Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei.
"Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen.
Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in...
nl.verhalenbank.22161
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei.
"Moarn Tiet", seit er.
"Moarn Jan", seit se.
"Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk."
Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
Der wie us in reizger to Jistrum, dy moest us in skoft wachtsje op 'e wein dêr't er mei ride soe.
Om de tiid om to krijen gong er nei 't tsjerkhôf ta. Doe't er dêr hwat omkuijere, woarde er in deadsholle gewaer, dy siet noch heal yn 'e groun wei.
Hy nom him der út en doe seach er dat der in rustige spiker troch de skedel hinne boarre siet.
De reizger lei...
nl.verhalenbank.20995
Peije wie myn styfheit. Dy syn mem is bitsjoend woarn troch in stikje tsiis. 't Minske is der fan wei rekke.
nl.verhalenbank.24439
Ik haw us op bisite west. Werom passearde ik it tsjerkhôf fan 'e Boelensloane. 't Wie al hast nacht. Doe spriek der ien fan it tsjerkhôf ta my: "Hier zal uw rustplaats zijn, maar ach, wasnneer?" Dat hat ien fan 'e deaden west, dy't dat sei. Doe moesten wy letter noch nei Limburch ta. Mar wy bin hjir letter wol wer kom."
nl.verhalenbank.24438
Myn man hat murdefanger west. Op in kear wie Piter de Graaf mei myn man to murdejeijen. Sy wienen yn 'e Kompenije op in âld reedtsje. Doe sei Piter tsjin myn man: "Wolst even oan kant gean?"
"Hwerom mat ik oan kant?" sei myn man.
"Gean even oan kant," sei Piter, "hwant der komt in lykstaesje oan."
"Och, rin hinne", sei myn man. Mar hy wie even mei Piter...
nl.verhalenbank.24425
In swarte spegel hienen se froeger op 'e merk yn in tintsje. Der wie ris in keppel manlju meielkoar yn sa'n tinte en doe kom der in keardel mei de kop ta de kiste út.
Ien fan 'e manlju dy't der by stie stuts him de gek oan. Doe sei dy keardel yn 'e kiste tsjin him: "Meitsje dû mar datst thús komst mei dyn stoater (= 12_ cent) yn 'e bûse en bihandelje dyn...
nl.verhalenbank.24431
Boardzer Bruining syn suster Feik fortelde my ris, hja hie ris as bern in stikje koeke krigen fan in minske dêr't se fan seinen dat dy tsjoene koe. Feik har mem hie har 't stikje koeke ûntkrigen en yn in kuorke lein. De oare moarns hie 't in pod west.
nl.verhalenbank.24426
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
nl.verhalenbank.27575
Us mem wie faem by in boer yn Greategast. Hja siet ris ûnder in koe to melken. Doe wie der in hiel lyts mantsje by har kom.
"Hwat dochstû hjir zo vroeg in de morgen?" hie se sein.
Doe wie dat mantsje ek samar wer wei west, krekt as wie 't yn 'e groun sonken.
nl.verhalenbank.24256
Us mem seach de dingen ek foarút. Hja hat ek de hiele bigraffenis fan myn soan fan tofoaren sjoen. Hja wie ek mei de helm geboaren. Myn suster ek. Myn pake ek. Twa neven en in nicht ek. 't Sit yn ús famylje.
nl.verhalenbank.24257
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje."
Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje."
De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253