Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
46 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Narrator Gender: male Place of Narration: Drogeham
Doe't ik noch net troud wie, kom ik us in kear oer 't Wytfean. Ik wie oan 't murdejeien. 't Wie by nacht. Doe seach ik op 'e Bopperein in hûs yn 'e brân stean. Mar it brânde net. Letter is 't opbrând.
nl.verhalenbank.19917
Doe't ik as jonge noch by ús yn 'e hûs wenne, gebeurde 't wol, dat Marten-om heit syn kroade helle to brûken. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe't wy de middeis by elkoar sieten yn 'e hûs, seinen we: "Hark, dêr komt Marten-om wer mei de kroade oan." Wy hienen balstiennen achterhûs en it wie skoan to hearren dat dêr in kroade oer riden waerd. Mar der wie...
nl.verhalenbank.20373
Jierren lyn gebeurde it dat ien fan ús jonges de hiele nacht timmerjen hearde. Hy lei op bêd en bleau der wekker troch. Hy wie sahwat in twintich jier âld. Hy hat der hinne west to sjen, hwant it lûd kom flak njonken 't hûs wei. Mar der wie neat to sjen. Hy fortelde 't ús de oare deis, hwant de jonge siet der fol fan. Mar wy laken der om. Skytmerakels,...
nl.verhalenbank.20372
Oan 'e Keale wei stie in hûs. Doe't dat der noch net stie ha myn skoanâlden dêr wit hoe faek in ljochtsje brânnen sjoen. Dat wie foartsjirmerije. Letter is datselde hûs wer ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.20366
Wy mochten noait midden op 'e wei rinne fanwege de lykstaesjes, dy't ús oanrame koenen.
nl.verhalenbank.20376
Op 'e Ikkers wenne Piter Terpstra. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Dat kaem altiten út. Hy seach dy lykstaesjes by nacht. Hy seach allinne lykstaesjes fan minsken dy't op 'e Ikkers wennen. Dan stie er by 't húske dat it neist oan it doarp stie. Dêr moest de lykstaesje altyd lâns.
nl.verhalenbank.37231
Sytse Rapkes wie mei de helm geboaren. Hy wenne achter yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Deis siet er altyd yn 'e stoel doe't it in âld man wie, mar nachts moest hy der op út, hwant hy wie mei de helm geboaren. Dan switte hy der soms oer, sa seach hy der tsjin oan. Mar hy moest hwat sjen. Dat wienen dan altyd lykstaesjes dy't er to sjen krige.
nl.verhalenbank.20375
To Surhuzum, op it plak dêr't nou de pypketsjerke (= grifformearde tsjerke) stiet, dêr hearden se fan tofoaren al psalmsjongen.
nl.verhalenbank.37230
De Lytse wei, dat wie froeger in modderpaed. Heit en myn broer Tseard roannen dêr togearre ris lâns. 't Wie op in joun. Sy wienen op 'e hoeke, dêr't nou de fytsmakker Hager wennet. Doe sei Tseard tsjin heit: "Gean dêr even wei. Sjoch, dêr is in hiele grouwe, swarte baerch." Heit sei: "Bist nou mâl, dû mei dyn fratsen altyd." Mar Tseard sei: "Sjoch, dy...
nl.verhalenbank.28773
Doe't ús buorfrou stoar, sei ien fan ús buorlju: "Fan 'e wike ha 'k de houn sa bot spûkgûlen heard by harren achterhûs, dat doe wist ik wol dat it gau ôfrinne soe.
nl.verhalenbank.21352
Nachts mat men noait midden op 'e wei rinne hwant men kin oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.37242
Ik bin yn 'e Harkema yn 'e Bosk geboaren, skean tsjin Sjoerde Rienkje oer. Op in moarn kom ik fan bêd. Doe sei heit: "Hwat is 't hjir op in timmerjen gong fannacht." Dat is nou krekt seisensechtich jier lyn. Trije jier dêrnei moest ús âld hûs der ôf. Doe woarde der in nij hûs delset. Dat hie heit heard.
nl.verhalenbank.28770
Ik hie twa âldere bruorren. Op in joun woarde de âldste nei de winkel fan Hindrik Holthuis tastjûrd om boadskippen. Mar hy kom al gau werom. Mem sei: "Hast nou al hinne west?" "Né," sei er, "hwant de duvel sit dêr yn 'e hage." (Der wie in hage oan 'e Boskreed) Mem sei: "Hwat biweecht dy jonge - de duvel yn 'e hage." Myn oare broer sei: "Dan sil ik ris mei...
nl.verhalenbank.28771
Yn 'e Harkema, yn 'e Bosk, stie in âld húske op 'e tippe, dêr wenne beppe yn mei har twadde man. Anne en Baeije hieten se. Heit sei altyd Anne-om tsjin him. Op in moarn sei heit: "Anne-om kin fannacht wolris mei 't hûs oan 't ôfbrekken west ha, sa gong it der oan wei." Ik wie doe noch in bern. De Bosk wie fan 'e gemeente. Mar 't hûs dêr't Anne-om yn wenne...
nl.verhalenbank.28775
By Sjoerde Rienkje yn 'e Bosk wie njonken 't hûs oan 'e rjochter kant in reed. As men dy reed in ein út gong stie dêr in hûs. Dêr wennen âlde Ruerd en Im yn. Dêr njonken, ek oan dy reed, stie nòch in âld hûs, dat wie ek fan Ruerd en Im. Twa jounen achter elkoar ha wy sjoen dat dat âlde hûs yn 'e brân stie. Ik wie doe in jonge fan tsien jier. In jier...
nl.verhalenbank.28774
Op Japik Mulders plaets op it Wytfean woarden midden yn 'e nacht de bussen samar op 'e wein set en rieden se fuort to melken. Yn werklikheit gebeurde dat earst yn 'e moarn. Mar de minsken dy't dêr wennen hearden it dúdlik. Dat wie in gefal fan foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.33195
As der eksters op it hiem kamen oan 'e foardoar ta bitsjutte dat dat der yn dat hûs yn 't koart ien stjerre soe. In ekster is wyt mei swart en hat dus de gedaente fan in roubrief. In ekster bringt de tiding fan 'e rou.
nl.verhalenbank.37318
Piter en Knjilles Alma fan 'e Harkema (twa bruorren) hienen us togearre to jounpraten west. Doe't se op stap nei hûs ta wienen, kom der in lykstaesje oan. Sy gongen beide oan 'e kant fan 'e wei stean. Doe passearde dy lykstaesje dêr. In pear wiken letter kom de èchte lykstaesje dêr lâns. 't Wie presys deselde, seinen se.
nl.verhalenbank.20048
Wylde lantearnen ha wy wit hoe faek sjoen. Dat wienen de lettere fytslampen, biwearden se. 't Wie de foartsjirmerije fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.28776
Rinse Hamstra seach us in kear, dat se yn Droegeham in deakiste net troch de doar krije koenen. Doe skouden se in finster omheech en dêr woarde de kiste troch skoud. Doe woarde de kiste op 'e wein set en hy seach it folk der achteroan. De froulju hienen regenkleden om. Sa gong de staesje toch de buorren. 't Wie jountiid. Yn datselde hûs forstoar in...
nl.verhalenbank.19568
35