Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
129 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Boelenslaan
Piter Claus fortelde my, hy wie ris yn syn jonge jierren nei de faem ta west nei 't Wytfean. Doe wie der him yn 'e Rottefalle in lykstaesje passeard. Letter seach er dyselde lykstaesje wer by dei.
nl.verhalenbank.24696
Us mem sei altyd as der in houn oan 't spûkgûlen wie koe men der mar fan op oan dat der in deaden op 'e buert kom. Der binne nòch in hiele protte lju dy't dat leauwe.
nl.verhalenbank.28084
As jo fan in hynder drome, dan komt der in deaden. Ik lei op in kear op bêd. 't Wie midden yn 'e nacht. Ik hearde de hynders dúdlik rinnen. En ik seach se klear foar my. Ik seach se foar de doar lâns gean. Ik tocht: nou komt der hwat. De oare wyks stoar it jonkje fan ús Piter. De hynders dy't ik sjoen en heard hie, wienen de hynders fan 'e lykkoets.
nl.verhalenbank.28286
Myn broer Megiel wennet yn 'e Parken. Se timmerje dêr yn 'e nacht altyd om. Myn broer wol der eins net rjocht oer prate. Mar 't is al faek neikom. Hy hearde 't by harren sels yn 'e hûs, dan wienen se letter oan 't fortimmerjen
nl.verhalenbank.17664
In broer fan my soe ris op in kear nei de faem ta. Dy wenne yn 'e Bûtenpostumer mieden. Doe't er by 't brechje kom, dêr't er oer moest, flak by 't hûs dêr't syn faem wenne, wie dêr in lykstaesje. Myn broer woarde oan kant set, hwant dy lykstaesje moest by him lâns. In pear wiken letter stoar de beppe fan syn faem, dy't by har ynwenne. Dêr hie myn broer de...
nl.verhalenbank.28331
De jouns foardat myn frou stoar, seach ik har as in lyk. Ik hie 't gefoel dat se dea wie en dochs is se de oare deis pas stoarn.
nl.verhalenbank.23933
IJe Wykstra fan Lúxwâld de biruchte moardner, hearde wit hoe faek dingen fan tofoaren, dy't letter gebeurden. Dat wie tsjirmerije.
nl.verhalenbank.37775
Myn suster en ik wienen bern fan sa'n sechtsjin jier. Wy gongen nei in winkeltsje to boadskipjen, by de wâl lâns. 't Wie op 'e joun. Doe seagen wy in bigraffenis. Wy seinen der thús neat fan. Koart dêrnei woarde muoike dêr wei droegen.
nl.verhalenbank.24613
Yn 'e Boelensloane stie in hûs, dêr gyng it nachts altyd op in timmerjen. Even letter woarde dat hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.24612
35