Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us heit wie timmerman. Wy sliepten as jonges achter, ús heit fóár. Soms hearden wy yn 'e nacht, dat der by ús in deakiste timmere waerd. Dan kom der de oare deis ien dy't in deakiste bistelde. It nuvere wie dat heit sels soks noait hearde.
nl.verhalenbank.24314
Hjir flakby wie froeger in âld modderwei. Dêr seagen wy froeger wylde lantearnen, soms wolris acht tagelyk. "Dat is foartjirmerije," seinen se, "dat komt letter nei." En dat is ek gebeurd. Der is nou in hiele rige strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.24315
Myn broer wenne hjir yn Moarmwâld. Dy forlear in famke. Myn op-ien-nei-âldste broer wenne yn 'e Westerein. Dy moest biricht ha. Ik kom dêr in bulte, sadwaende moest ik it ek mar even sizze. Myn eigen fyts hie net in lantearne. 't Wie yn 'e hiele lette hjerst en op 'e joun. Ik liende in fyts yn Ikkerwâld fan in timmerman.
Dêr rekke ik mei nei myn broer ta...
nl.verhalenbank.24316
Yn Grinslân wienen plaetsen, dêr spokke it. De wein rattele dêr soms yn 'e nacht op 'e telle om. Dat wie de foarboade fan 'e drokte fan 'e kommende deis.
nl.verhalenbank.24223
Skoanheit syn mem, dy wenne yn Moarmwâld. Dy sei: "As ik jouns op 'e dyk stean, dan binne it allegear ljochtsjes." Dat wienen de wylde lantearnen.
"Dat is in foarboade," sei se, "Moarmwâld sil in stêd wurde."
Sy hat wol hwat gelyk krige. It plak hat him ôfgryslik útwreide en as men jouns alle ljochten sjocht fan 'e lampen, liket it wol in stêd.
nl.verhalenbank.24218
To Feanwâlden, op 'e hoeke fan 'e Westerwâl wenne Fokke Boonstra. Hy wie bakker en wie ôfkomstich fan Burgum. Hy sutele altyd mei syn breaspullen en hie ek klanten yn Burgum sitten en dêromhinne.
"t Wie op in winter en 't iis wie sterk. Doe fytste Boonstra oer de Burgumermar, om gauwer by syn klanten to wêzen. Dat die er altyd as it sterk iis wie, hwant...
nl.verhalenbank.24219
De wylde lantearnen dy't wy froeger seagen, dat wie foartjirmerij. Dat wienen de lampen fan 'e fytsen, dy't letter kommen.
nl.verhalenbank.23700