Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in man, dy wie by de frijmitselders. Mar syn frou sangere him hyltyd om 'e holle, sy woe him der by wei ha. De man krige op 't lêst syn nocht fan dat geseur en sei: "Dan matstû der sels mar hinne gean en my mar útskriuwe litte."
Doe gong dy frou nei 't frijmitseldersgebou ta.
Hja die har boadskip by de doar. Har man wie lid fan 'e frijmitselders,...
nl.verhalenbank.20458
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dy komt altyd wer.
nl.verhalenbank.21009
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se binne oan 'e duvel forkocht en hja kinne net wer út dy syn klauwen wei komme.
nl.verhalenbank.38192
Stammerige Harm roan altyd mei in sekje op 'e rêch. Dêr hied er guod yn dat er opskoaide. Hy seach der sútrich út en wenne yn in hiel âld klintsje. Hy koe tsjoene. Fan jild hie er noait forlet. Moest er jild brûke, dan hong er de lege ponge bûten oan 'e doar. De oare moarns wie dy fol jild. Hy hie ek in wikseldaelder.
Wy hienen hjir in winkelman, dat wie...
nl.verhalenbank.34623
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. As se forlet fan jild ha, klopje se even oan 'e doar. Dan stiet der wol ien klear mei jild.
Frijmitselers timmerje altyd oan har eigen hûs. Dat rekket noait klear.
nl.verhalenbank.36550
Achter Kollumersweach wenne in frou mei in dochter. Dy hienen in kostgonger en dy kostgonger dy wie frijmitselder. Hy hie in soad boeken, mar ien boek, dat burch er altyd goed op.
Mar op in kear, doe gong er nei Dokkum ta en doe liet er troch forsin datselde boek op 'e tafel lizze.
De frou en 'e dochter wienen tige nijsgjirrich nei dat boek. Mar earst...
nl.verhalenbank.20454
Fan 'e frijmitselders mat der om 'e sawn jier ien dea.
Yn Bûtenpost wenne dokter Dijkhuis. Dat wie ek in frijmitselder. Op in kear soed er de lantearne bûten opstekke, mar doe krige de duvel him. Wylst er mei de lantearne oan 'e gong wie, rekke er dea.
nl.verhalenbank.20455
Der wie ris in frou, dy har man wie frijmitselder. Sy woe har man dêr by wei ha. Dêrom gong se nei it gebou ta. Hja waerd der ynlitten en roan in gong troch en kaem yn in keammerke. Dêr die hja to witen hwat har bigear wie. Doe blyndoeken se har en dêrnei brochten se har fierder it gebou yn. Sy mocht neat sjen. Sy wist net, hwer't se lâns gong, mar sy hie...
nl.verhalenbank.11488
Yn Dokkum stie in gebou, dêr forgaderden de frijmitselders yn. Der moest yn dat gebou timmere wurde.
Doe tocht dy timmerman: "Ik wol us hwat mear fan dy saken hjir wite." En doe boarre hy in lyts gatsje yn 'e souder. Dêr koed er krekt mei syn iene eech troch sjen.
Doe't er dan in forgadering hâlden wurde soe, lei dy timmerman dêr op 'e souder op 'e loer....
nl.verhalenbank.20457
Myn man Ringer kom op 'e Jouwer by twa âlde minsken. It mantsje hie handel. Myn man kocht wol gauris hwat by him yn, dat er dan wer útsutele.
Hy fortelde us oan Ringer:
"Op in kear kom der in mynhear by my. Dy sei: - Jo koenen wol folle mear by de ein ha. Jo koenen de handel wol útwreidzje. - Ik sei: - Dêr haw ik gjin jild foar. -
- Kinst wol jild krije...
nl.verhalenbank.20456
Frijmitselders hawwe in forboun mei de duvel. Sy krije in wikseldaelder fan 'e duvel en ha dan noait mear gebrek oan jild.
nl.verhalenbank.23413
De frijmitselders krije jild fan 'e kweade op 'e Krúswei. Se ha noait forlet fan jild. Greate Sije (Hoekstra) hat ek noait forlet fan jild. Dat is in frijmitselder. Hy wennet op 'e Tike op 'e skieding. Hy hat in foech smoarch winkeltsje. Hy docht hwat er wol. Der wurdt sein, dat er in wikseldaelder hat.
nl.verhalenbank.11489
Fan 'e frijmitselders ha 'k ek wol us heard, dat se nou en dan in lears ophingje, dêr't de soale út mist. Dy lears hingje se ergens by har yn 'e hûs op. De duvel smyt der jild yn. Mar sa'n lears rekket fansels noait fol. Sa ha se de duvel dan tofiter.
nl.verhalenbank.21348
Begin twintigste eeuw deed het verhaal de ronde, dat er op bepaalde tijd een vrijmetselaar moest sterven. Had in het dorp iemand zelfmoord gepleegd, die misschien bij de loge behoorde, dan zou dit de reden kunnen zijn.
nl.verhalenbank.13305
Frijmetselders ha noait forlet fan jild. Der hat ien by ús yn 'e Falom wenne. Sy seinen, hy hie nachts in ponge bûten oan 'e kruk fan 'e doar hingjen. Dy wie dan de oare deis fol jild. Dat die de duvel.
Om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea.
Wie men ienkear by de frijmitselders dan koe men der net wer by wei. Sy binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.21599
Een meisje uit Anloo is in de oorlog getrouwd met haar achterneef (wiskundeleraar in Assen). Volgens de mensen in Anloo is haar broer uit Annen (bakker) later ook toegetreden. En deze broer is heel raar overleden. Op de avond voor Zuidlaarder markt is de bakker tussen Annen uit Zuidlaren pardoes onder een auto gelopen en was op slag dood. Naar aanleiding...
nl.verhalenbank.13310
Sy ha ek wol sein, dat frijmitselders altyd oan har eigen kiste timmerje.
nl.verhalenbank.21349
Stammerige Harm wie in tsjoenster. Se woenen him net by 't fé ha. Hwant dan waerd it siik. De bargen krigen forkearde bichjes. Harm hie noait forlet fan jild. Hy hie in wikseldaelder. Dêrfoar hied er him oan 'e duvel forkocht.
Wie it jild op dan hong er in lege ponge oan 'e doar.
Itselde dogge de frijmitselders.
nl.verhalenbank.33766
Frijmitselers ha harsels oan 'e duvel forkocht. Hjir wenne sa'n man, dat wie Anne Westra. Hy hie in wisseldaelder, dat wie in geskink fan 'e duvel. Hie er forlet fan jild, dan krige er altyd guon fan 'e duvel. Dy liet him noait yn 'e earmoed sitte.
't Gebeurde wol dat Anne oan 't kaertspyljen wie mei oaren yn 'e kroech. Dan gebeurde 't wolris dat er...
nl.verhalenbank.30086
De frijmetselders ha in gebou, dêr't de muorren hol fan binne, en dêr't lange turf tusken sit. Oan 'e ein fan it gebou is in rûmte, dy't fan 'e oare rûmte skaet is troch in great gerdyn. As ien kwea dien hat, dan mat er nei dy ein fan it gebou ta gean, achter it gerdyn. Dêr mat er bychte. Dêrnei wurdt er deastutsen sûnder dat er sjen kin, hwa't it docht,...
nl.verhalenbank.20147