Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Vroeger waren ’r vrijmetselaars. En d’r ware twee groepe. Kwam je bé’j de rieke groep dan had je je kosje gekoch. Bé’j de twidde groep, de èrme, mos je werke. De lede van de werkgroep hadde ’n werkkamertje. Dor zate gin vensters ien. ’t Was er hardstikke duuster. En die lede krege kleine gouwe gereedschappe: ’n trufelke, ’n hamerke en ’n voegspieker. Da...
nl.verhalenbank.50250
Frijmitselders matte de dodenrit meitsje, en dat is net bêst.
As men yn sa'n klub sit mat men wol wite dat der om 'e sawn jier ien dea mat. Dêr wurdt om lotte.
nl.verhalenbank.22994
Frymitselders hawwe in forboun mei de duvel. Om de safolle jier mat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Jildgebrek ha se noait, dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.36711
Frijmetselers binne kûgelfrij. Hja hawwe altyd jild.
Der wie in man, dy wie ek frijmetseler. Dy moest jild brûke. Doe hong er in koer oan 'e hoannebalke, dy soe de duvel folsmite. Mar dy man hie sa goochum west, dy hie earst de boaijem ûnder 'e koer weislein. Doe bigoun de duvel to smiten. Der kaem in hiele bult jild oer de skuorre to lizzen en de koer...
nl.verhalenbank.30406
Frijmitselers wienen kûgelfrij. Hja hienen in forboun mei de duvel en hienen dêrtroch noait forlet fan jild. Dy't ienkear lid wie koe der net wer by wei. Om de safolle jier moast der ien fan har dea. Der woarde om lotte hwa't him formoardzje moest.
nl.verhalenbank.36115
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Hja ha har oan 'e duvel forkocht. As se gjin sinten mear ha hingje se foar de nacht in lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is dy dan fol jild.
nl.verhalenbank.36854
Frijmitselers binne lju, dy ha har oan 'e duvel forkocht. Is it jild op, dan hingje se in ponge op en de duvel soarget der foar dat dy wer fol rekket. Ienkear hat sa'n frijmitseler de duvel to fiter hawn. Doe hong er net in ponge op, mar in lears. En dêr hied er de soale ûnder wei snien. Doe't de duvel dêr dy nachts jild yn die, rekke dy lears noait fol,...
nl.verhalenbank.29815
Frijmitselders ha noait forlet fan sinten. Dy krije se fan 'e duvel. Mar dan is de siele nei de kelder. Dy't ienkear frijmitselder is mat it bliuwe. Wolle jo by de frijmitselers wei, dan wurde jo op de iene of oare wize fan kant makke.
nl.verhalenbank.25197
De frijmitselers ha gjin finsters yn 'e gebouwen, dêr't se yn by elkoar komme. Sy wurde der blyndoeke yn brocht en sy matte der ek wer blyndoeke út.
Sy wite noait mei hwa't se handele ha.
Fan sinten ha se noait forlet, de iene helpt de oare. En oars de duvel wol.
As jo ienkear frijmitseler binne matte jo it jou hiele leven bliuwe. Jo kinne der net wer by...
nl.verhalenbank.25434
Frijmitselders hâlde nou en dan in forgadering yn in gebou.
Sa't se der yn geane matte se der ek wer út, dus achterstofoar.
nl.verhalenbank.32612
Fan 'e frijmitselders mat der om de sawn jier ien dea. Fan 'e tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.19859
Der wennen frijmetselers yn Stadskanael en omkriten.
Dêr wienen dikke boeren ûnder. Frijmetselers matte om 'e sawn jier ien dea dwaen. Der wurdt om lotte hwa't dat dwaen mat. Gebeurt dat net dan mat dyselde sels stjerre.
Sy ha in forboun mei de kweade. Fan jild ha se noait forlet. Dat is skoan to sjen, hwant it binne allegear rike lju.
Dy't ienkear...
nl.verhalenbank.22207
In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen.
As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der...
nl.verhalenbank.24879
De frijmitselders hawwe in wûnderdaelder. Dêrtroch ha se altyd wol sinten om hannen. Men kin har ek net deasjitte; se binne kûgelfrij. Elk jier mat der ien dea. Der wurdt om lotte, hwa't dat wêze sil. Dokter van Stapelen fan Grou wie ek frijmitselder. Dy hat himsels forjown, doe't it lot him trof dat er stjerre moest. Dy't ienkear by de frijmitselers is...
nl.verhalenbank.31324
De vrijmetselarij, daar deed men hier wel vrij geheimzinnig over. [...] Ze hadden geheime tekens. En dat is waar. Dat heb ik onlangs nog op een website van hunzelf gelezen. Dus ik denk: hé, dat is dus echt waar. Om herkenning... Maar wat voor verhalen waren er? Juist dat men het niet wist. Rituelen, offeren, kinderen offeren, of baby's en dat soort...
nl.verhalenbank.43995
Minsken dy't kûgelfrij binne, dy wurde yn 'e oarloch net deasketten. Frijmetselers binne ek kûgelfrij.
Ek deselden, dy't mei de helm geboaren binne.
Guon wolle graech sa'n helm ha, hwant sa'n helm biskermt har tsjin gefaren. Se wurde net deasketten en op sé forgiet it skip net, dêr't sy op farre.
Frijmitselers krije jild fan 'e duvel. Sy ha noait...
nl.verhalenbank.24305
De frijmitselders ha yn Grins in hûs, dat is hielendal yn kleare turf opset. Se forkeapje har oan 'e duvel.
By har thús ha se in lears hingjen, dêr mist de soale út. Dêr smyt de duvel nou en dan jild troch.
Sy ha ek in wikseldaelder, om dy to krijen matte se trije kear om 'e tsjerke hinne rinne mei in swarte kat. Dan krije se fan 'e duvel in ryksdaelder....
nl.verhalenbank.25393
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele.
Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel.
Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Frijmitselders krigen altyd jild fan 'e duvel. Dêrtroch hienen se noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22699
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Hja hawwe in wikseldaelder. As se hielendal gjin sinten mear ha hingje se de lege jildpong jouns oan 'e doar. De oare moarns is er fol.
Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder dea.
nl.verhalenbank.36767