Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Narrator Gender: male Place of Narration: Jistrum
Yn 'e Twizeler Mieden wenne froeger Gearte Wekke. (Letter hat Jelke van der Valle yn dat hûs wenne) Wekke seach bigraffenissen fan tofoaren. Sy moest der dan nachts út. Sy koe ûnmooglik lizzen bliuwe. Soms moest se hiele einen fuort om to sjen. As se it dan sjoen hie dan sei se de oare deis soms: "Dy en dy stjert gau. Ik ha de bigraffenis sjoen. En ik haw...
nl.verhalenbank.22765
Ik haw yn 't wurk west yn Wikel by in boer, in sekere Atsma. Ik hie in maet by my en wy sliepten togearre yn 't bêdsté yn 't bûthús. Doe sei de boer tsjin ús: "Hearre jim wolris hwat nachts? Us foarige feint woe hjir net langer bliuwe hwant der wienen nachts altiten lûden yn 't bûthús. Mar ik ha jim dêr net oer heard." Doe sei myn maet: "Fannacht haw ik...
nl.verhalenbank.37195
Us heit seach op in kear it hûs brânnen fan Tsjibbe-om en Pytsje-muoi, dêr't nou Megiel en Aeltsje wenje, mar it brânde net. Binnen hiel koarte tiid is 't opbrând.
nl.verhalenbank.24504
As 't net bûterje woe, dan wie de tsjerne bitsjoend, seinen se. De tsjernmoune bigong soms nachts samar út himsels to draeijen. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.34501
Froeger woarde ús forteld, as men in slak dea die, dan bigoun it to tongerjen. As in houn spûkgûlde gong der ien dea. As in ekster op in pealtsje siet kom der bisite. De kant dêr't de ekster de sturt hie, fan dy kant kom de bisite wei. As in kat him wasket en hy slacht him mei de poat oer 't ear dan komme der praters.
nl.verhalenbank.33450
Wylde lantearnen binne foartekens fan huzen of fytsen of auto's.
nl.verhalenbank.34510
Hindrik en Durkje en frou van Peursen wennen njonken elkoar hjir op 'e Iest. Dy hearden op in kear de moune kreakjen. Sa mar út himsels. Neffens dy beide froulju soe der hwat slims achter wei komme.
nl.verhalenbank.24502
Alle Murdtsje wie mollefanger en wenne op it Hegelân. Hy kom faek by ús, wy wienen kammeraten. Op in saterdeijoune let wienen wy noch yn 'e Jistrumer buorren. Doe sei 'k tsjin Alle: "Hark, dêr sjonge se yn 'e tsjerke." De hiele tsjerke siet fol sjongende minsken. De manljus- en frouljuslûden wienen bêst to ûnderskieden. Mar de tsjerke wie leech fansels....
nl.verhalenbank.23742
To Koatstertille hienen de Kamminga's froeger in mostermoune. Piter Kamminga syn pake hat ris de lykstaesje sjoen fan in man dy't doe noch yn leven wie. Hy koe de minsken samar opneame dy't achter it lyk oan roannen. Koarte tiid dêrnei is dy man stoarn. Doe seach er deselde lykstaesje nochris wer.
nl.verhalenbank.33439
Ik wie ien en tritich jier en ik wenne op 'e Iest hjir yn Jistrum. Dêr hearde ik op in joun tige dúdlik it tikjen fan in wekker. Dat gebeurde nei dy kear wol faker. Mar dêr wie gjin wekker. Letter woarde der op dat plak in sliepkeamer boud. Dêr kaem ek in wekker yn. Dy wekker hie ik fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.33438
Op Reahel wienen twa hellings. Ik roan ris by de skuorren lâns yn 'e nacht en doe gong it dêr tige op in timmerjen. Ik hearde dat dêr wol faker. Dan woarde dêr koart dêrnei wer in boat makke.
nl.verhalenbank.22750
By 't Knjillisdjip seach ik us fuort by de Twizelerfeart in skip oankommen op it griene lân. 't Wie yn 'e nacht. Ik wenne dêr doe. 't Oare jiers woarde dêr in feart groeven en koart dêrnei farden de skippers der. Wy ha der sels ek fard.
nl.verhalenbank.22751
Rin noait midden op 'e wei by nacht, seinen se froeger. Dan wurdt men miskien oan kant set.
nl.verhalenbank.24493
Ik wie us op in joun, mei in keppeltsje jongfolk by de Hamster feart. Doe seagen wy allegear dat der in skip oanfarren kom. It iene ein wie feart, 't oare ein wie lân. It skip gong it lân yn. Wy seagen it ljocht oer it lân gean. Letter ha se de feart troch groeven.
nl.verhalenbank.22752
Ik wie boerefeint yn Tytsjerk. Ien kear wyks roan ik nei de jongelingsforiening yn Suwâld. Dat wie in ûre rinnen. Omt ik der oars net op tiid komme koe, iet ik fan to foaren mar ien stikje brea. As ik dan de jouns let wer thús kom, iet ik it oare op. Sa wie 'k wer us thús kom, ik siet to brochje-iten yn 'e tsjernherne. 't Wie op 'e Lytse Geast. Ik tochte:...
nl.verhalenbank.20579
Yn Eastemar wenne in beurtskipper. Dy moest freeds altyd nei Ljouwert ta. Dan farde hy oer de Burgumer mar. Doe fortelde hy us in kear yn 'e skearwinkel to Eastemar, dat hy hie, doe't er midden op 'e Mar wie, in stim heard, dy kom út it wetter wei: "De plaats is er, maar de man is er niet." De skearbaes sei, dat woed er èk wol us hearre. De freeds dêr op...
nl.verhalenbank.22757
Froeger seagen wy hjir wol us wylde lantearnen. Dat hat foartsjirmerije west, sizze se wol. Letter kommen der auto's en fytsen.
nl.verhalenbank.20587
35