Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: voorzien Narrator Gender: male Place of Narration: Opende
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Hindrik Pikelhearring (= H. v.d. Molen) roan us mei in man op hjir yn 'e Pein. Underweis sei er tsjin dy man: "Mast even oan kant gean, der komt in lyk oan." Dy oare die dat. In koart skoftsje dêrnei wie der in lyk. Dy Hindrik Pikelhearring wie mei de helm geboaren, dy seach altyd lykstaesjes. (dy oare dat wie ús heit. Hy sei op syn Grinslâns: Moest even...
nl.verhalenbank.26919
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen. Hy het dat fan te foren sien.
nl.verhalenbank.27326
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen dat wienen de lettere wegen en huzen.
nl.verhalenbank.25719
Us mem siet by myn suster. Doe wie se al âld en minnichjes. Sy seach nei in plak op 'e flier en sei: "Tink der om, net op dy swarte lint traepje." "Is dêr dan in swart lint?" frege myn suster. "Ja," sei se, "sjoch, dat rint nei 't finster ta en dêr giet it by op." Mar myn suster seach neat. In wike letter siet mem yn 't sintsje bûtendoar. Doe hie se 't...
nl.verhalenbank.25709
Geart Zijlstra wenne oan 'e Fryske dyk ûnder Greategast tusken de Mieden en Strobos. Dy seach op in joun in hiele streek ljochten fleanen by de kym lâns. Hy wist net hwat dat wie. 't Wie allegearre ljocht. Letter kom dêr de spoarlyn lâns.
nl.verhalenbank.25707
Heit wenne letter op Driemunt. (Bearn v.d. Woude) Op in joun lei er op bêd, 't wie moai ljochtmoannewaer. Hy seach ta it sydfinsterke út en doe seach er in ljochte glêdde streek, krekt as wie 't in iisbaen, samar midden troch 't lân. Dêr leit nou de rykswei 43. Heit wie doe sahwat tachtich jier âld. It gebeurde in pear jier foardat de wei der kom.
nl.verhalenbank.26033
Ik sjoch in lykstaesje altyd fan fierrens al oankommen. Men mat dan beslist oan kant gean yn 'e barm. Dan geane se jo foarby. As men se gjin paed lit en men bliuwt midden op 'e wei, dan wurdt men oan kant smiten. Ek deselden dy't de lykstaesje net sjogge wurde dan oan kant reage.
nl.verhalenbank.24179
Hjir yn de Pein hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy man seach lykstaesjes foarút. Op in kear doe seach er wer in lykstaesje. Underweis gong ien fan 'e stringen fan 'e beide hynders dy't foar de wein rounen, stikken. Dat seach er en dat fortelde er oan 'e minsken. In dei of hwat letter forstoar der in bikend persoan yn De Pein. Doe't dy nei...
nl.verhalenbank.37573
De bigraffenissen sjoch ik altyd by nacht. Dat is de foarboade fan 'e dei. Meastal stean 'k oan 'e kant yn 'e barm, en dan gean se foarby. Dat duorret mar even. Op syn langst duorret it dan noch trije dagen, dat se komme mei 't lyk. Ik wurd net kloppe. Ik wurd twong om der út. Ik bliuw noait lizzen. Ik bin nou sawn en tachtich. Ik gean der nou net mear...
nl.verhalenbank.24123
Op in kear stie 'k op 'e wei mei noch in pear minsken. Doe sei 'k: "De man, dy't yn dàt húske wennet, komt joun dea thús." En dy man kòm dy jouns dea thús. Hy hie tofolle fan 'e warmte hawn. Hy lei op hwat strie op 'e wein mei in swart hynder der foar. Sa brochten se him de jouns thús. 'k Hie 't allegear al sjoen.
nl.verhalenbank.24122
Yn Houtigehage wenne in man mei in soan fan achttsjin jier. Dy man wie tsjerks. Alle sneinen gong er mei de jonge nei tsjerke. Ik sei dy moarns tsjin 'e buorliuwe: "As er dy feint nou thús bliuwe liet, hâldde dy jonge syn leven. As er him meinimt nei tsjerke, dan is 't de dood." En dat is dy heit ek oerbrocht woarn, mar hy woe der neat fan witte, hy naem...
nl.verhalenbank.24120
Der wenne yn 'e Houtigehage in faem, dy har broer wie ûnder tsjinst maresjaussee woarn. Sy hie forkearing mei in feint, dy woe ek maresjaussee wurde. Mar dan moest er in hiel skoft ûnder tsjinst bliuwe. Dy faem tocht: dan reitsje ik him kwyt, en doe hat se harsels mei 't gewear deasketten. Dat haw ik fan tofoaren sjoen. Ik warskôge se fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24121
Oan 'e Skieding wie froeger in wylde lantearne. Op it plak dêr't er stean bleau is letter, nei safolle tiid, in hûs kom to stean. De minsken seinen doe al dat dat letter gebeure soe.
nl.verhalenbank.27992
Ik bin mei de helm geboaren. Sy ha my by myn geboarte de helm net ûntnom. Sadwaende moest ik alles altyd sjen. Hoefolle minsken as ik net fantofoaren dea sjoen ha. Ik ha wol gauris minsken warskôge. It kom altyd nei. Ik seach de lykstaesjes tusken tolven en ienen yn 'e nacht. Alle nachten moest ik der dan ôf. En dan seach ik se passearen as 'k foar 't rút...
nl.verhalenbank.24119
Yn de Pein ha wol guon west, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen fan tofoaren lykstaesjes, mar ik wit der gjin foarbylden fan to neamen.
nl.verhalenbank.31918
De tram is hjir kom yn 1911. Mar fiif jier earder seach myn swager de ljochten al. By Likele Pama - tichte by de Wilhelmina-hoeve - wie in wissel. Dêr seach hy de tram doe al rikjen. Hindrik de Jong hiet myn swager.
nl.verhalenbank.25990
35