Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is.
As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn.
Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr.
Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt."
Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Ik ha op in oavend noar Nynke west, mien dochter. Se woonde oan de Drachtster weg. Noast hoar stond noch in huus en doar noast woonde myn seun Sytse.
Toen ik doar sat kwam der ook in broer fan hoar man, in frijgesel. Wij soaten rustig to proatn.
Auke, die frijgesel goat fot en even loater goa ik ook fot.
Ik ging al gau noar bêdde. Ik droomde:
Ik droomde,...
nl.verhalenbank.27030
Hindrik Pikelhearring (= H. v.d. Molen) roan us mei in man op hjir yn 'e Pein. Underweis sei er tsjin dy man: "Mast even oan kant gean, der komt in lyk oan."
Dy oare die dat. In koart skoftsje dêrnei wie der in lyk.
Dy Hindrik Pikelhearring wie mei de helm geboaren, dy seach altyd lykstaesjes. (dy oare dat wie ús heit. Hy sei op syn Grinslâns: Moest even...
nl.verhalenbank.26919
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme.
Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert.
Hja wie mei de helm geboaren. hja...
nl.verhalenbank.32014
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
nl.verhalenbank.32015
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht.
Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik.
Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha."
De oare...
nl.verhalenbank.23132
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme.
Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.32017
Op Trimunt binne yn 'e oarloch in protte minsken delsketten troch de poepen.
Even fan tofoaren kom hjir in fint. 't Swit roan him yn straeltsjes by de holle del. Hy siet ûnder it swit en wie alhiel oerstjûr. Om mar by in hûs to kommen kom er by ús, hwant hy koe net mear.
Ik sei: "Hwat skeelt dy?"
Hy sei: "Der siet my iderkear in klute fjûr nei. Ik kom fan...
nl.verhalenbank.23133
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen.
Hy het dat fan te foren sien.
nl.verhalenbank.27326
Wylde lantearnens wienen hjir froeger in soad. Sokke lantearnens hienen in bitsjutting. Sy woarden hjir fral boppe de heide sjoen. It bitsjutte nije wegen en nije huzen seinen se.
nl.verhalenbank.23141
Frou van der Molen - hjir út 'e Pein - en har earste man wienen us op in joun fuort west to praten. 't Wie hjir achter yn 'e Juliana-buert. Sy wienen noch net troud. Doe stienen se ynienen yn 't ljocht. Sy wienen noch net oan hûs ta.
Doe't se thús kommen sei se tsjin har heit: "Hwerom ha jim de lampe sa heech brânnen?"
Doe sei har heit: "Wy ha de lampe...
nl.verhalenbank.25929
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie de man dy't geregeld lykstaesjes seach. Mar hy seach ek allegearre oare dingen foarút. Sa sei er, dat hy hie sjoen dat de tsjerke yn in bioskoop foroarje soe. Dat wie de tsjerke fan Luchtenveld.
Mar dat is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.38011
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen dat wienen de lettere wegen en huzen.
nl.verhalenbank.25719
Us mem siet by myn suster. Doe wie se al âld en minnichjes. Sy seach nei in plak op 'e flier en sei: "Tink der om, net op dy swarte lint traepje."
"Is dêr dan in swart lint?" frege myn suster.
"Ja," sei se, "sjoch, dat rint nei 't finster ta en dêr giet it by op."
Mar myn suster seach neat.
In wike letter siet mem yn 't sintsje bûtendoar. Doe hie se 't...
nl.verhalenbank.25709