Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Froeger leinen de lytse bern yn in reiden widze. Dêr siet in tou oan fêst, dêr't de widze mei roeike woarde. Dy't der mei widze die der gauris in knoop yn. Safolle knopen as der yn dat widzetou sieten, safolle bern krigen de âlden.
nl.verhalenbank.11544
Op in kear sieten wy allegear yn 'e keamer. It wie op in moarntiid. It wie o sok kâld waer en der wie net in minske bûten to sjen. Doe rattele der ynienen ien oan 'e foardoar om. Mar der wie net ien. Dy foardoar woarde noait brûkt. Ik sei: Dit hat hwat to bitsjutten. Myn man woarde ridlik gau dêrnei siik en dokter mast komme. Krekt njoggen dagen letter...
nl.verhalenbank.12307
It wie yn 'e simmer en fier foar myn tiid. Doe foeren der skippers oer de Galle by Grou. Dy kommen fan Ljouwert. Doe seagen dy skippers ynienen in baen mei ridersfolk foar har. Alle minsken, dy't op 'e baen wienen, sakken troch it iis. Letter wienen de minsken yn Grou altyd hwat skruten foar dat plak. Foaral de âlde minsken. Mar de ramp dy't dy skippers...
nl.verhalenbank.12216
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
nl.verhalenbank.11521
Achter Goaijengeahuzen wie ús heit yn 'e ûngetiid, mei noch inkelde oaren. Ynienen hearde hy in freeslik gejammer fan in bern. Mar der wie neat to sjen. Krekt in jier letter yn 'e simmer waerd it slim swier waer. Doe hearde heit wer itselde gejammer. It kaem út in tinte wei, dêr tichteby. Dêr jammere in jonkje yn. Syn heit wie troch de wearljocht rekke en...
nl.verhalenbank.11535
Myn folk wenne op 'e Eibertsgeasten. Froeger wie der in paed, dat fan 'e Hegewei dêrhinne roan.
Dat paed bochte hiel bot en it gong troch in boskje.
Op in joun kom ien dat paed del. Hy wenne op 'e Eibertsgeasten, dêr't er hinne soe. Midden yn 'e bosk dêr't it paed in hoeke makke, seach er in lykstaesje oankommen. Alle minsken dy't der achteroan roannen...
nl.verhalenbank.12203
As de deade moai is, dat mat men noait bigeare, hwant dan komt der wer ien to forstjerren yn 'e famylje. Dêrom is de deade bliid en moai.
nl.verhalenbank.11522
Ik en myn suster wennen hjir al oan 'e Hege Wei, doe stie it nije hûs hjir tsjinoer noch net.
Wylst ik en myn suster hjir yn 'e hûs sieten, hearden wy dúdlik dat it hjiroer op in timmerjen gong.
Wy seinen tsjin inoar: "Der wurdt bûten timmere." Mar doe't wy nei dat plak tagongen, wie der neat to sjen. Letter kom de nije plaets dêr to stean, dy't der nou...
nl.verhalenbank.15803
Wy ha hjir jierrenlang de needslachting hawn. As der hwat slachte wurde moest wienen dat faek ûnforwachte needgefallen. Hwat binne wy faek even fan toforen kloppe woarn. Mar dan wie der noch neat. Even letter wie de man der sels dy 't kloppe. 't Gebeurd wol yn 'e nacht, mar ek wol us oerdei. Soms wie 't it tikjen fan in stok op it glês. Dan hie sa 'n ien...
nl.verhalenbank.23355
Op 'e Tike hearden wy op in snein tige dúdlik guon timmerjen yn in âld hûs, dat tsjin uzes oer stie. Mar soks wie ûnmooglik, hwant de man, dy't yn dat hûs wenne, roan op 'e wei om.
Mar in skoftsje letter woarde datselde hûs fortimmere. It hat dus foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.15802
As der in ekster by hûs komt (swart mei wyt) komt der in roubrief. De ekster is de foarboade op it hiem.
nl.verhalenbank.11523
Yn Houtigehage wenne in âld man, dy sei op in kear: "Noch noait haw ik sa hwat raers sjoen. Se sloegen dêr freeslik yn elkoar om. It giet dêr wol sa bot op in skoppen en traepjen en fjochtsjen, mar it wûndere is, dat de iene fijân oan 'e ein de oare de hân jowt. Ik seach it tusken dy twa huzen troch. Ja, dy huzen binne der ek al net mear."
Letter kaem op...
nl.verhalenbank.11537
Doe't myn suster in great fanke wie, sahwat in twintich jier âld, krigen wy in hynder. Dat hynder wie trije jier. Wy kochten it op in boelguod yn 'e Pein. Doe seach myn suster us op in nacht, wylst dat se op bêd lei, dat it hynder hiel wyld woarde. It sloech en it skopte sa bot, dat it trape de muorre der út. Doe sleepten se it hynder yn 'e skuorre en dêr...
nl.verhalenbank.12204
Wy seagen de ljochten fan 'e tram fan tofoaren al, foar dat de tram der wie. It gong de Hearrewei del en dan skean de heide oer. Wy seinen dan: "Der giet ek noch in ljocht skean de heide oer op Burgum yn." Letter wie it de tram dy't dêr lâns ried.
nl.verhalenbank.15805
Wy seagen ljochtsjes by de reed fan 'e Wierren lâns. Mar der wenne doe noch net ien. Letter kommen dêr hûzen to stean en doe fytsten der jouns wol us guon lâns mei lantearnen oan 'e fyts. Dat ha dy ljochtsjes west.
nl.verhalenbank.15804
Yn 'e feart, tichte by de Nyegeaster tsjerke hat ús mem ris sjoen dat dêr in manspersoan fordrinke moast. Hy hie in horloazje mei keatling op 't boarst.
nl.verhalenbank.11500
Ik en myn dochter dy't op 'e Tike wennet stienen ris by ús yn 't bûthús. Doe seagen wy ynienen allebeide ien fan 'e stâllen leech, dêr't oars in grouwe koe stie. It ketting en 't lear leinen der allinne mar.
Wy wisten net hwat wy seagen. Mar fuort dêrnei stie de koe der wer en wie alles wer as tofoaren. Mar in jier letter kaem dy koe to forstjerren. Der...
nl.verhalenbank.11501
Myn broers wiif wie ris in kear allinne thús. Hja wenne to Aldegea. Hja bigoun ynienen lûd to razen, hwant it hiele dak kaem hast del. De pannen der ôf en in stik leven en alles fan 't plak. Hja wie deabinaud en krûpte ûnder 't bêd. Doe't myn broer thúskaem, sei se: "Ik wol hjir wei, hwant it giet hjir raer." Mar der wie neat gebeurd. Mar in jier letter...
nl.verhalenbank.11517
Yn 't foarige wie 't yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) noch allegearre heide. Op in kear seach ús mem samar troch dy heide skippen farren mei de lantearne yn 'e mêst. Jierren letter waerden dêr twa fearten groeven. Ien dêrfan is de polderfeart, dy't yn Earnewâld útkomt. Dêr farden letter skippen.
nl.verhalenbank.11502
Foar in tachtich jier stie der in âld man to Drachten by de draei. It wie in sekere Doeke. Hy sei tsjin 'e minsken: "Jimme moatte jim foar dit plak hoedzje, hwant hjir komt ien to fordrinken." In pear jier letter gebeurde it.
nl.verhalenbank.11539