Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
To Wijnjeterp wie in frou stoarn. De buorlju stienen op it hiem to wachtsjen. 't Wie buorreplicht. Op in stuit hearden se allegear in lûd, dat izer oer izer gong. 't Wie hiel dúdlik. Mar der wie neat to sjen. Letter ried op datselde plak de tram lâns. It wie presys itselde lûd.
nl.verhalenbank.20837
Ien ekster bringt ûngelok, twa eksters bitsjutte bisite.
nl.verhalenbank.20842
As de moune yn 't krús stie, dan wie dat in kwea teken. Dat bitsjutte dea.
nl.verhalenbank.20843
To Aldeboarn wenne in widdou mei in soan. Dy soan wie al tiden siik en lei op bêd. It woarde minder mei him. De mem hie har sit altyd op itselde plak yn it hoekje tsjin 't bêdsket oer.
Mar doe op in kear gong hja oan 'e oare kant de tafel sitten.
"Hwerom giet mem dêr sitten?" frege de jonge.
"Ik wol dy ek us fan in oare kant sjen", sei hja.
Mar de jonge...
nl.verhalenbank.20848