Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Anne Feddema (^) fortelde: Ik wie us yn 'e nacht bûten ('t Wie yn Broek). Doe kaem der in juffer oan. Ik bleau stean om to sjen. Doe wie se samar ynienen wei.
nl.verhalenbank.18188
Myn frou en ik wienen op in snein-to-joun nei har heit en dy ta. De suster fan myn frou har twadde mem lei dêr siik op bêd. Dêr wie in fremde kat yn 'e hûs. Poeke, poeke, sei myn frou har twadde mem, mar de kat forroerde him net. Dy bleau sitten dêr't er siet. Doe jage ik dy kat fuort. Dy kat, dat wie de tsjoenster. Dy hie it sike minske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30374
Myn frou hat op ljochtskyndei op 'e Boppewei in lykstaesje sjoen. It wie in spûkbigraffenis. Letter gyng dêr in echte lykstaesje lâns. 't Wie foargedrús.
nl.verhalenbank.30388
Der wie in rover dy kaem yn in herberch. Hy wie yn frouljusklean. Hy woe dêr dy nachts de boel plunderje. Mar 't kastleinske krige achterdocht. Hja tocht: dat kin wolris in keardel wêze. Doe smiet se him in apel ta. Doe smiet dy rover ûnder 't heinen de knibbels nei elkoar ta. Doe wie 't útmakke dat it net in frommes wie, en sa koenen se har maetregels...
nl.verhalenbank.30415
Hjir hat froeger yn Broeksterwâlde in frou wenne, dat wie in tsjoenster. Dy hat forskeidene bern bitsjoend. It wie sa slim, as hja de ruften op 'e line seach, dan koe hja 't bern al bitsjoene.
Meastal gongen se nei Wopke fan Kûkherne, as der in bern bitsjoend wie. Wopke joech in drankje mei.
Hy joech de minsken de rie in krytstreek yn 'e foarm fan in krús...
nl.verhalenbank.30372
Froeger waerd der altyd sein: Traepje net op in pod, hwant dan komt der tonger.
Hjir wenne in minske, dat hie altyd lêst fan racheljen. Doe joegen se har to rieden, hja moest in levende pod op it boarst ha.
As bern hwat fan in tsjoenster opite, krije se in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.30402
Dy't froeger in doek om 'e holle hie, dat wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.19898
Anne Feddema syn âlden wienen op in joun to kofjedrinken nei oaren. Anne wie doe noch in jonge. Twa susters en in broer kommen dy jouns by Anne en de oare bern to húswarjen. Sy wienen der noch mar krekt as doe sei ien fan 'e twa susters: "Hark, jimme hoanne kraeit."
"Wy ha gjin hoanne", sei Anne.
Doe gongen se mei elkoar mei in lyts lantearntsje nei de...
nl.verhalenbank.19894
As op it hiem de eksters skatteren, dan stoar twa of trije dagen letter dêr de man of de frou.
nl.verhalenbank.18196
Wy gongen froeger wol nei Grinslân ta to wjûden en to flaechsteppen. Op in kear wienen wy by in boer yn Uthuzermeden. Us mem wie der ek by.
Wy moesten sliepe yn in skuorre, dêr doochde it net. Dêr wie ris ien formoarde woarn yn dy skuorre.
Der wie in bipaeld plak, dêr koe net in minske lizze. Mem wist dat net, dy soe dêr lizzen gean, doe sei Karste Lamke...
nl.verhalenbank.30391
Oan dyselde wei - it Lange Ein - wie ris in fanke oan 't toarnbeisykjen. 't Wie in skoalbern. Doe kaem der in dame de oare kant de sleat lâns en doe sei dy dame yn 't Hollânsk: "Aan 't bramen-zoeken?"
Doe't it fanke seach, wie der neat. Hja hie allinne it lûd mar heard. 't Wie 't lûd fan in frommeske. 't Wie ûngefear dêr't de bakkerij stiet. 't Wie in spoek.
nl.verhalenbank.30385
Nachtmerjes binne froulju. Under ien fan sawn susters sit faek in nachtmerje.
Douwe Feddema (^) fortelde:
Wy soenen ús suster us ophelje. Doe seagen wy ûnderweis in swart hynder yn 't lân. Dat beest waerd sa bot troch in nachtmerje biriden, dat it wie wyt fan skûm. Doe't de nachtmerje ús seach, liet se 't hynder yn 'e steek.
Wy seagen dat se sweefde nei...
nl.verhalenbank.18187
It lang ein tusken Broeksterwâlde en de Falom wie tige birucht. Nergens dêr't it sa bot spûke as dêr.
Op in snein-to-joun, nei iten, kuijeren der in stik of hwat fan dy jonge bazen fan Broeksterwâlde nei de Falom. Hja kochten dêr yn 'e Falom hwat bier en doe gongen in stik of trije fan dy jongfeinten oan 'e kant fan 'e wei yn 't gjers lizzen to praten. 't...
nl.verhalenbank.30384