Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
129 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Boelenslaan
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Der wie in man dy kom der oanriden mei in hynder en wein. 't Wie by in brede feart. Doe klonk der in stim út dy feart: "De tijd is er wel, maar de man is der niet." Doe is dy man fuort dêrnei yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.17727
Us mem hat wolris forteld, dat, as se toudounsje soe mei oare famkes, doe't hja noch in bern wie, dat hja dat dan de jouns fan tofoaren al hearde en fornaem.
nl.verhalenbank.32772
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
Ik haw to Den Oever timmere. Dan praette 'k wol ris mei in âld fisker. Dy fortelde my, as der in siken oan board wie op sé, dan kommen de fisken om it skip hinne swemmen. Dan sei it folk: "Dy giet dea." En dat gong ek fêst troch.
nl.verhalenbank.24449
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Myn wiif stie us op in joun foar 't glês to sjen. Doe seach se ynienen in lykstaesje oankommen. De lykwein foarop, mei in man mei in hege hoed der op, allegear minsken yn 't swart der achteroan. Hja hie de jirpels oer en tochte: ik gean even nei achteren om sâlt yn 'e jirpels to dwaen; as ik dan werom kom, binne se hjir sahwat oan ta, dan sjoch ik it...
nl.verhalenbank.17336
It is yn 'e Boelensloane gebeurd, dat guon dêr it fanfare spyljen heard ha, wylst it der net wie. Ik ha 't sels ek heard. Ik wie doe noch in jonkje. Der wie doe noch net in korps yn 'e Boelensloane. Ik stie op in joun bûten mei moai waer. Us Jehan wie der ek by. Ik sei: "Heit, dêr spylje èk guon." Doe ha wy it fanfarekorps al spyljen heard dat letter yn...
nl.verhalenbank.26100
Us mem kaem to forstjerren. Wy hienen hjir njonken in keammerke, dêr't de kiste kaem to stean. Heit hearde fan tofoaren dúdlik hoe't der mei de hammer slein waerd yn it keammerke. Letter doe't de kiste der út moast moest der in sketsje út slein wurde. It wienen deselde slaggen, dy't er earder heard hie, sei er.
nl.verhalenbank.17334
Ik ha hjir trije en fyftich jier yn 'e Boelensloane yn dit hûs wenne. Earder wenne ik yn in oar hûs hjirre. Doe stie hjir noch net in hûs. Mar njoggen jier fan to foaren al, as ik nei myn folk ta reizge, - doe wie 't hjir noch allegear heide en wyldernis - krige ik de tynge, dat ik hjir wenje soe. Ik hie wolris sein: "Ik soe hjir noait wenje wolle." Omdat...
nl.verhalenbank.17650
Us buorfrou sei us tsjin my: "Hearst it wol, Antsje, hoe'n gerattel as der yn 'e loft is? Soe men der net binaud fan wurde? Hwat is dat nou?" Hwant der wie neat to sjen. Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21903
In jonge fan ús is yn 'e Dútse bisettingstiid oppakt en nei Dútslân transporteard. Krekt foardat er thúskaem, alhiel ûnforwacht, sei heit: de jonge komt werom, ik ha him al sjoen.
nl.verhalenbank.17335
It mei sahwat in fiif en twintich jier lyn wêze. 't Wie yn 'e simmer. 't Wie yn 'e nacht en 'k lei op bêd. Doe hearde ik ynienen achter ús hûs: bouns - bouns -. Ik tocht: hwat mei dat wêze? Ik der ôf en nei bûten. 't Wie skymerich. De lûden wienen út it hok weikom, sa't it hearde. Mar doe't ik bûten stie hearde ik neat mear. En yn 't hok wie ek neat to...
nl.verhalenbank.25323
Tseard Boomsma syn mem kom us by ús en doe sei se tsjin ús mem: "Hè, hwat let dy klok hwer raer. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.21409
Oan 'e kant fan 'e Blaudobbe yn 'e Houtigehage binne troch minsken twa famkes sjoen mei reade skelkjes foar. Dy minsken wienen bang, dat dat op foartjirmerij tsjutte, hwant yn werklikheit wienen dy famkes der net. De lju pasten op, dat har bern net to ticht by de Blaudobbe kamen.
nl.verhalenbank.17636
Wy hawwe it froeger wol faek saegjen heard yn 't achterhûs. Wy as jonges gongen der dan mei ús trijen hinne to sjen mei in lantearne. Allinne doarsten wy net. Mar dan wie der noait hwat to sjen. It wie foartsjirmerij. Hwant dêrnei woarde der in bêd by makke. Alle kearen as dat gebeurde, hearden wy fan tofoaren it timmerjen al.
nl.verhalenbank.19592
Ek haw ik it saegjen en timmerjen heard, foardat der by ús in skjippehok boud is. Dat wie ek foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19593
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.
nl.verhalenbank.21554
Yn 'e Popkepoel is 't sizzen, sil noch us in bern yn fordrinke. Guon minsken ha 't bern razen heard.
nl.verhalenbank.21408
35