Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Hindriks Kike wenne achter ús. Mem sei op in kear:
"Der sil ûnwaer komme, dan rekket âlde Hindriks Kike har hûs der ôf. Ik ha 't brânnen sjoen. En op 'e Foarwei sil de boerepleats fan Dedde Wybenga ôfbrânne en alle fé sil der yn omkomme."
't Is allegear sa gebeurd. Hja sei: "Ik sjoch allegearre fjûr." De oare deis gebeurde it. Der kom in greate...
nl.verhalenbank.36300
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht kin sjen mei hwa't er trouwe sil.
nl.verhalenbank.36317
Knjillis Veenstra (Minke Knjillis) fan Sweagerbosk wie mei de helm geboaren. Dy moest alle begraffenissen foarút sjen. Dêr siet in drang achter. Hy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter ek sjoen.
nl.verhalenbank.36302
Alde Wigers Gjertsje hie in soan Theunis, dy wenne yn Hollân. Nou en dan kom er thús by syn mem . Op in kear wie dat wer it gefal. Doe sei ús mem: "Hy giet net wer nei Hollân ta."
Hy is even letter fan 'e brêgeleuning yn 't kanael sprong en forsûpt.
nl.verhalenbank.36306
Alde Marten van Kammen hie t.b.c. Hy lei yn in tintsje.
Op in joun sei mem: "Ik mat der mar ris hinne." Doe't se weromkom sei se: "Hy leeft gjin twa dagen mear."
De oare deis stoar er. Syn frou sei: "Ik hie 't der noait oan sjoen dat it sa hurd gean soe." Mar mem hie him al fantofoaren as lyk sjoen.
Ik hie seis rare stikelwarten op 'e pols. Doe't Marten...
nl.verhalenbank.36299
Myn suster hie in jonkje yn 't stêdssikenhûs yn Ljouwert to lizzen. Dat wie tige min. Myn suster wenne sels ek yn Ljouwert. Doe krigen se biricht dat de tastân fan it bern krityk wie.
Myn swager wie hastich en sei tsjin myn suster: "Toe, dû mast oanmeitsje. Wy matte der hinne foardat it to let is."
Mar myn suster sei kalm: "It hoeft net mear, hwant ús...
nl.verhalenbank.36139
Op in kear sei ús mem: "Der komt in lyk oan út Dokkum wei oer it wetter. Se fine it aenst yn 'e buert fan Ljouwert. Ik sjoch it spielen."
In ûre letter founen se in lyk yn 'e Bonkefeart. 't Wie it lyk fan in geestlik gestoarde, fan Dokkum ôfkomstich.
nl.verhalenbank.36305
Heit wurke by de Baersma's. Op in kear kom er thús. Doe wie mem al wei. Doe sei er: "Ik ha hwat sjoen, bern. Ik ha sjoen, dat se op 'e moanne komme. Dy minsken hienen fjouwer wjokken oan har en in bus op 'e rêch. Ik bileef it net mear, mar jimme sille 't sjen."
Hwat ha 'k faek oan dy wurden fan heit tocht, as se wer ris nei de moanne ta gongen.
nl.verhalenbank.36304
Heit en mem hienen twillingen. It iene berntsje woarde siik, doe wie 't njoggen maenden âld. It stoar en sy brochten it nei 't hôf ta. Doe sei heit: "It oare berntsje hâlde wy ek net. Ik ha 't al yn 't kistje lizzen sjoen." Doe't se weromkommen fan 't tsjerkhôf wie 't oare berntsje ek dea.
Heit en mem wennen doe yn 'e Twizeler Mieden.
nl.verhalenbank.36140
Yn 'e swarte spegel kinne se sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net dan krije se in deakiste yn 'e spegel to sjen.
nl.verhalenbank.36155
Knjillis Veenstra wenne yn Sweagerbosk. Wy seinen altyd Bontsje Keke, ek wol âlde Keke. Heit en dy wienen us op in nacht om twa ûre byelkoar bûtendoar. Mei in stik of hwat oaren soenen se nei Grinslân ta nei de bou. Keke wie der ek by. Doe sei Keke ynienen: "Gean achter my. Toe, fan 'e wei ôf, hwant der komt hwat oan." Heit en dy seinen: "Der is ommers...
nl.verhalenbank.20447
Hjir hat in bakker wenne yn Bûtenpost, dat wie in Elema. Dy ha ris in kear foar de swarte spegel stien, doe wienen se noch net troud. Der woarde har meidield, se soenen yn in hoekhûs komme to wenjen en sy soenen in winkel ha en sy soenen net gelokkich wurde.
't Is krektsa útkom. Sy kommen yn in winkel. Dat wie in bakkerswinkel. En dat wie in hoekhûs. De...
nl.verhalenbank.22859
Wy wennen yn Dokkumernijesilen. Myn âldste jonge moest noch geboaren wurde. Ik lei op bêd en ik hie in rare droom. 't Wie yn 1939. Ik seach dat der mannen oer de dyk krûpten mei blikkene dingen op 'e holle. Ik woardde der raer fan.
De deis dat de Dútsers hjir kommen yn maeije 1940 en se alles ûnder wetter rinne lieten binne dy Dútsers presys sa oer de dyk...
nl.verhalenbank.36137
Us mem seach de dingen faek fantofoaren gebeuren. Wy wennen yn 'e Westerein njonken âlde Willemke. Op in kear sei ús mem: "Ik ha âlde Willemke dea lizzen sjoen yn 'e kiste. De kiste gong ûnder 't glês troch, sy koenen him net troch de doar krije."
Doe wie Willemke hielendal net siik.
Twa dagen letter is se ûnforwacht stoarn. It gong allegear krekt sa sa't...
nl.verhalenbank.36296
Us mem hat ek sjoen dat twa berntsjes fan ús buorlju stoarn binne. Dat wienen Geale en Tsjimkje, broer en suster fan Jehannes' Minke. Mem sei: "Se sille sahwat tagelyk stjerre, hwant ik ha se tagelyk yn 'e kistjes lizzen sjoen."
En dat is ek útkom, hwant sy woarden beide tagelyk nei 't hôf ta brocht.
Mem sei doe ek noch: "It sil hjir op mear plakken...
nl.verhalenbank.36297