Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn âlde beppe hie forkearing mei in feint. Op in joun roan se mei him op. 't Wie hjir yn Sweagerfean. 't Wie doe noch sânwei. Doe sei dy feint tsjin har: "Mast net kjel wurde as ik aenst even by dy wei bin."
Even letter woarde hy samar opnaem en doe't beppe seach, hied er oan 'e oare kant fan 'e sleat roan. Beppe waerd tige kjel. Sy is net mei him troud.
nl.verhalenbank.25838
Twa feinten kommen us fan 'e froulju. Sy wienen to foet. Yn 'e Koaten roan der in frommes foar har op. By Geart Boersma gong se de homeije yn, doe woarde se samar wei, as wie 't yn 'e groun.
nl.verhalenbank.15755
Der hat hjir yn 'e buert in man wenne, dy hie, doe't er noch feint wie, forkearing mei in faem. Dy faem, dat wie in tsjoenster. It gebeurde wol, as er by har siet, dat har stoel ynienen leech wie. Dan wie hja der op út to tsjoenen. Dan bleau se in ûre of ek wol langer wei. In skoft letter siet se der wer.
De feint hat it op 't lêst útmakke, hy woe net mei...
nl.verhalenbank.29819