Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in buorforgadering op 'e Skieding siet myn man ek, doe wied er noch jong. Doe sei der ien: "Ik kom troch 't Mearumer Leech en dêr brânden trije lantearnen."
In jier letter kommen dêr trije halten foar de tramlijn.
nl.verhalenbank.16844
Guon wurde mei de helm geboaren. As se dy helm biwarje, mat sa'n persoan der nachts út om bigraffenissen to sjen. As se de helm opbrânne is dat net it gefal.
nl.verhalenbank.23627
Ik wenne yn 'e Boelensloane by Bareld Bijma yn 't keammerke. Wy wienen krekt troud. Wy wienen sahwat seis en twintich jier en hienen al in pear bern.
't Is nou sa'n fyftich jier lyn.
Wy leinen op bêd. Doe sei 'k tsjin myn frou: "Ik ha hjir in kistje yn 'e hûs sjoen. Dêr matte wy oerhinne stappe as wy fan 't bêd ôfkomme.
Sawn jier letter ha wy in jonkje...
nl.verhalenbank.22934
Yn 'e Popke-poel yn 'e Boelensloane moest ien fordrinke, wie 't sizzen altyd. Der wie ien dy hie dat fan tofoaren sjoen.
Der kaem letter ien yn mei iis, mar dy is der levend wer útkom.
nl.verhalenbank.37915
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
Mem fortelde ús, yn Drachtster Kompenije soe ris in skip komme. Se wennen oan ien fan 'e binnenwiken. 't Wie sahwat 8 à 9 ûre de jouns, doe hearden se dat de barte, dy't oer de wyk lei, ôfsmiten waerd. Se gongen der út om to sjen, mar dêr wie net in skip to bikennen en de barte lei gewoan oer de dwarswyk.
In skoft letter hearden se itselde lûd wer en doe...
nl.verhalenbank.32310
Sa'n fjirtich jier lyn seagen wy wylde lantearnen op 'e Hege Wei. Dat wie doe in sânpaed, dêr kom omtrint neat lâns. Nou stiet it der noait stil, sûnt de wei forhurde en forbrede
is.
Elk ogenblik snuorje der auto's lâns. De lettere autoljochten dêr, wolle se wol ha woarden troch dy wylde lantearnen oantsjut.
nl.verhalenbank.33768
Faek gebeurde it - û.mear yn 'e Wylgen - dat men fan tofoaren al wiste, dat der ergens in nij hûs set wurde soe. Dan hearden se yn 'e nacht allegearre lûden dy't by 't timmerjen hearden. Dan seinen se: "Hjir komt skielk in hûs."
nl.verhalenbank.29644
Ut in oare poel, ek út Surhuzum, hat de master fan 'e staetskoalle al us in stem weikommen heard. Dy stem sei: "De plaats is er, de man is der niet." Ik wie doe noch mar in foech skoaljonge, doe't dat gebeurde.
In jonge, dy't by him op skoalle gong, is der gauachtich neitiid yn forsûpt.
nl.verhalenbank.17741
Rapke Tuinstra en syn swager Bearn Reitsma wennen yn 'e Wylgen. Sy soenen der togearre op út to mollefangen. It doel fan 'e reis wie Swolle. Sy wienen sahwat by Gjert Oosterwoud yn 'e Wylgen, doe sei Rapke: "Bearn, dû twingst my yn 'e sleat."
"Welné," sei Bearn, "ik bin in hiel ein achter dy, ik bin lang net oan dy ta."
Klets, dêr lei Rapke yn 'e sleat....
nl.verhalenbank.16852
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik.
Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich.
Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
Achter Surhuzum is in greate poel. Dy is midden yn 't lân, dêr't Piter van Bruggen ^ wenne hat. In famyljelid fan ús hat dêr us op in joun om healwei alven by helder ljochtmoannewaer in stim út 'e poel heard.
Der waerd sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet."
Twa jier letter is dêr in man fordronken. It wie Piterom syn kammeraed. Hy weage him...
nl.verhalenbank.17740
Doe't ik 38 wie, haw ik nei in kaertlizter ta west yn Lukaswoude. Dêr wie it doe merke. Hja sei, ik wie to goed en dêr waerd wol misbrûk fan makke. Ik holp faek oaren en dêr waerd ik net nei bileanne. Ik soe 75 jier âld wurde. Ik bin nou 74.
Doe wie myn maet oan 'e beurt, dat wie Berend Bakker fan Roan. Hja sei tsjin him: "Foar jo ha 'k net sa'n moai...
nl.verhalenbank.19369
Ek is der in dobbe yn 'e Boelensloane. Dêr soe in famke yn fordrinke. Dat hienen se ek fan tofoaren sjoen. Dat is ek neikom.
nl.verhalenbank.37916
Seach ien in wylde lantearne, dan bitsjutte dat in warskôging foar in ûngelok dat op komst wie.
Spoekgûlen fan hounen tsjut meast op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.33225
As in houn spûkgûlt giet der mei gauwens ien dea, wurdt der altyd sein, en 't komt ek wol faek út. As in katûle earmoedich raest, komt der èk gau in deaden.
nl.verhalenbank.27522
As eksters ticht by de achterdoar komme is der binnen trije dagen in lyk yn dat hûs.
nl.verhalenbank.33221
Op Fryskepeallen wenne Alle Bergsma. Hy wie skuonmakker. Syn frou wie mei de helm geboaren, dy seach de bigraffenissen foarút.
nl.verhalenbank.24946
Yn 'e Surhústermieden by de feart wie in plak, dêr gong it nachts faek op in timmerjen. Njoggen ûre jouns dan bigong it. Altyd klunderen se dêr nachts om. Mar der wie dêrom neat as men der hinne gong.
"Hjir komt fêst in hûs", seinen wy tsjin elkoar.
It hat noch jierren duorre, doe is dêr in nij spultsje delset woarn, flak by de brêge.
nl.verhalenbank.17750
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane soe us in kear nei Noord-Jerneel (de tsjerke). Dêr soenen lichtbeelden fortoand wurde. Syn skoanâlden wienen by him. Doe't se sahwat oan 't kafé fan Bouke Pultrum ta wienen, doe sei er:
"Jimme matte oan 'e kant en even wachtsje."
Sy gongen oan kant en bleauwen stean.
"Ha jo hwat sjoen?" fregen se.
"Ja," sei er, "der...
nl.verhalenbank.22933