Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By de plaets fan Jan Gabes de Vries op it Wytfean stienen eartiids linebeammen foar de gevel. It woarde tiid dat dy wer opsnoeid wurde moesten.
Op in nacht sei de frou tsjin 'e boer: "Hark, sy saegje ek wer yn 'e linebeammen om."
De boer tochte: "Dizze kear sil se ris gjin gelyk krije." Hy sei tsjin 't folk: "De linebeammen matte bihimmele wurde, mar der...
nl.verhalenbank.33196
Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten. Dêr ha wy fiif jier wenne, doe bin wy nei de Singel forhuze. Dat wie 't húske, dêr't mem har heit yn wenne. Dat kochten wy en doe kom pake by ús yn. Froeger hienen pake en beppe dêr in winkeltsje yn dat húske hawn. Dat foroaren wy doe yn in keammerke. Dêr kom pake yn en wysels wennen yn 'e keamer.
Pake hat net sa lang...
nl.verhalenbank.33169
Myn broer Teake, dy't mei de helm geboaren wie, hat ek de lykstaesje sjoen fan âlde Martens Wip. Dy lykstaesje kom him op in joun tomjitte. Hy koe krekt sizze hoefolle minsken der achter de kiste oan roannen. Hokker minsken wist er net.
nl.verhalenbank.28824
Us mem hat yn 'e Harkema in hûs fan tofoaren brânnen sjoen. 't Gebeurde op 'e Heidebulten. Hja stie by de wei to praten mei in âld kammeraetske fan har. Doe seach er ynienen dat de lôge oer de nael fan it hûs hinne rolle. 't Wie 't hûs dêr't se sels yn wenne. It berntsje lei op bêd, dat hja fleach dêr hinne. Mar doe't se by 't hûs kom wie der neat to...
nl.verhalenbank.33170
Yn 't Swartfliet yn 'e Harkema ha se us in kear in stem heard, dy't rôp om help. Sûnt seinen se altyd dat dêr noch us ien yn fordrinke moest. In jier of hwat lyn is der in jongkeardel yn fordronken, dat wie in Claus.
nl.verhalenbank.19570
By 't selde hûs hat ús mem ris op in kear in lykstaesje sjoen. Hja stie op 'e reed op in simmerjoun. 't Wie noch ljochtskyndei. Doe seach se de bigraffenisminsken bûtendoar op it hiem fan har hûs. Hja koe net ûnderskiede hwa't it wienen, dêrfoar wie se der to fier ôf.
In skoft letter stoar it jonkje. Doe wie dêr de bigraffenis dy't hja sjoen hie.
nl.verhalenbank.33171
Doe't ik in jonge wie, doe wennen wy op 'e hoeke fan 't Kleasterbreed, dêr't nou it monumint stiet. Doe ha 'k dêr flak by ús in ljochtsje sweven sjoen op it plak, dêr't se letter in nij hûs delset ha. Dat hat in wylde lantearne west.
nl.verhalenbank.20047
Doe't Piter syn frou stoar sei er tsjin my: De stelten binne fan to foaren fan 'e kast fallen. Dat wie de foarboade.
nl.verhalenbank.37329
Wylde lantearnen seagen se froeger faek op 'e Ikkers. It soe bitsjutte dat it de ljochten wienen fan 'e lettere wenten dy't se bouden.
nl.verhalenbank.37315
Mem wenne tichte by it café fan Ruerde Baeije yn 'e Harkema. Op in joun hearde se dat der in wein oanroljen kom. Dêr woarde hout ôfsmiten. 't Wie dúdlik to hearren.
Hja sei: "Hjir wurdt yn 't koart boud." En 't kom ek út. In skoft letter woarde dêr in nij hûs timmere. It hout woarde op in wein oanfierd en ôfladen. Dat hie sy heard.
nl.verhalenbank.33173
Rudolf Jehannes Folkertsma wie in soart fan wûnderdokter. De minsken dy't fyk oan 'e finger hienen, founen altyd baet by him. Hy wenne yn 'e hoeke, dêr't de Lytse Wei op 'e Harkema útkomt. Ek yn rêchkwalen wied er hiel hwat mâns.
Guon seagen dêr froeger ljochtsjes hinne gean. Doe wenne Rudolf der noch net. Dat wie foartsjirmerij. Letter wienen it de...
nl.verhalenbank.19567
Op it plak dêr't Warmolds letter yn 'e Harkema in houten tsjerkje delsette litten hat, hearden de minsken fan tofoaren al muzyk. 't Wie muzyk fan in trompet en in hoarn.
Letter spilen se dêr op by de preken. Dat wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28778
Myn op ien nei jongste soan hat forkearing. Op in kear doe't er op bêd lei seach er dat de wei dêr't er lâns moest, alhiel forsperd wie.
De oare deis bigoun it to stoarmjen. Der wienen safolle grouwe takken fan 'e beammen waeid, dat hy der de jouns net lâns koe nei de faem ta.
nl.verhalenbank.33199
As in houn spûkgûlt, dan giet der gau ien dea. Us herdershoun hat ris op in nacht ôfgryslik spûkgûld. Even letter stoar ús mem.
nl.verhalenbank.33172
Piter Terpstra fan Droegeham seach lykstaesjes fan tofoaren. Even letter hienen jy dan de èchte lykstaesje op it paed.
Dat kloppe altyd.
nl.verhalenbank.37328
Der wie in keppeltsje jongfolk op 'e Burgumer mar op it iis. Ik wie doe noch in jonge. Doe hearden se ynienen in stim: "De tijd is der wel, de man is der niet." Doe kom der in jongfaem oan riden, dy is yn in wek fordronken. Ik wol ljouwe, dat it in van der Ploeg fan Koaten wie.
nl.verhalenbank.21370
Wylde lantearnen wienen foarboaden, seinen de minsken.
nl.verhalenbank.21376
Gjalt Wagenaar wie in soan fan Alle Tet. Hy wenne yn 'e Harkema en wie mei de helm geboaren. Op in kear yn 't holst fan 'e nacht seach er op 'e dwarsreed by Hindrik Holthuis yn 'e Harkema in lykstaesje.
Hy is oerside gien, doe gong de lykstaesje foarby.
nl.verhalenbank.20345
Doe't ik sa'n twintich jier âld wie, wie 'k ris mei myn kammeraed op 'e Skieppedrifte. Wy wienen sahwat by it hoekje dêr't nou dy reidsketten steane. Doe hearden wy allebeide tagelyk in fremd lûd. Sa'n lûd hienen wy noch noait heard. It kom by 't Knjillisdjip wei.
Folle letter kommen dêr fabriken to stean en nou heart men dêr krekt deselde lûden dy't wy...
nl.verhalenbank.28888
Myn wiif komt fan 'e Keale Wei yn Grinslân, dy't fan Koartwâld nei Doezum rint. Tichte by harren wenne in âld wiif, dy wie ek mei de helm geboaren. Hja sei op in kear, har buorwiif soe dan en dan op it hôf komme, hwant hja hie de bigraffenis al sjoen. Mar op dat stuit skilde it buorwiif noch neat. Mar in trije of fjouwer wiken letter wie se dea.
nl.verhalenbank.20346