Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Egbert Sint fan 'e Harkema hie in wikseldaelder.
Frijmitselders ek. Sy hearre allegear oan 'e duvel ta. En sy matte allegear guon deameitsje.
Tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.20229
Yn 'e Burgumerheide wenne in mantsje mei in hiel brike romp. Dyselde krige altyd jild fan 'e frijmitselders. Hy hie dan foar de nacht in lege ponge oan 'e doar hingjen. De oare moarns siet der jild yn. Hy hie him oan 'e frijmitselers forkocht, omt er sa'n raer bistek hie. Doe't er stoar hat de duvel him ophelle. Sy ha him doe útelkoar snien.
De...
nl.verhalenbank.20273
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. As se it gebou binnen komme, wurde se earst blyndoeke. Hja ha noait forlet fan jild. Sy sette mar in klomp foar de doar, dy is dan de oare moarns fol.
nl.verhalenbank.25641
Yn Snits wie in frijmitselderij. Om dêr lid fan to wurden moesten se God en Kristus forwinskje. En sy moesten oer in gleonhite plaet hinne rinne. Koenen se dat net, dan mochten se gjin lid wurde.
As se lid woarden, dan wienen se oan 'e duvel forkocht. As se forlet hienen fan jild, hoefden se mar op it bêdsdoarke to klopjen en sy krigen it. Mar sy mochten...
nl.verhalenbank.21195
Alle frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrfoar matte se trije kearen om it tsjerkhôf hinne rinne mei in siferse kat yn 'e sek by har en dan matte se trije kear achter elkoar roppe: "Wie koopt er die haas?"
Dan is der ien dy keapet dy kat foar in daelder. Dat is, leau 'k, in soarte fan ryksdaelder.
It is fansels de duvel dy't dat docht.
Dy wikseldaelder,...
nl.verhalenbank.20343