Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe.
'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen.
Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort.
"Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Dy't yn 'e Swarte spegel sjogge kinne sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net, dan krije se in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.10700
Alde Tsearde Antsje () fan Hiltsjemuoi-wâlden seach fan tofoaren bigraffenissen. Hja fortelde gewoan hwa't der stjerre soe. Hja roan noait midden op 'e wei by 't tsjuster, hwant dan koe se samar tsjin in lykstaesje oprinne, sei se.
Jouns wie se faek warber. Dan wie der wer in bigraffenis to sjen. Har broer Boardzer Bruning () fan Houtigehage wie èk mei de...
nl.verhalenbank.34476
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016
By kaertlizters yn Ljouwert hienen se in swarte spegel. As in manspersoan dêr yn seach, woarde hy de frou gewaer, dêr't er mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.27391
Yn 'e Harkema seagen se in hûs brânnen. It wie it hûs fan Hindrik Dykstra. Letter is 't opbrând. Der binne ek noch bern yn forbrând. De frou wie doe krekt by oare minsken om in bakje kofje.
nl.verhalenbank.10676
Kei syn pake wie in Gerrit. Dy fortelde ris, der soe in jonkje yn ús famylje fordrinke, in lytse Ealse. Dat wie him iepenbiere.
Goed fjirtich jier letter is 't gebeurd. Der waerd letter net wer oer praet, nei't hy dat sein hie. Mar elke kear dat der wer in Ealse geboaren waerd, waerd der om tocht. Wy ha in stik of hwat Ealses yn 'e famylje.
Fjirtich jier...
nl.verhalenbank.22011
Froeger wienen 't hjir op 'e heide allegear ljochtsjes by jountiid. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat binne letter allegear huzen woarn. Dêr wie 't foartsjirmerije fan.
nl.verhalenbank.34472
Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe't ik de pot krije soe, koe 'k my ynienen net mear forroere. Ik moest sjen. Doe stie der in deafet by my yn 'e keamer, tsjin 'e muorre oan, tsjin my oer. Ik gong nei Tseard ta (har man), dy't op bêd lei. Ik sei: "Tseard, ik ha ús skeiding ek sjoen."
"Hâld dy stil en praet dêr net oer", sei Tseard. 't Wie sawn jier...
nl.verhalenbank.20104
De wylde lantearnen dy't wy froeger seagen, dat ha de fytsljochten fan letter west.
nl.verhalenbank.23419
Lytse Roel van Kammen wennet yn Kollumersweach, yn in hok oan 't spoar. Dy is ek mei de helm geboaren. 't Is in swalker, hy sjocht fan alles fan tofoaren.
nl.verhalenbank.28438
't Is nou fiif jier lyn, doe kom myn soan us by my. Hy wenne yn Jistrum. Ik seach wol oan him dat der hwat oan skeelde.
Hy sei: "Sjocht mem noch wolris hwat?"
Ik sei: "Né, ik sjoch noait mear hwat en ik hear noait mear hwat. Dat hat de Heare my ûntnom."
Doe sei er: "Ik haw in eigenaerdich gefal hawn. Justerjoune, goed seis ûre, sieten wy by de itenstafel....
nl.verhalenbank.20113
Us heit tsjinne by in boer. Hy hie der us op in kear op út west en kom op in joun thús.
Doe stie Rikele Myt by de boer op 't hiem. Hja stie by 't hynder en kaerde 't yn 'e moanjes om. Rikele Myt wie in tsjoenster.
De oare moarns sei heit tsjin 'e boer: Dat en dat haw ik sjoen - "Ik doar wedzje," sei er, "dat it hynder fan 'e wike dea leit."
't Kom krekt...
nl.verhalenbank.20098
Myn broer Boardzer fan 'e Boelensloane is mei de helm geboaren. As jonge fan tolve jier moest er al hwat sjen. Nachts moest er der faek út. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje passearen. Dan wist er wol hwa't it wienen. Hy hat dat nou net mear. De Heare hat him der fan forlost. Hwant it is in straf as men soks hat. Mar der...
nl.verhalenbank.20089
Mem har heit (myn pake) hie in maet, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Hy gong der yn 'e nacht faek ôf.
Pake woe net leauwe dat syn maet dan hwat seach.
"Dan mast mar us mei", sei syn maet. Sy praetten ôf, as hy der wer op in nacht út moest, soed er pake wekkermeitsje en meinimme.
Op in kear gebeurde dat. Togearre roannen se in eintsje de...
nl.verhalenbank.22113
As it ûnwarich wie en der wie rein en stoarm op til, dan kommen der allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear huzen. Ien fan dy ljochtsjes sloech ris in kear fêst yn in hage - dat hat dêr doe wit hoe lang brând. (Dy huzen kommen to stean tusken Frijstêd en Broek yn. Dêr...
nl.verhalenbank.28430
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes.
Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei.
"Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan."
Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean.
Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster.
Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
Doe't ús heit (Thomas Bruining) stoar, wied er ien en fyftich jier. Hy hie de hjerstmis nei Dútslân ta west. (seizoenwurk) Dêr kaem er siik wer wei. It hiele winterskoft sukkele er.
Op in kear sieten wy by de itenstafel. 't Wie yn 'e Houtigehage. Heit sei: "Ik mat der even út." Hy lei de furke del. Hy kaem fuort net werom. Us mem (Thomas Klare) rôp: "Hwer...
nl.verhalenbank.20090
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen.
Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?"
"Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten."
It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994