Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't ik nog jong wie roan ik us mei Diuwe Jelle en Durk - en Willem Mozes de Sânwei del yn 'e Harkema, dat nou de betonwei is, de Wytfeanster kant út. Doe hearden wy alle fjouwer klear dat se dêr oan 't houtendakspikerjen wienen. It timmere dêr hiel ûngelyk.
Mar dêr stie neat, gjin kerl, noait ien spier, fordomd.
Even letter stienen dêr de boufakhuzen.
nl.verhalenbank.19490
As de noas jin jokket, krijt men rûzje of in buorrel.
nl.verhalenbank.20005
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht.
Hy...
nl.verhalenbank.22969
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels.
Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
As it sweltsje tsjin 'e glêzen tikket, komt der mei trije dagen in deaden.
Op it Wyldpaed gebeurde it, dat in lyts popke wosken en klaeid woarde. De mem lei noch yn 't kreambêd. It iene buorwyfke sei: "Der tikket trije kear in sweltsje op 'e glêzen. Dat bitsjut dat der yn 't koart in sterfgefal wêze sil."
Trije dagen letter wie 't berntsje wei.
nl.verhalenbank.20000
Achter de kaserne to Bûtenpost ha wy froeger wol wylde lantearnen sjoen. Dat tsjutte op nije hûzen, seinen se. Dy binne der letter ek kom. En dêr is èk in nije wei kom.
nl.verhalenbank.22950
As der in deatikkerke achter 't bihang is, seit men wol: der is in fremde wekker yn 'e hûs. Ek wol: in wyld horloazje. Dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.20001
Tusken Reitsum en Ginnum stiet in slachthûs.
Foardat it dêr stie moesten se dêr de hynders altyd beet krije, as se der lâns kamen, hwant dan wienen de dieren angstich. It wie foartsjirmerije.
Letter kaem it slachthûs dêr en doe moesten de hynders altyd yn toom hâlden wurde as se it passearden. Hynders binne altyd bang foar in slachthûs.
nl.verhalenbank.32188
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren.
Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
As de klok sadanich let krekt as op in bigraffenis, dan stjert der ek ien.
nl.verhalenbank.20002
Doe't ik sahwat tsien jier âld wie, hearden ús heit en ik op in plak by in barte yn Broek minsken praten.
Dy wienen dêr oan it wurk. Mar doe't wy omseagen wie der neat. Letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.20065
Ik lei siik op bêd yn 'e hûs. Us Joukje siet mei in feint yn 'e keuken. 't Gebeurde oan 't Wyldpaed. Hja wie och sa stil, dat de feint dy frege: "Hwat mankeart dy?" Doe sei se: "Ik sjoch in lykstaesje." Hja seach ús der achteroan, en harsels net. Doe tocht se net oars as sy soe sels deareitsje.
Doe't se by my kom wie se sa stil.
"Hwat is der oan?" sei 'k....
nl.verhalenbank.20449
Alde Keke hat fantofoaren sjoen, dat de trein in ûngelok krige. De tsjettel knapte de middeis om ien ûre hinne. De trein stie stil, mar der kommen gjin deaden. Sy fornommen it yntiids. 't Gebeurde by Sweagerbosk.
nl.verhalenbank.20448
Myn omke hat fantofoaren de swiere auto's al heard dy't letter op 'e Grinzer strietwei kommen to riden. It wienen krekt deselde lûden
nl.verhalenbank.16517
Yn Opperkoaten wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts soms ôf en dan wie er hiele nachten fuort.
De frou lei dan allinne op bêd. Hy seach dan de bigraffenissen fan tofoaren. 't Kom altyd krekt sa nei as hy it sjoen hie.
Syn frou hat it my sels forteld. Syn namme wie Gauke Haarsma. Hy wie gâns alder as de frou. Hja hiet fan Ankje.
nl.verhalenbank.26211
Us pake (heit syn heit) seach wol us lykstaesjes fan tofoaren. Hy wist altyd as der yn 'e omgeving in sterfgefal komme soe. In skoftsje letter kom dat ek altyd út. Hy wenne yn Bûtenpost en wie ôfkomstich fan Stiens.
nl.verhalenbank.22847
Ekstergeskatter is in foarboade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.19999
To Sweagerbosk wie in húshâlding, dêr wie de mem allinne thús mei 't jonkje. Doe bigong har houn bûtendoar to spûkgûlen. Hy roan hyltyd mar achterút, al gûlendewei en sa ta 't hûs yn oan 'e fjûrpot ta. Dêr bleau er stean mei 't gesicht nei de muorre ta.
Fjirtsjin dagen letter kom 't jonkje to forstjerren. Syn kiste kom to stean tsjin 'e muorre oan op it...
nl.verhalenbank.19998
Wy ha in broerke forlern. Der wenne in âlde frou tichte by ús yn 't earmhûs. Dy sei fan tofoaren al: "Hjir komt gau in deaden, hwant ús houn spûkgûlt iderkear."
nl.verhalenbank.22852
As ien him ophingje soe, dat wisten se fan tofoaren èk.
nl.verhalenbank.38439