Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie.
Hoe giet it? frege heit.
It komt net goed.
Ei, dat falt wol hwat ta, net?
Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven."
Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
nl.verhalenbank.12261
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
Oan 't kloklieden by in bigraffenis koe men hearre of der mei koarten wèr in sterfgefal komme soe.
Datselde koe men ek fan in houn gewaer wurde. Dy spûkgûlde dan.
nl.verhalenbank.31493
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Op it plak dêr't nou Koos Landheer syn hûs stiet, hearden se fantofoaren hyltyd timmerjen.
Koarte tiid dêrnei waerd it hûs dêr delset.
nl.verhalenbank.20401
Op 'e Sumarreheide ha de minsken wol gauris huzen fan tofoaren yn 'e brân sjoen, dy't letter opbrânden.
nl.verhalenbank.20399
Doe't it hûs fan Bouke Sjonger der noch net stie, ha se op dat plak fantofoaren ljochtsjes sjoen.
nl.verhalenbank.20400
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe.
Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.31482
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
Der hienen minsken to ierappeldollen west, dy kamen op in joun thús fan har wurk. It hûs, dêr't nou Tamme Hedzers Hooijenga wennet (myn broer) stie der doe noch net - it hat sahwat yn 1870 west - doe rounen dy minsken troch in âlde drûge sleat, dwars oer, dat wie it koartste.
Doe sei der ien: "Sjoch, dêr stekt ien de tútlampe op."
Dat wie op 't selde sté,...
nl.verhalenbank.31642
Us mem fortelde, hja soe op in kear in prater ha.
Dat wie Hinke-muoi, dy wenne by it tolhek to Sumar.
Hja hienen ôfpraet, hja soenen elkoar tomjitte rinne. Us mem roan de Burgerreed del. Doe seach se Hinkemuoi oankommen. Doe't se by de hekke wienen sahwat op healwei sei mem tsjin Hinke-muoi: "Kom, dêr wiest al." Hja hie 't net sein of hiele Hinke-muoi wie...
nl.verhalenbank.31483
To Garyp seagen se op in plak jouns hyltiten ljochtsjes.
Twa jier letter kaem op dat plak in boerespultsje to stean.
nl.verhalenbank.31481
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
nl.verhalenbank.12264
Op 'e Sumarreheide hearden se, foar dat de tram dêr kaem, de lûden al dy't er makke. En sy seagen jouns hwat foarbytuffen dat der útseach as in bargehok, fjouwerkant mei twa gleone ljochten der foar. Dat wie de lettere tram.
nl.verhalenbank.31641
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
By 't winter mat it ris gebeurd wêze dat der minsken by elkoar stienen op it iis. Dy hearden in stim sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Dy stim kaem út in wek wei. Efkes letter kaem der ien oanriden en dy ried pardoes op it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31626
Der wie in boerefeint dy slepte yn 't búthûs achter de kij yn in bêdsté. Dy feint hie yn 'e nacht al in pear kear sjoen dat se ûnder yn 't bûthús ien biklaeiden, dy't stoarn wie. Hy koe net sjen hwa't it lyk wie en dat woe er doch graech wite.
Doe wie it wer in kear it gefal dat se mei 't lyk oan 't biklaeijen wienen. Doe gong dy boerefeint dêr mei de...
nl.verhalenbank.31633