Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Boelenslaan
Us heit en dy hienen in houn. As der in lykstaesje oankaem, siet dy houn even fan tofoaren to gûlen. Dan siet er op 'e hoeke. Dat die er grif alle kearen.
nl.verhalenbank.24374
Spûkgûlen fan in houn tsjut ek op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.32232
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
As der ekstergeskatter om 'e doar is bitsjut dat meastal in deade. As de hounen spûkgûle, komt der ek in lyk.
nl.verhalenbank.37842
As in houn spûkgûlt krijt men in sterfgefal. As der in hoop roeken of eksters op 't hiem komme, ek.
nl.verhalenbank.25658
Us mem sei altyd as der in houn oan 't spûkgûlen wie koe men der mar fan op oan dat der in deaden op 'e buert kom. Der binne nòch in hiele protte lju dy't dat leauwe.
nl.verhalenbank.28084
Oan 'e kant fan 'e Blaudobbe yn 'e Houtigehage binne troch minsken twa famkes sjoen mei reade skelkjes foar. Dy minsken wienen bang, dat dat op foartjirmerij tsjutte, hwant yn werklikheit wienen dy famkes der net. De lju pasten op, dat har bern net to ticht by de Blaudobbe kamen.
nl.verhalenbank.17636
As in houn spûkgûlt komt der ien to forstjerren. Lammert wie in jonge fan Wolter Veenstra. Dy is forstoarn. Fóár syn dea hat de houn wol trije nachten spûkgûld. Doe't Lammert stoar wie't spûkgûlen oer. Yn Oerisel yn Oudleusen dêr hearde in frou de houn fan 'e buorlju spûkgûlen. Se hie der alhiel gjin erch yn dat dat ergens op doelde. Mar de oare deis...
nl.verhalenbank.17579
Muoike wenne yn 'e Houtigehage. Hja wie siik en âld. Sy hie linnen op 'e bleek lizzen. Doe kom dêr dy nachts in houn by to spoekgûlen. Se jagen de houn fuort, mar it dier kom like linich wer op itselde plak. En 't gong wer op in spoekgûlen. Even dêrnei is muoike stoarn.
nl.verhalenbank.27272
Us heit hie in suster, dy wie bitsjoend. Jouns kom der by heit en dy in grouwe houn foar 't finster. Dy sette syn poaten yn 't finsterbank en seach ta 't finster yn. Doe hat pake dan nei de duvelbander ta west. Ik wyt net mear hwa't dat wie, mar ik ornearje fan Frânse Hinke fan 'e Rottefalle. "Soa, binne jo dêr al?" sei se. "Jo woenen hjir oars noait...
nl.verhalenbank.17584
10