Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen.
Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage.
Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen.
Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?"
"Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer."
Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Ik wit noch bêst dat der - doe wie 'k noch in famke - ien sei: "Ha jim justerjoun dy toverlantearne wol sjoen? Dy gong op 'e dyk lâns. It wurde hjir skielk allegear huzen."
It binne èk allegear huzen woarn.
nl.verhalenbank.25622
Myn suster op 'e Harste yn Sumar hat yndertiid alhiel ûnforwacht in famke fan trettsjin jier forlern.
Us mem seach nachts wol gau us bigraffenisstoeten en sa. Sa seach se de wyks foardat it famke stoar yn 'e nacht ús heit alhiel yn 't swart by de Sumarre tsjerke hinne en wer kuijerjen.
It kom krekt sa út. Doe't it famke forstoarn is - in wike letter - hat...
nl.verhalenbank.21384
Op in buorforgadering op 'e Skieding siet myn man ek, doe wied er noch jong. Doe sei der ien: "Ik kom troch 't Mearumer Leech en dêr brânden trije lantearnen."
In jier letter kommen dêr trije halten foar de tramlijn.
nl.verhalenbank.16844
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
Rapke Tuinstra en syn swager Bearn Reitsma wennen yn 'e Wylgen. Sy soenen der togearre op út to mollefangen. It doel fan 'e reis wie Swolle. Sy wienen sahwat by Gjert Oosterwoud yn 'e Wylgen, doe sei Rapke: "Bearn, dû twingst my yn 'e sleat."
"Welné," sei Bearn, "ik bin in hiel ein achter dy, ik bin lang net oan dy ta."
Klets, dêr lei Rapke yn 'e sleat....
nl.verhalenbank.16852
Alde tante Dike, dat wie de frou fan Jan Mulder, dy seach op in nacht yn Nyegea in bigraffenis foarbygean. In wike letter wie dy bigraffenis dêr.
nl.verhalenbank.33034
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten.
Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder.
Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Ik wie in famke. Wy wennen yn Visvliet.
Heit moest der op út to slachtsjen.
Buorfrou sei tsjin mem: "Dan kom ik joun by jimme."
Wy krigen thé en doe't it al aerdich let yn 'e joun wie, kom heit werom. Hy hie 't slachtsjen dien.
Doe soe buorfrou fuort. Wy wennen doar oan doar. Wy gongen mei nei de doar om even bûten to sjen.
Doe sei heit: "Dêr is hwat."...
nl.verhalenbank.20859
Sahwat in wike foar har dea kom myn soan Geart op in joun thús. (Geart wennet hjir nou flak achter ús.) Hy woe ta de foardoar yn, en de doar siet los, mar hy koe der net yn komme. Wit hoe lang prebearre hy it, mar it woe net.
Doe is er bûten op 'e gjersrichel sitten gong. Wol trije kertier hat er dêr sitten. Hy kom by de faem wei.
Hy tocht, de jonges ha...
nl.verhalenbank.25465
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
nl.verhalenbank.30889
Doe't wy hjir njonken wennen yn in âld keet haw ik it nachts wol faek heard dat se oan 't timmerjen wienen mei it hûs, dêr't wy nou yn wenje. Yn 'e Boelensloane hearde ik sokke dingen trouwens ek wol. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.25462
Ik ha in dochter forlern, dy tsjinne yn Ljouwert. Dy is dêr forsûpt.
Op in joun kaem se thús, hjir by ús yn 'e Harkema. Dat wie sahwat in fjirtsjin dagen foardat se stoar. De oare moarns sei se: "Mem, 't wie hjir fannacht sa drok yn 'e hûs. 't Wienen allegear minsken."
Ik tocht fuort oan foartjirmerij en sei: "Dû hiest sjen matten."
Sy sei: "Ik ha sjoen,...
nl.verhalenbank.25463
Foar in tachtich jier stie der in âld man to Drachten by de draei. It wie in sekere Doeke. Hy sei tsjin 'e minsken: "Jimme moatte jim foar dit plak hoedzje, hwant hjir komt ien to fordrinken." In pear jier letter gebeurde it.
nl.verhalenbank.11539
De Blaudobbe is yn 'e Houtigehage. Alde Taeke hearde dêr alle jounen geraes yn dy dobbe. "Dêr mat noch us hwat yn gebeure", sei Taeke. Mar ik wyt net as der al us hwat gebeurd is.
nl.verhalenbank.24679
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën.
De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
Myn âlde beppe wie op in joun bûtendoar.
"Bern," sei se, "dêr komme allegearre ljochtsjes oan. En dy komme dit allegear út. Dat bitsjut hwat."
Letter kommen de fytsen der. 't Wienen krekt deselde ljochtsjes.
nl.verhalenbank.24668