Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dy't mei de helm geboaren woarde, moest letter alles sjen, as dy helm der forkeard ôflutsen woarde.
De dokters wienen tige hyt op de helms. Dy waerden djûr forkocht.
nl.verhalenbank.29541
Yn Kollum wenne Jan Visser, dy moest ek alles sjen, seinen se. Hy wie fan myn âldens.
nl.verhalenbank.29531
Bontsje Knjillis (Veenstra) wie in broer fan pake Fokke. It wie dus myn âldomke. Dy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch moest er alles sjen.
Hy seach altyd lykstaesjes en hast altyd by nacht.
Dan siet de duvel him achter. Dan lei er op bêd, mar hy moest er ôf. Fral winterdeis hied er dêr in ôfgrysliken hekel oan. Dan woe er net fan bêd ôf. Mar hy...
nl.verhalenbank.32218
Dy't mei de helm geboaren is moat fan alles fan tofoaren sjen. Meast lykstaesjes. Tominsten as se de helm der forkeard ôflûke.
Sa'n mantsje hat hjir wenne. Bontsje Keeke neamden se him (= Knjillis Veenstra). Dy koe noait thús bliuwe as hy der út moest. Dan woarde er út it bêd weiraemd. Hwant hy mocht net to let komme.
Hy fleach yn in sucht oer de hekken...
nl.verhalenbank.25364
Soms gebeurt it dat bern mei de helm geboaren wurde. Men mat dan it flues nei ûnderen ta der ôflûke.
Docht men it krekt oarsom, dan mat it bern letter alles sjen. Pleechsusters yn 't sikenhûs stielen sa'n helm wol. Dy drage se by har. Dan binne se feilich.
Se wurde ek wol forkocht. Dy't sa'n helm by him hat, dy is kûgelfrij.
Se sizze dat alle frijmetslers...
nl.verhalenbank.32221
Hjir yn Bûtenpost is us in jonkje geboaren noch net sa mâlle lang lyn. Dy hie ek in helm oer de egen. Dokter sei: "As ik it flues der forkeard ôflûk, dan is de jonge syn libben lang ûngelokkich. Dan mat hy der nachts ôf to sjen."
nl.verhalenbank.22344