Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: vrijmetselaar Place of Narration: Garyp
Frijmitselders matte de dodenrit meitsje, en dat is net bêst. As men yn sa'n klub sit mat men wol wite dat der om 'e sawn jier ien dea mat. Dêr wurdt om lotte.
nl.verhalenbank.22994
As der in frijmitselder stjert, wurdt er forkocht oan 'e duvel. Hy is by syn libben kûgelfrij. Om 'e sawn jier mat der ien dea.
nl.verhalenbank.17119
Lju dy't forlet fan jild ha geane by de frijmetselaars. Dan ha se noait wer forlet. Dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.23050
Frijmitselers, dat binne minsken, dy ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.21095
Frijmitselers ha in wikseldaelder. Dy krije se fan 'e duvel. Hy jowt him har by 't tsjuster op 't tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.21341
Ik haw in âld frou kend to Ljouwert, dat wie Aukje Procee. Se wenne yn 'e Amelânsstrjitte en hie handel yn fodden. Dat minske wie frijmitseler. Se joech jin noait de hiele hân mei 't fûstkjen. Se seinen dat se in wikseldaelder hie en noait krapte oan jild hie. Om 'e safolle jier moest der ien fan dy frijmitselerploech dea en sa is hja ek in kear oan 'e...
nl.verhalenbank.32127
Fan 'e frijmitselders ha 'k ek wol us heard, dat se nou en dan in lears ophingje, dêr't de soale út mist. Dy lears hingje se ergens by har yn 'e hûs op. De duvel smyt der jild yn. Mar sa'n lears rekket fansels noait fol. Sa ha se de duvel dan tofiter.
nl.verhalenbank.21348
Sy ha ek wol sein, dat frijmitselders altyd oan har eigen kiste timmerje.
nl.verhalenbank.21349
Dy't by de frijmitselers wol dy mat syn namme mei eigen bloed sette. Hy kin der noait wer by wei. Froeger hienen se to Ljouwert har loge ûnder 'e groun, achter de Harmonie. Se jowe mar twa fingers, as se fûstkje. Us heit sei: se winskje immen noait it folle gelok ta.
nl.verhalenbank.31529
1