Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: vracht Narrator Gender: male Place of Narration: Augustinusga
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út. Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Hjir yn Stiensgea hat in famyljelid fan him wenne. Dy wie by de boer yn 't wurk. Hy hiet ek fan Hearke. Dy wie ek wol sà sterk. Se laedden in kear hea op 'e wein. Doe sei de boer tsjin him: "Jo stekke àl hwat dikke stikken op. Tink om 'e sydljedder. Dy mat it hâlde, ik wol 't spul net stikken ha." "Ik sil der om tinke", sei Hearke. Mar doe wie 't al to...
nl.verhalenbank.27636
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster. Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Sterke Hearke wie bysûnder sterk. Hy hie in âld hynder, as dat it wurk net dwaen koe die er it sels. As it hynder de wein mei dong net út it skerngat lûke koe, luts hy it der sels út.
nl.verhalenbank.27655
Op in kear kom Jan Hepkes fan Dokkum mei tolvehûndert koefellen foar op 'e fyts. Der waeide in dikke oasterstoarm. Jan Hepkes stuts yn 'e 'Lêste Stuver' oan, mar doe't er wer op 'e fyts siet, koed er hast net yn 'e wyn opkomme. Doe tocht er: "Ik doch it ket fan 'e fyts, dan fytst it lichter." Dat died er, en jonge ja, dat holp. Hy wie samar thús.
nl.verhalenbank.20476
Sterke Hearke wie oan 't dongladen yn Bouwekleaster op 'e plaets. 't Wie itenstiid, mar de boer hie net sein: "Mannen, ophâlde, earst ite." Hearke laedde de wein fol stront yn 't skerngat. It wie sa'n fracht, dat net ien koe him der wei krije. Dêr wie 't Hearke om bigoun. Hy gong nei hûs ta. Hy tocht: se matte dochs op my wachtsje. En sa wie 't ek. Doe't...
nl.verhalenbank.36796
Ik bin fan '79. It hie mooglik west dat ik sterke Hearke noch kend hie (H. is stoarn yn '89), mar ik ha hjir altyd wenne en kom as jonge noait yn Droegeham. Mar de forhalen wienen hjir wol. Der mat him us in kear in man frege ha nei de wei. Doe wie Hearke krekt oan 't ploegjen. Doe hat er de ploege optild en dêr hied er de man it paed mei oanwiisd. Hy...
nl.verhalenbank.27980
35