Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
As jo drome oer fisk of oer hynders, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29419
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Us mem hat it forhaeltsje wolris forteld fan: De tijd is verschenen, maar de man is er niet.
nl.verhalenbank.24649
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard.
Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Yn Houtigehage wenne in âld man, dy sei op in kear: "Noch noait haw ik sa hwat raers sjoen. Se sloegen dêr freeslik yn elkoar om. It giet dêr wol sa bot op in skoppen en traepjen en fjochtsjen, mar it wûndere is, dat de iene fijân oan 'e ein de oare de hân jowt. Ik seach it tusken dy twa huzen troch. Ja, dy huzen binne der ek al net mear."
Letter kaem op...
nl.verhalenbank.11537
Foardat de tram hjir lâns ried ha de lju fan tofoaren iderkear wol ljochtsjes riden sjoen. 't Wie foartiermerij. 't Wienen wylde lantearnen dy't almar forweegden.
nl.verhalenbank.25871
Wy wennen froeger yn Boelensloane. Us mem hearde dêr faek timmerjen yn 'e nacht. Dan sei se: "It wurde hjir skielk allegearre huzen." En dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.28038
Heit syn mem wie o sa min. Mem wie nei har ta gong. Heit kom even letter. Hy wie oan 'e doar ta, doe stie dêr de kiste al, mei 't kleed der oerhinne. It kleed waeide in bytsje op, doe't de doar iepenkom.
Doe't er yn 'e keamer stapte, wìe beppe der noch. Sy hat noch wol fiif jier leefd. Mar hwat heit foarút sjoen hie kom dêrom letter wol krektsa út.
nl.verhalenbank.25868
Doe't der noch gjin tram ried oer de Folgerster loane ha forskeidene lju hjir fan tofoaren dêr allegearre ljochtsjes sjoen. Dat wienen de ljochtsjes fan 'e tram by joun, doe't dy der letter wie.
nl.verhalenbank.28036
Yn 'e Harkema ha guon in stem út 'e Liuwe-poel roppen heard: Help! De hiting is, dat dêr noch ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.25878
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha se rare geluten heard. Dat kin wol foartjirmerij west ha. Hwant letter, op in moarn om in ûre of tsien hinne, wie dêr us in hiel geraes. Ik en myn buorfrou setten der op ta. Doe hie de soan fan 'e boer (Stienstra) himsels ophong. (Twa jier tofoaren, op deselde dei, hie de dochter har de hals útsnien.)
Dat kinne dy lûden...
nl.verhalenbank.25879
Boardzer Bruining, myn neef, kom us op in joun thús, doe tocht er: Hwat wappert dat by de glêzen. It glês wie omheechskoud en de gerdinen wapperen op 'e wyn. Der hie in deakistje oer de flier stien.
Koarte tiid dêrnei stoar syn broerke. It kistje moest ûnder 't finster troch. 't Waeide nochal hwat, de gerdinen wapperen foar 't iepen finster.
Alles hie...
nl.verhalenbank.25605
Ik ha wol minsken kind, dy't seinen: "Dat hûs ha 'k yn 'e brân sjoen." Dan brânde it letter ôf.
nl.verhalenbank.24650
Doe't ús heit stoar sei Boardzer, op 'e dei fan 'e bigraffenis soe 't reinich waer wêze, hwant hy hie alles al fan tofoaren sjoen. Hy krige gelyk. It reinde dy deis.
nl.verhalenbank.25606
As in houn spûkgûlt, kin men der mar fan op oan dat der mei gauwens in deaden komt. Dat giet altyd troch.
nl.verhalenbank.29410
Ik hie in suster, dy wie net goed. Hja wie sawntjin jier. Doe reizge heit op in kear nei Joast Wiersma yn Jistrum om guod foar har. Ik gong mei. Wy gongen mei de hounekarre.
Doe soenen wy op 'e weromreis yn 'e Boelensloane mei de karre om 'e hoeke, doe sei heit tsjin my: "Gean even fan 'e karre ôf, Jel." It wie by de hulzene hage. De karre moest even oan...
nl.verhalenbank.28040
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten.
Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge."
En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414