Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: voorspellen Place of Narration: Leeuwarden
Us mem en dy wennen yn Feanwâlden op 'e Finnen, neist de helling fan Wageningen. Op in nacht hearde mem timmerjen en slaen om 't leven op 'e helling. Mem wie widdou en tocht: hwat mei hjir gebeure. Hja gong der út om to sjen hwat der to rêdden wie. Mar der wie neat to rêdden. Hja sei tsjin ús: Hwat dit hjir is, dat snap ik net. Dat slacht en hout hjir om...
nl.verhalenbank.36474
Op in kear kaem buorfrou by ús mem, alhiel fan 'e wize. "O frou, frou," sei se, "hwat is 't nou hwat. Der stiet in skommelwidze by ús op 'e souder en dy skommelt al mar troch. Ik bigryp der gjin kloaten fan. As ik him stil hâld bigjint er út himsels wer." In skoft letter krige buorfrou in lytsen yn 'e widze. It hie foartsjirmerije west.
nl.verhalenbank.36475
In broer fan myn frou har beppe seach de dingen ek fan tofoaren. Hy wenne yn Hollân. It gebeurde yn 1825, dat er útfanhûze by syn suster yn Beets. Op in dei, doe kom er fan 't húske, sa bleek as in doek. En hy seach sà raer. "Hwat ha wy nou mei dy?" sei beppe. Hy sei: "Ik ha hwat raers sjoen. Ik mat nei hûs ta." "Dû bist hjir noch mar krekt," sei beppe,...
nl.verhalenbank.28477
Wy wennen op 'e Swette tusken Burgumerheide en Feanwâlden. Achter ús wie de spoarwei. Pake fortelde my, hja hienen dêr oan 't wurk west, doe wie der noch gjin spoarlijn. As hja dêr jouns wienen, gong dêr hyltyd in streek ljocht lâns, op in bipaelde tiid. Jierren letter kaem dêr de trein.
nl.verhalenbank.36476
Yn Feankleaster wie us in brulloft. Tichteby wenne ien dy koe kaertlizze. Dy kom dêr de nachts om to kaertlizzen. Myn broer Eabe wie der ek. Dy wenne by de boer op Lytsewâld achter in feart. Dy kaertlizter sei, Eabe soe forkearing ha mei in hiel swart frommes. Hy moest om by har to kommen, twa kear oer 't selde wetter hinne. Eabe tocht der letter net wer...
nl.verhalenbank.19394
Ik hie forkearing mei in faem yn Ljouwert. Iebel hiet se. Ik wenne doe noch yn Bûtenpost. Sy gong us nei in kaertlechster ta, hjir yn Ljouwert. Dy warskôge har foar in kammeraetske, dy't har wol us hwat ûntstiel. Dat klopte, dat wist Iebel wol. Letter ha Iebel en ik togearre nei dy kaertlechster west. Ik sei: wy ha forkearing. Doe seach it minske tige...
nl.verhalenbank.19395
De fersonken stêd Warten En spoarleas gyng it nei de grûn Mei minske, hûs en toer; En neat fan alles is der bleaun, Sa stiet yn d'âld kronyk beskreaun; No streamt er't wetter oer. Sikke Koldyk 'Ik ha oars net heard, as dy fersonken stêd lei yn 't Wartenster Wiid. Se sizze ek altiten: as it hiel moai waar is en tige, tige stil, dan kin men de âlde...
nl.verhalenbank.13718
De moleroede Ik haw ris in ferhaal heard fan in man, dy hie it oer in kunde fan him. Dy kunde hie op Boalserter merke, of op Snitser merke, by in wiersizzer west en dy hie him foarsein, dat hy soe troch de slach fan in moleroede oan syn ein komme. Hy wie boer en hy hie in mole, mar hy paste sûnt dy tiid altyd tige op; hy kaam der noait by as de mole yn 't...
nl.verhalenbank.12980
Yn Oerterp wenne in boeredochter. Dy rekke der út to tsjinjen by in dûmnysmefrou yn Ljouwert. Sy hie dêr in bêst plak. Op in kear wie 't Ljouter merke. Doe stie dêr in tinte, dêr wie in toverspegel yn. Dêr koenen se de takomst yn sjen. Doe't dy boeredochter dêr foar kom to stean, seach se ien, dy koe se wol. Dat wie Ruerd Planting. Doe't se him seach,...
nl.verhalenbank.12210
Dit wurdt jim lêste reis Wy mochten graach ride en wy sieten yn 't wetterlân. Mar heit warskouwe altiten: 'Tink der om mei de marren, dat jim dêr noait jûns let oer geane'. En dan kaam in ferhaal op 'e lappen, dat hie er fan beppe. Ik wit net goed, wêr't it bard is, op 'e Groustermar of op 'e Burgumermar, ik wit wol, dat der in feint en in faam yn in...
nl.verhalenbank.12979
Lykstaasjes Wy hienen foarhinne by ús heit-en-dy in âld baakster, Bouwe Bet. Dy rûn op in kear fan Wergea nei Warstiens en doe kaam har in lykstaasje tsjin. Se gong oan 'e kant stean en seach der mei alle studzje nei. Se tocht, dat is in frjemd spul—ik ha noait witten, dat hjir ien dea is. En doe in skoft letter stoar der ien fan'e trije boeren dy't dêr...
nl.verhalenbank.12966
Myn suster wie mei de helm geboaren. Hja wie noch mar in famke, doe opponearre him dat al. Op in kear boarten wy mei elkoarren op 'e dyk. Doe treau hja ús dêr allegear ien foar ien wei, hwant der kaem in lykstaesje oan, sei se. "Hja binne nou oan Wigerom ta", sei se. "Dy giet út 'e staesje wei, dy giet yn 'e hûs." Wy moesten allegear oan kant stean gean....
nl.verhalenbank.36480
1