmiten.
nl.verhalenbank.28416
Der wennen in man en in frou yn Jobbegea. De frou kom to forstjerren. Doe bleau dy man allinnich oer. Hy hie syn frou hwat biloofd, dat er dwaen soe, mar dat die er net. Hy hâldde him dus net oan syn bilofte. Doe kom dy frou werom. De man siet op it húske bûtendoar. Wylst kom de frou fóár him to stean. Sy sei tsjin him dat er net neikom wie hwat er...
nl.verhalenbank.28414
35