Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
Myn omke wenne op 'e Dunen yn Harkema, yn 'e buert fan Abe Nauta. Doe't se de betonwei troch Harkema leinen sei er: dat dogge se foar de soldaten. Hwant hy hie dúdlik sjoen, dat der Dútske soldaten oer de wei marchearden en dat der ek soldaten oer de Dunen kamen. Dat wie yn 1935. 5 jier letter hie men de sitewaesje sa't hy dy sjoen hie. Hy seach wol faker...
nl.verhalenbank.12267
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.33849
Wylde lantearnen hienen jy froeger oeral. Se seinen letter, 't wienen de fytsljochten west: foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.37622
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar.
Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied.
Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
As in houn spûkgûlt, komt der in lykstaesje lâns.
nl.verhalenbank.12266
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874
Tsjerke Lize wie heldersjende. Hja wenne oan 'e Mûzegroppewei en moest der hiel faek ôf nachts om hwat to sjen. Sy seach dan meast lykstaesjes.
nl.verhalenbank.12270
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37608
Op 'e helling wie altyd foartsjirmerije. Dêr wisten se fantofoaren altyd as der hwat komme soe. Dan woarde der yn 'e nacht mei stikken hout smiten en it gong op in timmerjen en in klopjen. Myn âldste suster wie naeister en kom dêr ek. Hja hat it faek heard en it kom altyd nei.
nl.verhalenbank.21877
Op 'e Burgumer Nijstêd wenne in feint by in boer. Dy feint seach op in nacht in deakiste oer de flier stean. Hy hiet fan Jan. Hy miende dat er droomde. Hy frege: "Och heden, hwa mat dêr yn?" Deselde dy't yn 'e kiste [lei] sei: "Jan." Doe gong Jan fan 't bêd ôf en hy nom de skjirre en hy knipte deselde dy't yn 'e kiste lei in stik út it hier.
De oare...
nl.verhalenbank.21807
Frytsen wenne to Eastemar. Hja wie mei de helm geboaren. Hja moast altyd lykstaesjes sjen. Meastal wie dat yn 'e nacht. Dan gong Frytsen fan it bêd ôf. Mar hja seach ek wol oare dingen foarút. Op in kear kaem se by Rikele Pot yn 'e winkel. Dy hie in winkel yn galanteryën. Doe sei se: "Der komt hjir binnenkoarten in greate rammeling by jo."
De oare deis...
nl.verhalenbank.31209
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.29319
Ien fan Burdaerd reizge mei 't trekskip nei syn wurk ta. Op in kear hearde hy achter him in freeslik gejammer. Mar der wie neat to sjen. Mar in wike letter rekke de soan fan in fékoopman by 't skip del en fordronk. Doe hearde er krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.21829
Myn frou har omke Gjert v.d. Heide wie op in moandei-to-moarn ier fan 'e faem thús kom. Hy wie alhiel fan 'e wize. Hy sei, der wie him in lykstaesje foarby gong. Doe wied er sa binaud woarn, dat hy hie sa hurd roan, de soallen hienen ûnder 'e skuon wei west. 't Wie op 'e Trije Roede gebeurd (Boelensloane).
nl.verhalenbank.22266
In skipper roan nêst in fyftich jier (± 1903) fan Eastemar nei Burgum, om hier to biteljen. Syn omkesizzer hied er by him.
Doe't se oan it Mienskar ta wienen, hearden hja dúdlik Help! Help! roppen. Hja gongen dy kant út, dêr't it lûd wei kom en fregen: "Hwat is hjir?" Mar sy krigen gjin antwurd. Sy koenen ek neat ûnderskiede, hwant it wie jountiid.
Mar...
nl.verhalenbank.21814
Pake ried froeger us troch de Harkema. Doe wie dêr fan alles noch neat to sjen.
Doe't er thús kaem, sei er: "Nou ha ik raer hwat sjoen! It wie allegearre ljochtsjes yn 'e Harkema!"
Letter wie 't dêr allegearre ljocht. Strjitlampen, fytsen en alsamear.
nl.verhalenbank.19955