Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Twizeler Mieden wenne froeger Gearte Wekke.
(Letter hat Jelke van der Valle yn dat hûs wenne)
Wekke seach bigraffenissen fan tofoaren. Sy moest der dan nachts út. Sy koe ûnmooglik lizzen bliuwe.
Soms moest se hiele einen fuort om to sjen. As se it dan sjoen hie dan sei se de oare deis soms: "Dy en dy stjert gau. Ik ha de bigraffenis sjoen. En ik haw...
nl.verhalenbank.22765
Yn 'e Burgumermar hawwe guon alris ien om 'help' roppen heard. 't Wie in frouljuslûd, fortelde heit. Letter is dêr op dat plak in frommeske fordronken.
nl.verhalenbank.37194
Eibert Veenstra syn heit wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost. Dy moest ek altyd nei bigraffenissen sjen. Hy moest der yn 'e nacht út. En dan mocht er net op 'e wei lâns gean, mar alhiel oan 'e kant.
nl.verhalenbank.22766
Lammert Smeding yn Twizel hie in dochter. Dat wie doe in fanke fan sahwat in jier of tolve. Sy gong nei skoalle ta, myn frou siet by har yn 'e klasse. Doe kom se op in kear yn skoalle, doe sei se: "Us mem giet fannacht ek dea. Ik ha der fannacht ôf west en doe ha 'k har yn 'e kiste lizzen sjoen." Myn frou hat it sels heard en 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.22767
Us heit seach op in kear it hûs brânnen fan Tsjibbe-om en Pytsje-muoi, dêr't nou Megiel en Aeltsje wenje, mar it brânde net.
Binnen hiel koarte tiid is 't opbrând.
nl.verhalenbank.24504
Dy't in helm hat, dy kin foarútsjen.
nl.verhalenbank.22831
Op 'e merken hienen se froeger tintsjes, dêr siet in swarte spegel yn. Dêr gong it jongfolk wol hinne, dan koenen se sjen mei hokker frou se letter trouwe soenen.
nl.verhalenbank.34504
Myn famke seach op in kear by Piter Vries - dy wenne oan 'e Skûlenburchsterwei de kleden ticht foar de glêzen.
It wie sa stil en sa deadsk allegear. Sy sei: "Dêr is hwat gebeurd." Twa dagen letter is der in famke fan Piter Vries troch in oanriding dea rekke. Doe kom se yn dyselde keamer to lizzen yn 'e kiste mei de kleden ticht, krekt sa't myn famke it...
nl.verhalenbank.22841
Myn man en ik soenen op in kear to praten. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Wy wennen yn Bûtenpost.
Doe't wy op stap soenen, sei 'k tsjin myn man: "Wy kinne better thús bliuwe, hwant it is my ynjown, dat dy en dy aenst komme sille."
Wy gongen fuort, mar de minsken dy't ik forwachte binne wol kom.
Ik sjoch soks wol mear. Dan wyt ik hwa't der komme sille.
nl.verhalenbank.22842
To Koatstertille hienen de Kamminga's froeger in mostermoune. Piter Kamminga syn pake hat ris de lykstaesje sjoen fan in man dy't doe noch yn leven wie. Hy koe de minsken samar opneame dy't achter it lyk oan roannen.
Koarte tiid dêrnei is dy man stoarn. Doe seach er deselde lykstaesje nochris wer.
nl.verhalenbank.33439
By 't Knjillisdjip seach ik us fuort by de Twizelerfeart in skip oankommen op it griene lân. 't Wie yn 'e nacht. Ik wenne dêr doe. 't Oare jiers woarde dêr in feart groeven en koart dêrnei farden de skippers der. Wy ha der sels ek fard.
nl.verhalenbank.22751
Tichte by Sânbulten wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. It wie in âld man, dy hie dêr in krús mei.
As der in sterfgefal op til wie dan krige hy dêr op de ien of oare geheimsinnige wize tynge fan. Hy wist it altyd krekt as der in bigraffenis komme soe. Dy seach er fantofoaren. Dan moest er út it bêd wei, as er woe of net en hy moest dy bigraffenis...
nl.verhalenbank.34497
Ik wie us op in joun, mei in keppeltsje jongfolk by de Hamster feart. Doe seagen wy allegear dat der in skip oanfarren kom. It iene ein wie feart, 't oare ein wie lân. It skip gong it lân yn. Wy seagen it ljocht oer it lân gean. Letter ha se de feart troch groeven.
nl.verhalenbank.22752
Oant dizkant de grifformearde pasterije stie in hûs, (yn Jistrum), dêr hat Sake Jagersma yn wenne.
Fan 'e oare kant ôf seagen guon dat it hûs yn 'e brân stie. Mar dat wie sa net. It wie foartjirmerij. In skoftsje letter brânde it op. De lju dy't der doe yn wennen binne nei Burgum tagong to wenjen.
nl.verhalenbank.22829