Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us heit en dy syn âlden wennen yn 'e Haulerwyk. Nou heart dat by Waskemeer.
Doe't ús heit in jonkje wie, hat er bitsjoend west. Beppe hie in buorwiif yn 'e rekken, hwant dy gong der foar, dat se wol omgong hie mei de kweade.
In tsjoenster mat ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene foar satan.
Mar beppe woe earst wissichheit ha foardat se it buorwiif...
nl.verhalenbank.21053
In neef fan my en syn faem en ik mei myn feint ha ris mei ús fjouweren nei de wiersizter ta west. Dy wenne to Ljouwert, achter oan 'e Nijstêd.
Wy hienen bisluten it minske to grazen to nimmen. Myn neef gong njonken my sitten en myn feint by de faem fan myn neef.
Mar it earste dat it minske sei, wie: "Jimme hearre sa net to sitten. Jo hearre dêr by en jo...
nl.verhalenbank.21045
Myn suster is nou tolve jier wei. Sy wie frijgesel en tsjinne yn Amsterdam. Op in kear hie se nei in freondinne ta op bisite west. 't Wie op 'e joun. Hja roan werom lâns de Hearegracht. 't Wie dêr stil. Doe kaem der ynienen in keardel fan achteren oan en dy kaem har op side. Sy koe syn fuotten net sjen. 't Wie krekt as sweefde er.
Hy sei tsjin har:...
nl.verhalenbank.21051
Yn 'e Fochtel gebeurde it dat de doomny ûnforwacht by twa minsken op bisite kom. Hja hienen krekt it miel bihimmele. Doe't it wiif him oankommen seach, sei se tsjin har man: "Hjir hast gau de bibel." Hwant de doomny moest tinke, dat hja frome lju wienen.
Mar de man koe net lêze en hie de bibel mei de letters omkeard op 'e knibbels lizzen.
't Minske sei,...
nl.verhalenbank.20997
Der wenne in timmerman yn Bakkefean, dy krige beammen thús. It wienen grouwe beammen dy't sage wurde moasten. Hja moasten fan 'e mâllejan ôf helle wurde. Mar omt dat tige op 'e lea oankaem, hied er Ynse der by helle. Dy rette it kerwei allinne op.
"Hwer moatte se lizze?" frege Ynse.
"Dêr mar", sei de timmerman.
Ynse lei sa in stik of fiif grouwe...
nl.verhalenbank.20658
Der wie in skipper dy seach by de Potmarge altyd in neaken berntsje, dat by him by 't roer opkaem. It wie dúdlik dat it berntsje in winsk hie. Hy helle der in doomny by en doe sei it berntsje, de skipper moast nei de Wurdemerdyk tagean yn Ljouwert op dy en dy tiid. Dan soe dêr in dame rinne yn 't swart, dy't in pakje yn 'e hân droech. Dat pakje moast er...
nl.verhalenbank.21010
Gekke Jelke wenne yn 't Donkerbroekemerfjild.
Ik wie achttsjin jier âld en wy gongen us mei in pear fan ús maten dêr hinne. Hwant der waerd biweard, it doogde dêr net, en dêr woenen wy mear fan witte.
Wy gongen der foar de gleskes stean. Ut in readkoperen kofjetsjetteltsje geat Jelke kofje yn twa reaukes dy't op 'e tafel stienen. By 't ynjitten fan 't...
nl.verhalenbank.21011
Alde widdou Bergsma wenne op 'e Skieding. Hja hie dêr nachten lang timmerjen heard, mar yn werkelikheit wie der neat. Mar letter hat har swager Germ Bergsma dêr timmere. 't Kaem dus wol út.
nl.verhalenbank.20645
Jochum Dykstra wie net al to goed wiis. Syn mem sutele mei lapkes. Sy kaem ek wol us by ús.
Op in kear sei se: "Jochum hat in brân sjoen by Jehannes der Mooy, of dêr flak by.
Twa jier letter wie der brân yn in hûs by de brêge. It brânde hielendal ôf. Ik der hinne. Ik wie sahwat fyftsjin jier, tink. It wie it hûs fan Jehannes der Mooy, dat ôfbrânde.
nl.verhalenbank.20647
Wy wennen froeger achterút.
Ik wie sahwat in twintich jier âld. Ik seach de kant nei de brêge út.
"Mem," sei 'k, "dêr by de brêge stiet in hûs yn 'e brân."
Mar mem seach neat. Ik hie my omdraeid, doe't mem der oankaem, mar doe't ik wer seach, wie der neat mear fan de brân to bispeuren.
