Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jan Kooistra fan 't Fean (hy komt fan 'e Harkema) past wol op dat er altyd by nacht oan 'e kant fan 'e wei rint, hwant oars kinne de lykstaesjes net passeare. Hy mat us oer in lyk hinne fallen wêze.
nl.verhalenbank.22212
As ik oer hynders droom komt der altyd in sterfgefal yn ús famylje. Hwat kalmer as dy hynders binne, hwat langer it duorret mei sa'n sterfgefal.
As de hynders wyld binne komt sa'n sterfgefal hiel gau. Dan komme de hynders wyld op my ta. 't Komt altyd út.
nl.verhalenbank.24258
Wy woarden altyd warskôge: rin noait midden op 'e wei by joun of by nacht, hwant der kin us in lykstaesje passeare.
nl.verhalenbank.24424
Myn man hat murdefanger west. Op in kear wie Piter de Graaf mei myn man to murdejeijen. Sy wienen yn 'e Kompenije op in âld reedtsje. Doe sei Piter tsjin myn man: "Wolst even oan kant gean?"
"Hwerom mat ik oan kant?" sei myn man.
"Gean even oan kant," sei Piter, "hwant der komt in lykstaesje oan."
"Och, rin hinne", sei myn man. Mar hy wie even mei Piter...
nl.verhalenbank.24425
As der ien stjerre sil, bigjint de houn to spûkgûlen. Hy hâldt de kop keard nei deselde dy't stjerre sil. Wy ha 't sels ûnderfoun mei ús famke, dêr't Piter de Graaf fan sjoen hat dat se deagean soe.
nl.verhalenbank.24421
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
nl.verhalenbank.27575
Op in kear sei Piter de Graaf syn frou: "Us berntsje mat nou binnenkoart nei skoalle ta. Wy matte hwat klean foar har keapje."
Piter sei: "Dat hat noch wol tiid, dêr kinne wy noch wol hwat mei wachtsje."
De deis dat it bern nei skoalle soe, brochten se har nei 't hôf ta. Dat hie Piter fan tofoaren al sjoen. Dêrom hied er sein: "Dat hat noch wol tiid."
nl.verhalenbank.24253
Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren.
Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed.
Ik sei: "Och, wol...
nl.verhalenbank.24252
To Gerkeskleaster op 't fallaet hearden guon alris sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Doe is der ien oanriden kom op redens en dy is yn in wek riden en fordronken.
nl.verhalenbank.27571
Wy wennen yn in woanwein oan 'e Suderhegewei by Drachten. Dêr hearden wy en ús buorlju nachts timmerjen en klopjen flakby. Wy seinen tsjin elkoar: "Dêr komt grif in nij hûs." 't Wie sahwat yn 1924. 't Selde jiers woarde dêr in nije boereplaets delset. Dy plaets is der nou wer wei.
nl.verhalenbank.24251