Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In man fan Meppel fortelde my ris: Mast noait tinke dat der neat bistiet. Dat ha 'k bileefd, sei er.
Ik kom op in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. Ik wie oan 'e daem ta - 't wie tige stil en 't wie ljochtmoanne - doe hearde ik fuotstappen. 't Wie nuver. As ik stapte, dan hearde ik èk oare fuotstappen. Stie ik stil, dan wie der neat. Sa gong dat...
nl.verhalenbank.25163
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe.
As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Seach ien in wylde lantearne, dan bitsjutte dat in warskôging foar in ûngelok dat op komst wie.
Spoekgûlen fan hounen tsjut meast op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.33225
As in houn spûkgûlt giet der mei gauwens ien dea, wurdt der altyd sein, en 't komt ek wol faek út. As in katûle earmoedich raest, komt der èk gau in deaden.
nl.verhalenbank.27522
As in houn spûkgûlt, komt der in deaden. Dat gebeurt binnen trije dagen. Sa'n houn sjocht dat.
Op 'e Pipe (to Drachten) hat de houn ek fan tofoaren gûld, doe't âlde Fokke dêr stoarn is.
nl.verhalenbank.29643
As in houn spûkgûlt, dan komt der in deaden. Ik ha 't sels fan ûnderfining. Wy hienen in houn dy hiet fan Bruno.
Dy siet op in dei hyltyd to spûkgûlen. Hy hâldde mar noait op. "Dy forrekte houn", sei 'k.
Even letter stoar mem oan in hartforlamming.
nl.verhalenbank.26119
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Lubbe van Duinen fan 'e Grinzer Pein sei: "Rin nachts noait midden op 'e wei, hwant dan kinne jo tsjin in lykstaesje oprinne."
Ik wyt ek noch dat er ris sei: "Der hat ek wer in houn sa spûkgûld. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.27490
As hounen spûkgûle, dan komt der in lykstaesje lâns. In houn kin foarútsjen. Sa'n dier sjocht dan de lykstaesje al.
Yn Houtigehage spûkgûlde in houn mei de kop nei in hûs ta, dêr't in frou yn forwachting wie. Der woarde in skoftsje letter in dea popke geboaren. Dat kom dêr doe lâns mei de dragers.
nl.verhalenbank.33774
Yn 'e goudsmitswinkel fan Kylstra to Drachten hearden de frou en de faem it op 'e stoepe: Stap-stap-stap-
De kaei woarde yn 'e doar omdraeid. De faem en de frou sieten op 'e toanbank. Dit wie Kylstra, net ien oars, mar it wie syn geest.
In skoft letter presys deselde stappen, wer krektsa de kaei omdraeid en dêr forskynde Kylstra
nl.verhalenbank.24611
Heit en dy wienen skipper. Op in nacht leinen wy mei 't skip op in plak by in stik lân, dêr't wy oars noait leinen. Heit hie de beide spitten yn 'e groun set en wy joegen ús del.
Yn 'e nacht woarden de spitten mei in great stik lawaei op it dek smiten.
Heit der út om to sjen, mar der wie neat. Hy treau de spitten wer yn 'e groun en it skip lei wer fêst....
nl.verhalenbank.24547