Presys twa jier letter rekke de plaets fan Jan de Boer troch de...
nl.verhalenbank.20646
Kobus Freeling wenne yn Haulerwyk. Op in kear kom er oansketten thús. Doetse en Frederik soenen him bang meitsje. Kobus hie syn wiif Bart by him. Hy moest oer in planke. It wie altyd in toer dêr oer to kommen, as men net to stevich op 'e skonken stie. En dat hie der dit kear wol oan. Hy die in koart gebedtsje en sei: "Och lieve Heer, laat mij der toch...
nl.verhalenbank.20999
De stiennen ûlebuorden.
Der wie in boer, dy wenne ergens boppe Ljouwert. Hy hie nei stêd ta west, nei de merk en wie nou op 'e weromreis. It wie min, stoarmachtich waer en de boer siet tige oer syn minne, âlde skuorre yn. Hy wie deabinaud, dat dy der oan gean soe.
Sa nou en dan suchte hy der oer.
Doe kaem der in menearke njonken him. Dy sei: "Hwat suchte...
nl.verhalenbank.21259
To Nijebrêge wenne Hinke Kaert, dat wie in bikend wiersizter. Myn broer en ik en noch ien ha der us mei ús trijen hinne west.
Myn broer wenne yn Dútslân. Ik soe der ek hinne foar de simmermaenden.
Ik gong it earst nei Hinke ta fan 'e trije.
Hinke telde de kaerten.
"Jo ha der ek al jong by west", sei se.
"Hoesa?" frege ik.
"Jo ha al yn 't bûtenlân west."...
nl.verhalenbank.20797
As der in tsjoenster yn 'e buert wenne, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Sy ha 't wol folle dien foar âlde Griet. Hja kaem us ergens yn Haulerwyk, doe hienen se dêr ek duveldrek ûnder 'e drompel dien. Doe koe hja der net yn komme. Sy stie dêr mar to draeijen en to meneuveljen foar de doar, mar sy koe net oer de drompel komme. Doe sei se op 't lêst:...
nl.verhalenbank.20795
Us jongste fanke wie alve jier âld. It wie sa'n skoalfanke. Wy leinen mei 't skip by Drachten, yn 'e Lange Wyk. Sy wie mei Jan, in jonkje fan skoalle ta gien en togearre wienen se oan 't hoepeljeijen.
Doe krigen dy beide bern dropkes fan in frou, fan Ale Bigge.
Doe't se thúskaem hie se smoarge hannen. Ik sei: "Hwat hast hawn?"
"Dropkes fan Ale Bigge", sei...
nl.verhalenbank.20800
As men hwat bilooft, dan mat men it ek folbringe. Oars komt sa'n ien dy't men hwat biloofd hat, nei syn dea torêch.
Myn pake oan heite kant wie Goaitsen van Wyk. Hja hienen it altyd och sa earm hawn. Op syn oanstean hienen se in kear in bigge kocht en dy fetmest. Dan soenen se de winters in fette baerch yn 'e skoarstien ha. Dat hienen se noch noait earder...
nl.verhalenbank.21049
Wy ha ris mei 't skip lein to Gytsjerk, by in brechje. Dêr moasten wy dongride foar in boer, dy wenne in eintsje it lân yn. 't Wie yn 'e maitiid. De feart lei ticht mei hwat iis. De hiele joune waerd der laden. Om alve ûre kaem myn man thús.
It skip lei mei 't iene tou oan in strykpeal fêst, mei 't oare oan in anker.
Wy gongen op bêd. Wy hienen noch net...
nl.verhalenbank.20801
Ymke Modder ( = Ymke de Jong) koe de minsken stean litte. Hy koe ek bûksprekke. (It teltsje fan 'e faem dy't ûnder 'e kou siet to melken. De kou seit: "Jow dy man hwat molke.")
nl.verhalenbank.20793
Wearwolven binne froulju dy't de broek oan ha.
nl.verhalenbank.21260
Wy leinen us op in kear by de âld skoalle to Waskemear. Myn man wie net thús. 't Woarde bêdtiid en ik seach út of hy der hast oankaem. Wylst ik bûten op 'e wâl stie, hearde ik yn 'e timmerwinkel hwat. 't Wienen de sirkelsagen dy't dêr gongen. Ik gong oer de brêge hinne, hwant ik woe 't better wite. Hoe koe dat nou, dat se by nacht noch oan 't wurk wienen...
nl.verhalenbank.20803