Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net.
Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde."
Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt."
It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea.
De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
In soad minsken fan 'e heide ha fan tofoaren de ljochten fan 'e tram sjoen en ek de lûden heard, doe't hy der noch net wie.
nl.verhalenbank.31802
Der wenne hjir in sikere Spinder, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf om nei lykstaesjes to sjen. Hy seach ek oare dingen. Hjir wienen twa mannen dy krigen hevige rúzje om in reed. Doe moesten se foar 't kantongerjocht komme. Mar de iene liichde mear as de oare. Doe hat men Spinder der by roppen, omt dy heldersjende wie. Dy fortelde...
nl.verhalenbank.31792
Greate Sjoerd wie ek sa'n man dy't der soms yn 'e nacht út moest om nei bigraffenisstoeten to sjen.
Jurjen van der Leest hat in kear mei him west. Dat hie er Jurjen biloofd, as der wer sa'n gefal wie soe Jurjen der by wêze. Jurjen woe dat graech ris bilibje. Doe naem er Jurjen mei oan 'e Sânwei-bosk ta, krekt by de âld tramwei. Dêr hat doe in lykstaesje...
nl.verhalenbank.31793
Dêr wenne in âld minske yn Garyp-Sigerswâld, dy seach in ljocht rjocht op har takommen fan 'e rjochting Earnewâld. Doe sei se: "Hjir komt skielk in wei, dat is sa wis as hwat." En 't is ek neikaem. Mar it hat wol in 20 jier duorre, ear't dy wei der wie.
nl.verhalenbank.31803
Wylde lantearnen sweefden hjir froeger faek oer de heide. Men wol ha dat dat de lettere auto's binne.
nl.verhalenbank.31789