Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
De frijmetselers dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se jild foar yn 't plak. As it op is hingje se de lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is er wer fol.
nl.verhalenbank.33866
Frijmitselders sette har namme mei bloed wylst se achter dikke muorren sitte. Hja krije altyd jild. Sy ha in wikseldaelder. It opperwezen matte se ôfsweare en de duvel matte se oannimme.
nl.verhalenbank.19492
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Dy hie in wikseldaelder. Se seinen wol dat er frijmitselder wie. De frijmitselders binne forkocht oan 'e duvel. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, mat der by bliuwe. De duvel lit noait wer los hwat er yn 'e kloeren hat.
nl.verhalenbank.33681
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy wikseldaelder wie fan 'e duvel ôfkomstich.
nl.verhalenbank.25801
Op 'e Rydloane to Rottefalle wenne in man, dat wie Hindrik (en Janke), dat wie ek in frijmitseler. Mar dy wie de duvel to tûk. Dy soe fan 'e duvel in learsfol jild ha. Hy gong hinne en sette in lears op 'e nael fan 't hûs. Mar earst hie hy de soale der ûnder wei snien. En doe bigoun de duvel mei jild to smiten. De lears rekke net fol en Hindrik krige in...
nl.verhalenbank.33057
Piter Wouters wenne yn 'e Broek. 't Wie dêr allegearre jild by him. Hy wie frijmitselder. As er forlet fan jild hie, seinen se, hong er it ponkje oan 'e doar.
nl.verhalenbank.22006
Us heit fortelde, ien fan syn maten, in skipper lyk as heit, wie frijmitseler. Dy keardel wenne allinne op in skip en hy koe dwaen hwat er woe, noait forlet fan jild. Dêr soarge de duvel foar.
Op in kear, op in joun noadige hy in pear kamaraden by him op it skip. Dêr wie heit ek by. Der woarden nochal hwat buorrels dronken en hy sloech himsels ek net...
nl.verhalenbank.31287
Frijmitselers, dat binne minsken, dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.21095
Fan jild hie Jehannes noait forlet. Hy wie frijmitselder en hie in wikseldaelder, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.38275
Ritske Bottema wie ek frijmitselder. Dy hie in winkel yn 'e Westerein. In frijmitselder hat in kontrakt tekene mei de duvel. Om 'e trije jier timmerje se.
Se kinne noait wer by de frijmitselderij wei. Dan matte se der sels oan. Alde Piter Wouters mat in freeslik útein hawn ha. Yn ien ûre hat er mear útstien as in oar minske yn in hiel libben.
nl.verhalenbank.22007
As ien ûngelokkich is en dy hat in bult, dan kin er dy bult by syn leven forkeapje oan in frijmitselder. Sa'n man dêr rêdde dy frijmitselders mei, mar dan komt er net op it tsjerkhôf.
In frijmitselder hat in wikseldaelder. Hy kriget altyd de sinten wer dy't er útjowt.
Elkenien dy't him oan 'e duvel forkeapet, kriget in wikseldaelder. Dat jild komt altyd...
nl.verhalenbank.23457
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrtroch ha se noait gebrek oan sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket net op. Dy krije se fan 'e duvel. Dêr ha se in forboun mei sluten.
Ien dy't frijmitselder is, kin net wer in gewoan minske wurde.
As se der by wei wolle wurde se deamakke.
De gebouwen fan 'e frijmitselers sitte gjin glêzen yn.
Se jowe twa fingers...
nl.verhalenbank.33056
Der ha wol minsken west, dy forkochten har oan 'e duvel, dan hienen se altyd jild om hannen.
Der binne ek guon dy ha in wikseldaelder. Dy ha de frijmetselaren ek. Dêrtroch ha dy noait forlet fan jild. Dy binne èk oan 'e duvel forkocht. Om 'e sawn jier mat der ien dea. Sy lotsje der om hwa't dat is.
Oan 't Skutediep yn Grins ha se har gebou. Dêr sitte se...
nl.verhalenbank.26329
Frijmitselders ha de siele oan 'e duvel forkocht. Sy matte altyd timmerje. Om 'e sawn jier mat der ien fan dea.
Dy't der ienkear by is, kin der net wer by wei.
nl.verhalenbank.22129
Frijmitselders ha ek noait gebrek oan sinten. As se jild brûke matte, krije se 't ek. Sy krije in hammer en in beitel mei yn 'e kiste. As se ienkear frijmitselder binne kinne se der noait wer by wei komme.
nl.verhalenbank.22857
Frijmitselers ha in wikseldaelder. Dy krije se fan 'e duvel. Hy jowt him har by 't tsjuster op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.21341
Fan 'e frijmitselers moest der om 'e sawn jier ien dea.
Hja hienen har forkocht oan 'e duvel. Hja koenen der noait wer by wei. Yn Snits stiet sa'n gebou.
nl.verhalenbank.38016
Janne hiet it minske fan it folksloazjemint.
Alle omstippers krigen dêr ûnderdak. Mar sy moesten fantofoaren bitelje. Janne hie ek in âld man yn 'e kost. Dy koe net sa hurd ite.
Mar dêr koe Janne net op wachtsje. "O, bist noch net klear?" sei se. En al wie it board dan ek noch heal fol ierappels, dan kletste se de brij der by yn.
Op in kear kom Jan Kluwer...
nl.verhalenbank.16843
Om 'e sawn jier wurdt der ien de nekke omdraeid.
Der sitte gjin glêzen yn 'e gebouwen, dêr't se yn byelkoar komme.
Der wie ris in byienkomst fan frijmitselders yn Ljouwert. Dêr wie in net-frijmitselder stil by ynslûpt. Hy stie achter in gerdyn. Hy woe wite hwat der gebeure soe.
Doe sei ynienen ien út it selskip: "Der binne in pear egen to folle. Fuort...
nl.verhalenbank.11491
Vrouw Schuier op het Eiland kon ook teuveren. Ze ging altied met een paraplu op onder de hooiperse zitten. Ze woonde in een huisje op de Heilige Stede en daar haalde ze allerlei lelijke teuverkunsten uit. Daar kwamen vrijmetselaars op bezoek, mannen met een zwart kappien op en dan deden ze daar met menare allerlei flauwekul. De mensen waren bange om er...
nl.verhalenbank.43512