Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jou my mar in mosterpot
Der is ek noch in hiel oar ferhaal fan in hurdrider dy't om moster soe. Doe die it ek krekt foar itenstiid bliken, dat de moster op wie. Hy sei tsjin 'e frou: 'Jou my mar in mosterpot, ik sil noch gau efkes wat moster út 'e stêd helje'. 'Dan moatst al oanmeitsje', sei it minske,'want de ierappels binne sa goed as gear'. Miskien hat...
nl.verhalenbank.13032
Yn Feankleaster wie us in brulloft. Tichteby wenne ien dy koe kaertlizze. Dy kom dêr de nachts om to kaertlizzen. Myn broer Eabe wie der ek. Dy wenne by de boer op Lytsewâld achter in feart.
Dy kaertlizter sei, Eabe soe forkearing ha mei in hiel swart frommes. Hy moest om by har to kommen, twa kear oer 't selde wetter hinne.
Eabe tocht der letter net wer...
nl.verhalenbank.19394
Der stie ergens in dûmny op 'e preekstoel.
Der soe kollekte hâlden wurde en de dûmny bifelle dy kollekte tige oan by de gemeente. Sy moesten dit kear djip yn 'e bûse taeste en mei mylde hân jaen.
Syn wiif - dat wie pastoarske - siet ek ûnder 't gehoar. Sy hie goed achtslein op 'e wurden fan har man, dat hja die in briefke fan fiif en twintich goune yn 'e...
nl.verhalenbank.21569
Der kom ris in frommes by ús yn Twizelerheide, dat wie ek in tsjoenster. Hja hiet fan Auk. Dy bleau by ús to iten. Mar ynpleats fan dat it minske iet gong se hyltyd mar mei de leppel oer 't iten hinne. Doe sei mem tsjin har:
"Hwat hat dat nou noadich?"
Mar hja sei neat werom.
Doe't se fuort soe lei ik gau allegear stikjes duveldrek ûnder 'e foardoar en ek...
nl.verhalenbank.33839
De Man en syn basis
'Och, dy Langesleatter man. Allinne de Langesleat, dêr op nei Earnewâld. En dy sydsleatten dy't allegear op Warten útkamen. Beppe sei, dan wie er op 'e iene ein fan 'e Langesleat en dan op 'e oare ein. Se koenen eins noait sizze, dat spoek slacht op dy kant om—no wie er op 'e iene kant en dan op 'e oare kant. Hy koe ek sa mar oer 't...
nl.verhalenbank.13653
Wopke Brúnsma
As Wopke Brúnsma nei in pasjint ta moast, dan stie er moarns yn 't bûthús ûnder in elektryske lampe en de krêft dy't út dy lampe kaam krige er yn him. En as er dan genôch hie, gong er earst nei tsjerke, nei de iere mis. Dêrnei gong hy der op út mei syn krúske en dan koe er de minsken better meitsje.
Hy hat ris by myn broer yn Gaast west, dêr...
nl.verhalenbank.12995
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert.
Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
It spoek makket mear slachtoffers
'Dan ha jo dy faam, dy't de duvel efternei rûn of teminsten de Langesleatter man, omdat se sjen woe, wat der wie. Har heit, dy skipper, wie nei Earnewâld of nei Warten en doe waard der iderkearen op it rutsje tikke. Doe soe se sjen, wat der wie. De iene seit, de planke wie ôflutsen en de oare seit, sy is by de planke del...
nl.verhalenbank.13669
Myn frou hie in suster, dat wie Sytske. Op in joun moest se mei fleis der op út, hwant skoanheit slachte wol. Sy moest de strjitwei lâns út Bûrum wei. Doe kom der har in greate houn opside, dy wie roetswart. Hy kom deun tsjin har oan en wykte net by har wei. It wie in pleachbeest. Sy trille as in blêd, doe't se thús kom.
nl.verhalenbank.19387
Heit en seun
Om túelve, trettienhúnderd hanne, hiene de monniken fan Klaarkamp op it eilaun in úthaf. Der wie bieurkeree1 by en der wene dan aik in bieur.
Op in keer reizige dy bieur mooi in beest nooi de fastewaal—dat kúe da nach ronende, op blaite fotten—om it dier to fekaipjen. Hy wie op 'e wieromreis en da seich2 er, dat it hele bieurespil yn 'e braun...
nl.verhalenbank.12987
De smid en de skat by Earnewâld
Hy hat dêr earne in skat begraven
Mei list en skelmerije wûn,
En as de ûlen en de raven
Dwaalt hy dêr mannich nachten rûn.
