Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen.
Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Op Drachtster merke wie froeger in tinte mei in swarte spegel. Dêr kom it portret fan 'e oansteande yn to stean, of in deakiste. Dat lêste bitsjutte dan, dat jy net trouwe soenen.
nl.verhalenbank.37151
Lytse Kjille yn 'e Gerdyk wie ek wiersizter. Sy sizze dat se it fan Hinke leard hat. Hja mat tsjinstfaem by Hinke Kaert west ha.
nl.verhalenbank.19735
Yn Kloosterburen wie in keppeltsje folk by de boer oan 't wurk. 't Wie snein en it reinde. Auke Pultrum en Boardzer Bruining fan Boelensloane wienen der ek by.
Boardzer sei: "Wy forfele ús. Sil ik jim de kaert lizze?"
Doe helle der in spul kaerten foar den dach.
"Lûk dêr mar guon út", sei er.
"Heden," sei er doe, "ik ha iderkear in swart mantsje mei in...
nl.verhalenbank.25219
Hinke Kaert wenne to Nijebrêge. It wie in bitûfte kaertlizter. Us Hindrik-om hat us nei har ta west. Hy woe de kaert lein ha. Hja sei tsjin him: "Dû matst aenst oer in planke, dêr komt dy ien yn 'e mjitte, dy sil dy om hwat freegje, datstû yn 'e bûse hast. Hindrik-om gnyske. Hy leaude der neat fan. Hy hie forkearing hawn mei in fanke, dat wie útrekke. Hy...
nl.verhalenbank.19734
Ik wurke yn 'e Noard-Oastpolder. Dêr wie ek in man, dy hiet fan Majoor. Dy fortelde ús ris in kear, dat hy hie droomd, dat hy hie sjoen, dat in skipper syn famke neisprong dy't oer board fallen wie en dat se doe beide forsûpt wienen.
De oare deis krige er biricht fan syn famylje, dat syn skoansoan, dy't skipper wie, dy wie syn famke nei sprong doe't dy...
nl.verhalenbank.30884
Lytse Kjille wie kaertlizter. Sy hat yn Drachten wenne yn 'e Hounestege en op 'e Bopperein. Letter wenne se op 'e Gerdyk. Hwat Kjille sei kom wol aerdich nei.
Twa maten gongen us nei har ta. Dat wienen Waetse de Jong en Hindrik de Jong.
Hja sei tsjin Hindrik: "Jo wurde noait hwat yn 'e wereld." Dat is ek útkom, hy hat it noait fierder as arbeider brocht....
nl.verhalenbank.24826
Ik haw ek by in frommes yn Grins west. Dat wie in sikere W. Kortstra. Sy wenne yn 'e Meeuwerderstraat. Us hûs op 'e Dwarsfeart wie krekt ôfbrând. Myn soan hie nei de faem west mei de auto. De nachts nei de brân woarde myn soan om ien ûre oanhâlden troch de plysjes.
De oare deis gong ik nei de kaertlizter ta, hwant ik woe wite hoe't it komme soe. Ik liet...
nl.verhalenbank.22878
Ien fan myn soannen hat in healjier lyn nei har ta west.
"Gehuwd?" frege se.
"Ja", sei er.
"'k Sjoch ien bern," sei se, "mar 't is krekt as ha jo mear hawn. Sitte der elders ek bern?"
Hy sei: "Ja, yn Ljouwert. Ik ha earder troud west."
"Binne dy bern by de mem?"
"Ja", sei er.
"Binnen trije wiken kinne jo út jou ramen brân sjen, tichte by jo."
Binnen trije...
nl.verhalenbank.22879
Rapke de Vries wie yn Olterterp yn 'e bosk oan 't wurk. Hy sei: "Der kin hjoed wolris in ûngelok komme." Deselde deis krige er in ûngelok en hy gong dea.
nl.verhalenbank.24814
Ik wie mei Bareld de Meer nei Snits ta to monsterjen. Mei de strikel yn 'e binnenbûse, om to ûngetiidzjen. Mar wy krigen beide gjin wurk. Bareld sei: "Sille wy even nei Lytse Kjille ta op 'e Gerdyk? Dat wie in wiersizter.
Wy der hinne.
Kjille sei tsjin my: "Binne jo troud?"
"Ja", sei 'k.
"Krij dan mar safolle kaerten", sei se. Hja hie de kaerten út it...
nl.verhalenbank.22875
Ik ha der ek us west mei Anne Pultrum. Doe sei se: "De iene fan jim sil noch fiif bern ha en de oare sil noch ien bern ha." Doe't ik it thús fortelde, sei myn wiif: "Ik hoopje net dat ik dy fan fiif bin". (Hwant wy hienen al seis.) Anne Pultrum hie mar twa.
Mar 't kom wol sa út: Anne krige letter noch ien en wy noch fiif.
nl.verhalenbank.22877
Atsjemuoi en Trynmuoi wienen susters. Atsjemuoi wie troud mei Andersom en Trynmuoi hie forkearing mei Wibe de boer. Hja wie yn forwachting fan Wibe. Op in nacht wienen Anders-om en Tryn har oansteande togearre to mollefangen.
Doe slepte Trynmuoi by Atsjemuoi op 'e Boelensloane. Hja slepten yn 't selde bêd.
Doe droomde Trynmuoi, Manus Steensma, de...
nl.verhalenbank.30888
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
nl.verhalenbank.30889
Op in kear haw ik wer us nei Kjille west. Doe sei se: "Der sil yn 't koart in erfdiel wêze. Mar jou broer krijt mear as jo", sei se. Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.22876
Sjoerd de Graaf syn soan hie in famke. Sy wie us in kear oan 't boartsjen, doe sei se tjin har mem:
"Der gebeurt joun in ûngelok."
Deselde jouns bruts se it earmke. Dat der hwat gebeurde soe, wist it bern fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24813
Thomas Clare wie kaertlizter.
Ik en noch in faem hawwe us in kear by har west. Dy faem hie al in pear bern oerwoun. Hiltsje Veenstra hiet se.
Clare skodde de kaerten en sy naem der ien út en sei: "Dit achtsje ik net, dat forwachtsje ik net. Mar famke, dû leist mei dyn njoggen maendtsjes yn 'e skoat." Hiltsje sei: "Och stumper, dat komt my net oer, dan...
nl.verhalenbank.24687
Ik hear it heit nòch sizzen: Sjoch, dêr komt skielk in hûs, hwant dêr brânt in ljocht. Dan seach er in wylde lantearne.
nl.verhalenbank.25160
Yn 'e Rotfalle wenne in mounder, in sekere Kuipers. Dy seach dingen foarút. Hy hie op 'e Alpen stien yn 'e Harkema en doe seach er séskippen farren yn 't Knjillisdjip. Dat wie om 1880 hinne.
Letter is 't kanael forbrede en nou farre der geregeld séskippen lâns.
Ek sei er, dat se sûnder tried troch de loft iten bistelle koenen to Londen.
Dat is letter echt...
nl.verhalenbank.26255