Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
47 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Drogeham
Myn wiif har pake wenne yn Doezum. Hy roan us op in kear mei Douwe-mei-ien-hantsje op 'e wei. Doe sei Douwe ynienen: "Wy matte fan 'e wei of." "Hwerom?" frege pake. "Dêr komt in lykstaesje oan", sei Douwe. Pake seach neat, mar sy gongen oan kant. De lykstaesje passearde har. De froulju binne mei har kleden deun by har fuotten lâns gong. Douwe koe alles...
nl.verhalenbank.20347
As in houn spûkgûlt is der binnen trije dagen yn dy buert in deaden.
nl.verhalenbank.19918
Yn 't Swartfliet - in poel yn 'e Harkema - ha se us in stim heard. Der waerd roppen: "Piter - mem! Help my!" Us heit wenne foar dy poel. It wie in Piter Spinder. Mar heit hat noait ien helpe hoefd en der is yn heit syn tiid ek noait ien fordronken. In pear jier lyn is der in jongfeint yn forsûpt.
nl.verhalenbank.20380
Us mem gong us op in kear by jountiid tusken tsien en alven in reed del. It wie yn 'e Harkema, sahwat op it plak, dêr't nou de fabryk fan Spinder stiet. Doe woarde se twa kearen oan kant reage, trochdat der in lykstaesje lâns kom. Hja seach beide kearen dúdlik de lykwein mei de greate minsken en de bern der achteroan.
nl.verhalenbank.19919
Ik ha guon kend, as dy moarns nei de jister ta soenen to melken, dan hearden se fan fierren al de speten fan 't melken yn 'e earnamers. Dan wienen se der noch lang net oan ta. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.28906
As der in katûl rôp op 't ûleboerd koe men der mar fêst fan op oan dat der in deaden kom, itsij yn datselde hûs of yn in hûs dêr tichteby. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.20355
Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel voorgesteld wordt (met...
nl.verhalenbank.14806
35