333 datasets found
Dutch Keywords: vrouw nacht
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
Heit en mem gongen folle to jounpraten. Dan kommen se let yn 'e nacht werom. Mem fortelde, op in kear hienen se wer to jounpraten west. Se wienen ûnderweis nei hûs ta, doe gong heit even by har wei. Doe wie der in pleachbeest by mem kom, mar dat roerde har net oan. Efkes letter wie 't wer by har wei gong.
nl.verhalenbank.33530
In nachtmerje wie in frou, dy't de lju nachts op bêd opsocht en har pleagde.
nl.verhalenbank.33256
In nachtmerje is in frommes. Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
Knjillis Det, dat wie myn muoike. Dy wie alle jounen oan 't kaerten. Mei de flesse drank op 'e tafel. Sy siet mei de manlju to kaerten, dan woarde it wol ien en twa ûre yn 'e nacht. Dat die se ek, foardat se bifalle moest. Mar dêr is se foar straft woarn. De bern, dy't se krige hienen allegear de spylkaerten op 't boarst. 'k Ha 't sels sjoen. As wienen se...
nl.verhalenbank.23938
Der wie in feint, dy hiet fan Steven. Hy wenne yn Houtigehage oan 'e 'Trije Roede'. Hy reizge ris nei Drachtster Merke ta en woe dêr forkearing ha mei in fanke, mar dat fanke woe net. Dy nachts kom dat fanke by him op bêd as in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15520
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen. It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Hier dichte bie t scheepswaarf is ais n moal aine vermoord. Nou zee mien moeke, dat de geest van dat mens door s nachts tussen 12 en 1 uur rond spookde; as ik om dei tied er langs mos, den was k toch wel zo schitnd-benauwd. Stel joe veur, dat zo was. Zai zee dr nog bie, dat t bloud den ook opspatte van dei vermoorde vrouw.
nl.verhalenbank.44586
Sint van der Veen wenne yn 'e Westerein, yn in âld houten keet. Alle jounen gong it dêr yn dy keet op in kaertspyljen. Dan wienen syn maten by him en it wie altyd wit hoe let yn 'e nacht foardat se ophâldden. It gong dêr sa bot op in sûpen en in flokken en in mâltjirgjen dat it wie in griis. Sint syn wiif lei dan al op bêd, mar it wie har o sa bot yn 'e...
nl.verhalenbank.19656
Beppe spoun, mar as hja de snare net fan it spinwiel ôf die, dan spoun it yn 'e nacht troch. It spinwiele woarde dus útspand.
nl.verhalenbank.23642
De soldaet fan it Barrahûs. Der wienen in boer en boerinne, dy wennen op it Barrahûs. Op in joun kom dêr in soldaet op in hynder, dy woe graech ynkertiering ha. Hy mocht binnenkomme. It hynder woarde op 'e stâl set. Even letter kom der in frommes by de doar. Dy frege ek of se dêr de nacht bliuwe koe. "Kom der mar yn", sei de boer. It frommes gong ek yn 't...
nl.verhalenbank.22776
Yn Jobbegea haw ik in frou kend, dy gong nachts út bêd wei. Dan mòest se hwat sjen.
nl.verhalenbank.28267
Een oude vrouw vertelde mij dat zij als kind door haar grootmoeder opzij werd getrokken met de woorden: 'Opzij, er komt een lijkstoet voorbij.' Een vader die met zijn zoontje over de weg liep, zei plotseling tegen de knaap: 'Zet je pet af, er komt een lijkstoet voorbij.' Terwijl de jongen er niets van zag. In Eersel zag een inwoner, 's nachts tussen...
nl.verhalenbank.49855
De nieuwsgierige aardmannetjes Ergens in het veen leefden aardmannetjes, die geen vrouwen hadden. Maar zo nu en dan hoorden ze dat aan een blote vrouw heel wat te bekijken viel, en op het laatst wilden ze er wel eens eentje zien. In de buurt woonde een turfsteker, die een knappe dochter had. Haar slaapkamer was op zolder en had een raam. De aardmannetjes...
nl.verhalenbank.9513
wie nam’n wa mangs ‘n stuk met, mè dan kneepie’m; mè in die daag, doe ging mien vare, wat mien vare was, dee ging èènkel maol oet met dee vrouwleu van de Preake-Roetgerink - dat was ‘n stuk of dree vrouwleu en doa hef mien vare wa es mangs vekearing methad, dat leut he zich wa bliek’n; he gung vroge gearn hen kuie, mè ook hen kaat’n. “Nô, zeg he, “Ik bin...
nl.verhalenbank.128373
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
Ik haw even yn it tehûs foar âlden fan dagen west yn Tsjummearum. Dêr wenne ien, dy fortelde my, de mem fan syn swager wie mei de helm geboaren. Op in kear hie hja yn 'e nacht in greate, swarte houn sjoen, dy koe se net wer kwyt wurde. Dy houn roan mei har oan hûs ta, stiif tsjin har oan. Neffens harren hie dat in pleachbeest west.
nl.verhalenbank.27746
It is nou sahwat twa, trije jier lyn. Ik lei mei 't wiif op bêd, dêr op dat bêdsté. Doe kamen der midden yn 'e nacht trije froulju ta 't hûs yn stappen. Griet sei: Ik sjoch se net. Ik sei: Ik sjoch se wòl. Sy kamen oan 'e koai ta. Ik seach se dúdlik, Griet seach neat. Doe gongen se werom, en even letter wienen se fuort. Dat is trije nachten achter elkoar...
nl.verhalenbank.16996
Gerke Veenstra wenne yn 'e Houtigehage. Op in kear wied er mei syn earste wiif to jounpraten nei Sjoerd en Gep, dy't èk yn 'e Houtigehage wennen. Gerke wie in man dy koe 't neat skele hwat er sei. Hy leaude oan God noch syn gebot en hy dreau oeral de spot mei. Dat gong dy jouns ek al wer sa. It praet gong oer spoekjen en oer de duvel en Gerke flokte der...
nl.verhalenbank.32834
35