Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In sémearmin is heal fisk, heal minske. 't Is in sirene.
Se kinne tige sjonge, dat klinkt hiel moai yn 'e fierte.
Mei har gesang lokje se de sélju oan. Dy wurde dan troch de baren forslonden. Dêr is 't har krekt om to dwaen.
As der in sémearmin sjoen wurdt, wurdt it swier waer.
Dan forgiet it skip.
Sémearminnen dogge wolris foarspellings.
nl.verhalenbank.26071
Wylde lantearnen bitsjutten min waer.
"Dêr komt skielk in nij hûs to stean", seinen de minsken, as se in wylde lantearne seagen.
As de bijkers in wylde lantearne seagen, seinen se: "Nou is 't fan 't jier neat wurdich mei de heide."
Stoar der in bijker, dan woarden de bijekuorren forset. Doe't der in bijker stoarn is, dy't ik wol kend ha, seinen se, dat de...
nl.verhalenbank.26076
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen, seinen se froeger.
nl.verhalenbank.25683
Oan 'e nije wei njonken de winkel fan Tjeerdsma hjir yn Boarnburgum, dêr boude in timmerfeint in húske foar himsels. Doe't er dêr mei klear wie en sy der yn wennen, hearden se yn 'e fierte timmerjen. It gong hyltyd op in hammerjen en slaen, de iene nacht nei de oare.
Sahwat in tsien jier letter woarde dêr de bysûndere skoalle boud.
"Fordomme noch ta," sei...
nl.verhalenbank.25668
Hjir ha guon wenne, dy wienen mei de helm geboaren. Dy koenen dan sizze binnen hoefolle dagen der wer in deaden yn Boarnburgum wêze koe. Sy seagen de lykstaesjes foarút. Nachts moesten sy der dan út.
Wie der ien dea, dan sei sa'n ien: "Ik ha 't wol sjoen."
nl.verhalenbank.25672
As in houn spûkgûlt leit der ien op stjerren, sizze se.
nl.verhalenbank.25676