Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Narrator Gender: male Place of Narration: Leeuwarden
Jou my mar in mosterpot Der is ek noch in hiel oar ferhaal fan in hurdrider dy't om moster soe. Doe die it ek krekt foar itenstiid bliken, dat de moster op wie. Hy sei tsjin 'e frou: 'Jou my mar in mosterpot, ik sil noch gau efkes wat moster út 'e stêd helje'. 'Dan moatst al oanmeitsje', sei it minske,'want de ierappels binne sa goed as gear'. Miskien hat...
nl.verhalenbank.13032
Yn Feankleaster wie us in brulloft. Tichteby wenne ien dy koe kaertlizze. Dy kom dêr de nachts om to kaertlizzen. Myn broer Eabe wie der ek. Dy wenne by de boer op Lytsewâld achter in feart. Dy kaertlizter sei, Eabe soe forkearing ha mei in hiel swart frommes. Hy moest om by har to kommen, twa kear oer 't selde wetter hinne. Eabe tocht der letter net wer...
nl.verhalenbank.19394
Der stie ergens in dûmny op 'e preekstoel. Der soe kollekte hâlden wurde en de dûmny bifelle dy kollekte tige oan by de gemeente. Sy moesten dit kear djip yn 'e bûse taeste en mei mylde hân jaen. Syn wiif - dat wie pastoarske - siet ek ûnder 't gehoar. Sy hie goed achtslein op 'e wurden fan har man, dat hja die in briefke fan fiif en twintich goune yn 'e...
nl.verhalenbank.21569
Der kom ris in frommes by ús yn Twizelerheide, dat wie ek in tsjoenster. Hja hiet fan Auk. Dy bleau by ús to iten. Mar ynpleats fan dat it minske iet gong se hyltyd mar mei de leppel oer 't iten hinne. Doe sei mem tsjin har: "Hwat hat dat nou noadich?" Mar hja sei neat werom. Doe't se fuort soe lei ik gau allegear stikjes duveldrek ûnder 'e foardoar en ek...
nl.verhalenbank.33839
Wopke Brúnsma As Wopke Brúnsma nei in pasjint ta moast, dan stie er moarns yn 't bûthús ûnder in elektryske lampe en de krêft dy't út dy lampe kaam krige er yn him. En as er dan genôch hie, gong er earst nei tsjerke, nei de iere mis. Dêrnei gong hy der op út mei syn krúske en dan koe er de minsken better meitsje. Hy hat ris by myn broer yn Gaast west, dêr...
nl.verhalenbank.12995
Myn frou hie in suster, dat wie Sytske. Op in joun moest se mei fleis der op út, hwant skoanheit slachte wol. Sy moest de strjitwei lâns út Bûrum wei. Doe kom der har in greate houn opside, dy wie roetswart. Hy kom deun tsjin har oan en wykte net by har wei. It wie in pleachbeest. Sy trille as in blêd, doe't se thús kom.
nl.verhalenbank.19387
Heit en seun Om túelve, trettienhúnderd hanne, hiene de monniken fan Klaarkamp op it eilaun in úthaf. Der wie bieurkeree1 by en der wene dan aik in bieur. Op in keer reizige dy bieur mooi in beest nooi de fastewaal—dat kúe da nach ronende, op blaite fotten—om it dier to fekaipjen. Hy wie op 'e wieromreis en da seich2 er, dat it hele bieurespil yn 'e braun...
nl.verhalenbank.12987
Myn frou komt fan Bûrum. Sy hienen dêr in âlde buorfrou, dy hiet fan Roelfke. Dy wie mei de helm geboaren. Op in joun, doe wie myn frou noch in famke, doe kloppe Roelfke by harren op it rút. "Der komt in lykstaesje oan", sei se. Doe gongen se nei bûten ta en doe seagen se de lykstaesje. In dei of hwat letter stoar der in jonkje fan in boer. Doe seagen se...
nl.verhalenbank.19384
Yn 't West fan Bûtenpost wenne in frou, dy wie bitsjoend. Doe seagen se de kessens fan 'e bêdden fan har nei, doe kommen dêr in stik twa, trije krânsen út. Hja makken alles ticht yn 'e hûs. Doe binne se hinnegien, se ha dy krânsen yn in bakje lein. Dat bakje ha se hielendal ticht makke. Doe ha se dat bakje yn 'e kachel smiten en opbarnd. It minske har man...
nl.verhalenbank.33836
Myn wiif hat èk bitsjoend west. Dy hat sawntjin wiken op bêd tahâlden. Jelle Wigerske út 'e Westerein wie de tsjoenster. Dy kom altyd mei lapkeguod bylâns (manufaktueren). Sa kom se ek wolris by myn wiif. Se hie myn wiif op 't lêst sa bot yn har klauwen dat de hannen stienen har krûm. Dêr koe se neat mear mei dwaen. Se koe net iens mear it iten nei de...
nl.verhalenbank.33845
Myn mem is deatsjoend troch in man. Wy sieten dêr yn Twizelerheide ûnder 'e tsjoensters. Doe't ús mem siik wie hienen wy earst net yn 'e rekken dat se bitsjoend wie. Sadwaende krige se dêr gjin guod foar. Hienen wy mar duveldrek brûkt, dan binne de tsjoensters de kracht kwyt. Ik haw noch foar har nei Wopke Minke, nei Kûkherne ta west, mar doe wie se al...
nl.verhalenbank.33844
Jabik Ingberts Us pake fertelde dit ferhaal fan Jabik Ingberts, de masterdief, mar it soe fansels ek wol fan in oarenien ferteld wurde kinne. Jabik rûn in kear troch de stêd, troch Ljouwert, en doe kaam er in moaie winkel foarby mei o sokke djoere damesjurken. Dat wie oan 'e iene kant fan 'e yngong, en oan'e oare kant wie goud en sulverguod te keap,...
nl.verhalenbank.13038
Ik sette ris in krús njonken myn hûs. Dat die 'k mei de klomp. Ik wist dat dêr in tsjoenster lânskomme moest. Even letter kom se dêr lâns. Mar doe't se der oan ta wie koe se der net oer. Hja gong troch de sleat. Ik ha 't sels sjoen.
nl.verhalenbank.33841
Stammerige Harm wie ek sa'n tsjoenster. Syn wiif ek. Harm hie in wikseldaelder, dy hied er fan 'e duvel. Dêrtroch hied er altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.33842
35