Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: voorspellen Place of Narration: Rottevalle
Yn 'e lêste oarloch wenne ik noch op it Kattegat, op 't Wytfean, flak by de Leijen. Dêr wienen doe ûnderdûkers, dêr't ik faek mei praette. Twa rijnaken leinen der, en de lju, dy't dêr yn wennen krigen altyd molke fan my. De skipper fan ien fan dy beide rijnaken kaem ris by my op in joun, doe sei er tsjin my: "Sil ik jo ris hwat bûtengewoans fortelle? 't...
nl.verhalenbank.29579
Swarte spegels hie men froeger op 'e merk. Dy't der yn seach krige it portret fan syn takomstige frou to sjen.
nl.verhalenbank.36114
Alde Janke Koaning (= Kootstra) wie ús buorfrou. Op in kear sei se tsjin mem - doe wennen wy noch yn 'e Harkema -: "It komt net goed mei jimme Minne (Minne wie myn broer), hwant ik haw in lykstaesje by jimme sjoen." Hja krige gelyk, ús Minne kom to forstjerren.
nl.verhalenbank.32819
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane. Hy wie duvelbander. Tryn Snipel wie syn wiif. Dy koe kaertlizze. Op in kear kreaude se mei ien. Doe sei se: "Fljoch mar yn 'e wyk." En it minske fleach yn 'e wyk. 't Jongfolk gong der faek hinne to kaertlizzen. It hûs lei op in minne namme. Minse stjûrde skoppenboer út om in flesse drank. It earste romerfol waerd yn 't...
nl.verhalenbank.20968
't Wie yn 't lêst fan 'e oarloch. Dyselde minsken wienen noch altyd yn dy rijnaek oan 'e kant fan 'e Leijen. Yn 't lêst fan febrewaris 1945 komt de man wer ris by my om molke en seit: "Ik ha bliid nijs foar dy, Jan." Ik sei: "Is jou frou miskien wer yn forwachting?" "Né jonge," sei er, "sil 'k it dy fortelle hwat myn frou nyskes sein hat? Hja sei: 'Dû...
nl.verhalenbank.29580
Froeger, as wy by uzes thús de skuorre fol sied hienen by 't hjerst, gebeurde 't wol dat wy jouns dêr terskjen hearden. Mar it echte terskjen gebeurde pas letter. Wy hienen dan de foarklank der fan heard. Wy wennen doe yn Drachten.
nl.verhalenbank.36106
Wy ha wenne yn in húske achter de Lange Wyk, in eintsje achterút. Doe sei ús mem op in kear: wy bliuwe hjir net lang mear to wenjen, hwant der wurdt mei balken en stiennen smiten. Ik ha 't klear heard. In pear maenden letter woarde 't hûs ôfbrutsen. 't Kom krektsa út.
nl.verhalenbank.32823
As de hounen spûkgûle komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36161
Op in kear wie 'k mei in kammeraetske op 'e Fjouwer Roede. "Hark," sei se, "sa wurdt dêr timmere. Der komt skielk fêst in nij hûs." Mar ik hearde neat. 't Wie tsjuster en der wie neat to sjen. Mar hja krige wol gelyk. Al gauachtich dêrnei ha se dêr in nij hûs delset.
nl.verhalenbank.36160
Oan 'e Trije Roede yn Feansterheide wenne in âlde muoike fan ús dy seach yn 't kofjedik nei de takomst en sy koe ek kaertlizze. As hja by ús kom bleau se in nacht. Sy wie sljocht nei sterke drank. Hja lei de kaerten op 'e tafel wylst hja sei: 1, 2, 3, 4, 5, 6, 7. Dan kearde se in kaert om. Ik hear har nòch sizzen: "Schrik in de avondstond." Hja fortelde...
nl.verhalenbank.32965
1