Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha guon sjoen dat twa fordrinke soenen. Mar it is oan diz tiid ta net gebeurd.
nl.verhalenbank.25169
De âld skoalle fan 'e Loane stie flak by de wei lâns. Meint Pama moest dêr us lâns. Hy hie nei 't Fean ta west. 't Wie doe noch sânwei. Doe stie dêr foar it skoallehûs in bult turf yn 'e brân. Dy bult stie dêr yn 'e rounte en Meint koe der net lâns. De flammen sloegen wit hoe heech.
"Bist der net hinne gong?" ha se him letter frege.
Mar hy sei: "Ik koe...
nl.verhalenbank.21684
As eksters op 'e tún by hûs skatterje, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.25423
Us mem hat it forhaeltsje wolris forteld fan: De tijd is verschenen, maar de man is er niet.
nl.verhalenbank.24649
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard.
Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
Froeger woarde der yn 'e Houtigehage in protte matte-weefd.
As it nacht wie, dan hearden se de slaggers wol, dêr't se matten mei weefden. Dat wie tsjirmerij. It bitsjutte safolle as dat der de oare deis wer weefd wurde soe.
Soms ek brake it yn 'e nacht troch. Dat wie ek tsjirmerije.
It tsjerne ek wolris troch yn 'e nacht.
En soms gong de flaeije yn 'e...
nl.verhalenbank.24565
Sy seinen froeger wolris, dat hûs brânt ôf. Guon ha 't brânnen sjoen. Dan brânde it letter èk ôf.
nl.verhalenbank.24566
Sels ha wy it faek hawn, dan gong de doar. Dan gong ik der hinne, mar dan wie der net ien by de doar. Mar dan koe men der mar fêst fan op oan dat der even letter ien kom. Dat wie dan in foarboade.
nl.verhalenbank.37687
Boardzer Bruining is mei de helm geboaren. Hy sjocht de bigraffenissen foarút.
As se by de geboarte de helm foaroer lûke, is it goed.
Lûke se de helm omheech, dan sjogge se letter alles.
nl.verhalenbank.24567
Yn Oerterp, dêr't wy wenne ha, hearde ik wol fjouwer, fiif nachten achter elkoar timmerjen wylst ik op bêd lei. Mar der woarde nergens timmere om ús hinne.
In pear maenden letter kom der in eintsje fan ús ôf in hûs. Doe hearde ik deselde lûden wer. En sy kommen fan 't selde plak. De man dy't yn dat nije hûs kom to wenjen wie Aen Bron. Hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.22042
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. It wienen swevende, swermende ljochten, de foarboaden fan fytsljochten ensa.
nl.verhalenbank.24234
De Popke-poel yn 'e Boelensloane is tige djip. Sy ha dêr froeger de klyn út helle. By 't winter hurdrieden wy dêr wol op. Sy ha der us in stem heard. De tijd is er en de man is er niet. Der moest ien forsûpe. Even leter forsûpte dêr ien.
nl.verhalenbank.24230
De wylde lantearnen dy't wy froeger boppe Boelensloane seagen wienen de foarboaden fan 'e lettere fleanmasines, sa fortelden se hjir.
nl.verhalenbank.37701
Wy ha yn Drachtster Kompenije wenne. Dêr woarde in hûs boud, dêr binne wy sels yn kom to wenjen.
Ik haw fan to foaren de ljochtsjes fan 't hûs sjoen. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen.
nl.verhalenbank.22045
De Spekloane del yn 'e Boelensloane seagen forskeidene lju by jountiid ljochten. Letter die bliken dat se de ljochten sjoen hienen fan 'e huzen dy't dêr doe letter boud binne. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31117
Der binne froeger lûden út 'e Blaudobbe weikom. Dêr mat altyd noch guon yn forsûpe, wol men ha.
nl.verhalenbank.24242
Sa hat er ek de lykstaesje sjoen fan syn sweager Bearend, dy't mei Durkje troud wie. Dy wie yn 'e ûngetiid op 'e Fryske Klaei, doe't er stoar. Boardzer doarst it net to sizzen tsjin syn suster Durkje, mar de hiele bigraffenis seach er hjir yn Houtigehage.
nl.verhalenbank.31114
Ik haw ris nei Ulrum ta west to flaechsteppen mei de keppel. Wy moesten dêr yn in skuorre sliepe. De keppelbaes warskôge ús en sei, it spûke dêr yn dy skuorre. Der stienen weinen op 'e telle dy bigongen alle nachten to ratteljen, sei er.
Ik en in maet fan my wienen net bang. Wy seinen wy sille fannacht wekker bliuwe en as dy weinen dan bigjinne, geane wy...
nl.verhalenbank.24243
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren. Hy moest alles sjen. En dat binne gjin fabeltsjes, dat wie de wierheit.
Boardzer sei ris in kear tsjin my: "Och Frâns, hwat haw ik in minne nacht hawn. Ik moest der fannacht wer ôf, hwant dêr wie in lykstaesje. Hy fortelde my fan hwa't de lykstaesje wie dy't er sjoen hie.
't Wie dy fan Jan...
nl.verhalenbank.31113
Doe't ik noch by uzes thús yn 'e hûs wie hearden wy ris yn 'e nacht in hiele botte slach. Us hûs hie in hiel lyts bihyndich gonkje. 't Wie krekt as de slach dêr wei kom.
"Hwat is dat?" sei heit. Wy hearden it allegearre. De houn blafte. Heit wie doe al net rjocht goed, mar hy gong der ôf om to sjen. Der wie neat. Heit gong wer op bêd.
Heit woarde minder...
nl.verhalenbank.25166