Eeltsje Halbertsma
'By Earnewâld moat noch in skat begroeven sitte, mar wêr presys wit ik net. Beppe sei altyd, te Earnewâld wie in hiele grutte skat en dy leit net yn 't Wide op, mar dan moasten se...
nl.verhalenbank.13656
Myn frou komt fan Bûrum. Sy hienen dêr in âlde buorfrou, dy hiet fan Roelfke. Dy wie mei de helm geboaren. Op in joun, doe wie myn frou noch in famke, doe kloppe Roelfke by harren op it rút. "Der komt in lykstaesje oan", sei se. Doe gongen se nei bûten ta en doe seagen se de lykstaesje. In dei of hwat letter stoar der in jonkje fan in boer. Doe seagen se...
nl.verhalenbank.19384
Blaujakje
It Spoekersset dat is it ferhaal fan dy man dy't foar de twadde kear troude. Sjoch, dat wiif mei it blauwe jak, dat spoeket dêr altyd om, fan 'e Tútse ôf oan Grou ta. Dat komt, sy hat dat bern fermoarde.
De man sil wol in fisker west ha, want dêr wie altyd in fiskerij; dat Spoekersset wie by âlds in tichtset. Dat wie sa op 'e Tútse, letter is...
nl.verhalenbank.12168
De smid spoeket om oare misdieden
'Dan wienen der ek wer ferhalen, dat dy smid gedoente mei in faam ha woe en dat hja net woe of dat se net mocht. Doe hat er op in tsjustere jûn wraak nommen troch har der út te lokjen en yn 'e feart falle te litten. En sa is se ferdrouken'.
Dat wie dan in skippersdochter. En no ha ik foar in skoftke heard, fan in frou...
nl.verhalenbank.13661
Yn 't West fan Bûtenpost wenne in frou, dy wie bitsjoend. Doe seagen se de kessens fan 'e bêdden fan har nei, doe kommen dêr in stik twa, trije krânsen út. Hja makken alles ticht yn 'e hûs. Doe binne se hinnegien, se ha dy krânsen yn in bakje lein. Dat bakje ha se hielendal ticht makke.
Doe ha se dat bakje yn 'e kachel smiten en opbarnd.
It minske har man...
nl.verhalenbank.33836
De smid spoeket om oare misdieden
'Dy smid koe sa min mei de frou. Oft dat no fan syn frou kaam of fan himsels, dat wit ik net, mar yn alle gefal, se akkordearren net. Se seinen altyd, dat sy wie ek in heak. Se wienen altyd slaande deilis. Beppe frege har dan ek wol ris ôf: Soe dat ek om dy skat west hawwe? Dat de iene de oare it jild fergunde?
Men soe...
nl.verhalenbank.13662
Myn wiif hat èk bitsjoend west. Dy hat sawntjin wiken op bêd tahâlden. Jelle Wigerske út 'e Westerein wie de tsjoenster. Dy kom altyd mei lapkeguod bylâns (manufaktueren). Sa kom se ek wolris by myn wiif.
Se hie myn wiif op 't lêst sa bot yn har klauwen dat de hannen stienen har krûm. Dêr koe se neat mear mei dwaen. Se koe net iens mear it iten nei de...
nl.verhalenbank.33845
Myn mem is deatsjoend troch in man. Wy sieten dêr yn Twizelerheide ûnder 'e tsjoensters. Doe't ús mem siik wie hienen wy earst net yn 'e rekken dat se bitsjoend wie. Sadwaende krige se dêr gjin guod foar. Hienen wy mar duveldrek brûkt, dan binne de tsjoensters de kracht kwyt. Ik haw noch foar har nei Wopke Minke, nei Kûkherne ta west, mar doe wie se al...
nl.verhalenbank.33844
Jabik Ingberts
Us pake fertelde dit ferhaal fan Jabik Ingberts, de masterdief, mar it soe fansels ek wol fan in oarenien ferteld wurde kinne. Jabik rûn in kear troch de stêd, troch Ljouwert, en doe kaam er in moaie winkel foarby mei o sokke djoere damesjurken. Dat wie oan 'e iene kant fan 'e yngong, en oan'e oare kant wie goud en sulverguod te keap,...
nl.verhalenbank.13038
Ik sette ris in krús njonken myn hûs. Dat die 'k mei de klomp. Ik wist dat dêr in tsjoenster lânskomme moest.
Even letter kom se dêr lâns. Mar doe't se der oan ta wie koe se der net oer. Hja gong troch de sleat. Ik ha 't sels sjoen.
nl.verhalenbank.33841