Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Bûtenpost wienen in man en in frou út to jounpraten.
De dochter hie twa froulju by har to jounpraten noege. Sy dienen it dy jouns hiel mâl en seinen rare dingen.
Se wedden der om hwa't it dy jouns it raerst opsizze koe. De jouns let gongen de fammen fuort. Doe wie der har in pleachbeest op side kom, 't like in hiele dikke swarte houn. Earst bleauwen...
nl.verhalenbank.27806
De boer en syn frou dy soenen togearre to praten.
Se hienen in papegaei. De frou sei tsjin 'e papegaei: "Tink der goed om, hwat der yn 'e hûs gebeurt."
De feint en de faem moesten hûswarje.
Doe't de boer en de frou fuort wienen, sei de faem tsjin 'e feint: "Sille wy 't hjoed us bêst ha?"
"Dat is my tige bêst," sei de feint, "my tinkt, dan moesten wy mar...
nl.verhalenbank.23055
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten.
In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e...
nl.verhalenbank.33620
Us beppe dy't yn 'e Harkema wenne gong jouns altyd itselde paedtsje del om molke to heljen.
Op in joun gong se dêr wer lâns. Mar doe woarde se ynienen samar fan 't paedtsje ôfset. En sy seach neat. In skoftsje letter gong se wer it paedtsje del. Mar doe woarde se nochris wer oan kant set, sûnder dat se hwat seach. Foar de trêdde kear gong se oer 't...
nl.verhalenbank.33621
Yn 't oast fan Stiensgea dêr sweefde in heal minske om dêr wienen de lju bang foar. 't Wie by in plaets en der wienen guon dy doarsten der jouns en nachts net lâns.
nl.verhalenbank.37301
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen.
Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737