Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: voorgezicht Place of Narration: Twijzelerheide
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe. 'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen. Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort. "Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Dy't yn 'e Swarte spegel sjogge kinne sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net, dan krije se in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.10700
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016
Yn 'e Harkema seagen se in hûs brânnen. It wie it hûs fan Hindrik Dykstra. Letter is 't opbrând. Der binne ek noch bern yn forbrând. De frou wie doe krekt by oare minsken om in bakje kofje.
nl.verhalenbank.10676
Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe't ik de pot krije soe, koe 'k my ynienen net mear forroere. Ik moest sjen. Doe stie der in deafet by my yn 'e keamer, tsjin 'e muorre oan, tsjin my oer. Ik gong nei Tseard ta (har man), dy't op bêd lei. Ik sei: "Tseard, ik ha ús skeiding ek sjoen." "Hâld dy stil en praet dêr net oer", sei Tseard. 't Wie sawn jier...
nl.verhalenbank.20104
't Is nou fiif jier lyn, doe kom myn soan us by my. Hy wenne yn Jistrum. Ik seach wol oan him dat der hwat oan skeelde. Hy sei: "Sjocht mem noch wolris hwat?" Ik sei: "Né, ik sjoch noait mear hwat en ik hear noait mear hwat. Dat hat de Heare my ûntnom." Doe sei er: "Ik haw in eigenaerdich gefal hawn. Justerjoune, goed seis ûre, sieten wy by de itenstafel....
nl.verhalenbank.20113
Us heit tsjinne by in boer. Hy hie der us op in kear op út west en kom op in joun thús. Doe stie Rikele Myt by de boer op 't hiem. Hja stie by 't hynder en kaerde 't yn 'e moanjes om. Rikele Myt wie in tsjoenster. De oare moarns sei heit tsjin 'e boer: Dat en dat haw ik sjoen - "Ik doar wedzje," sei er, "dat it hynder fan 'e wike dea leit." 't Kom krekt...
nl.verhalenbank.20098
Myn broer Boardzer fan 'e Boelensloane is mei de helm geboaren. As jonge fan tolve jier moest er al hwat sjen. Nachts moest er der faek út. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje passearen. Dan wist er wol hwa't it wienen. Hy hat dat nou net mear. De Heare hat him der fan forlost. Hwant it is in straf as men soks hat. Mar der...
nl.verhalenbank.20089
Mem har heit (myn pake) hie in maet, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Hy gong der yn 'e nacht faek ôf. Pake woe net leauwe dat syn maet dan hwat seach. "Dan mast mar us mei", sei syn maet. Sy praetten ôf, as hy der wer op in nacht út moest, soed er pake wekkermeitsje en meinimme. Op in kear gebeurde dat. Togearre roannen se in eintsje de...
nl.verhalenbank.22113
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes. Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei. "Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan." Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean. Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Doe't ús heit (Thomas Bruining) stoar, wied er ien en fyftich jier. Hy hie de hjerstmis nei Dútslân ta west. (seizoenwurk) Dêr kaem er siik wer wei. It hiele winterskoft sukkele er. Op in kear sieten wy by de itenstafel. 't Wie yn 'e Houtigehage. Heit sei: "Ik mat der even út." Hy lei de furke del. Hy kaem fuort net werom. Us mem (Thomas Klare) rôp: "Hwer...
nl.verhalenbank.20090
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen. Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?" "Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten." It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994
As in houn spûkgûlt komt der wis in deaden yn 'e buert. As de klok klept mei in bigraffenis ek. Syberen en Hinke wennen yn Sweagerbosk. Dy hienen in dochter Hinke. Har muoikesizzer hie sjoen dat Hinke har jonkje stoarn wie. De hiele bigraffenis fan it jonkje hied er sjoen. It is krekt sa neikaem. Hinke wennet yn Kollum.
nl.verhalenbank.10682
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede. Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
nl.verhalenbank.22021
Foartsjirmerij dat is allinne mar it lûd. As men fan tofoaren hwat sjocht, dat is gjin foartsjirmerij, dat is in fisioen.
nl.verhalenbank.22147
Dy't mei de helm geboaren wurde, sjogge bigraffenissen fan tofoaren. Bontsje Keke fan Kollumersweach moest ek altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Mar Keke seach ek oare dingen foarút. Tidens de oarloch hat er sjoen dat Juliana op 'e troan komme soe. Der soe noch in forskrikkelik greate oarloch komme as Beatrix op 'e troan kaem. Dan soenen se om 'e...
nl.verhalenbank.10678
35