Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
29 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Place of Narration: Eastermar
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west. Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del. Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum. Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874
Op 'e helling wie altyd foartsjirmerije. Dêr wisten se fantofoaren altyd as der hwat komme soe. Dan woarde der yn 'e nacht mei stikken hout smiten en it gong op in timmerjen en in klopjen. Myn âldste suster wie naeister en kom dêr ek. Hja hat it faek heard en it kom altyd nei.
nl.verhalenbank.21877
Op 'e Burgumer Nijstêd wenne in feint by in boer. Dy feint seach op in nacht in deakiste oer de flier stean. Hy hiet fan Jan. Hy miende dat er droomde. Hy frege: "Och heden, hwa mat dêr yn?" Deselde dy't yn 'e kiste [lei] sei: "Jan." Doe gong Jan fan 't bêd ôf en hy nom de skjirre en hy knipte deselde dy't yn 'e kiste lei in stik út it hier. De oare...
nl.verhalenbank.21807
Frytsen wenne to Eastemar. Hja wie mei de helm geboaren. Hja moast altyd lykstaesjes sjen. Meastal wie dat yn 'e nacht. Dan gong Frytsen fan it bêd ôf. Mar hja seach ek wol oare dingen foarút. Op in kear kaem se by Rikele Pot yn 'e winkel. Dy hie in winkel yn galanteryën. Doe sei se: "Der komt hjir binnenkoarten in greate rammeling by jo." De oare deis...
nl.verhalenbank.31209
Op 'e Leijen wie ien oan 't riden. Doe hearde hy in lûd út in wek wei kommen. "De tijd is verschenen, de man is er niet." woarde der sein. Even letter kom der ien oan riden op redens. Dy ried lyk op it wek ta en is fordronken.
nl.verhalenbank.20073
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
Ien fan Burdaerd reizge mei 't trekskip nei syn wurk ta. Op in kear hearde hy achter him in freeslik gejammer. Mar der wie neat to sjen. Mar in wike letter rekke de soan fan in fékoopman by 't skip del en fordronk. Doe hearde er krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.21829
Myn frou har omke Gjert v.d. Heide wie op in moandei-to-moarn ier fan 'e faem thús kom. Hy wie alhiel fan 'e wize. Hy sei, der wie him in lykstaesje foarby gong. Doe wied er sa binaud woarn, dat hy hie sa hurd roan, de soallen hienen ûnder 'e skuon wei west. 't Wie op 'e Trije Roede gebeurd (Boelensloane).
nl.verhalenbank.22266
In skipper roan nêst in fyftich jier (± 1903) fan Eastemar nei Burgum, om hier to biteljen. Syn omkesizzer hied er by him. Doe't se oan it Mienskar ta wienen, hearden hja dúdlik Help! Help! roppen. Hja gongen dy kant út, dêr't it lûd wei kom en fregen: "Hwat is hjir?" Mar sy krigen gjin antwurd. Sy koenen ek neat ûnderskiede, hwant it wie jountiid. Mar...
nl.verhalenbank.21814
Pake ried froeger us troch de Harkema. Doe wie dêr fan alles noch neat to sjen. Doe't er thús kaem, sei er: "Nou ha ik raer hwat sjoen! It wie allegearre ljochtsjes yn 'e Harkema!" Letter wie 't dêr allegearre ljocht. Strjitlampen, fytsen en alsamear.
nl.verhalenbank.19955
In houn dy't spûkgûlt is de foarboade fan in sterfgefal. In soad minsken leauwe dêr sterk oan.
nl.verhalenbank.35931
Hja seach de bigraffenissen foarút. Nachts moest se der faek ôf. Sa hat se ek us op in nacht foar de herberch fan Rienk de Poel stien. Doe passearde der har in lykstaesje. In wike letter wie de èchte lykstaesje dêr.
nl.verhalenbank.19954
Yn 'e Koaten die in sekere Taeke mei oan 'e komeedzje. Hy moest de skonk der ôf ha en dat gebeurde yn dat toanielstik, dêr't er yn meispile. In wike of hwat letter moest er de skonk der werklik ôf ha. De man is stoarn.
nl.verhalenbank.21830
Der wie in persoan, dy seach de kant út nei de Mar. Doe seach er hwat oankommen oer it lân. In feart wie der net. It like wol in skip, mar it hie gjin seilen. Letter die bliken, dat ding dat hie de Eastemarre boat west, dy't dêr letter farde op it plak dêr't se letter it kanael groeven ha.
nl.verhalenbank.21832
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494
Germ Visser hie op in joun mei 't wiif to jounpraten west. Underweis sei er: "Even achter my lâns gean." Doe seach er syn eigen slide (it wie in nije slide dy't krekt yn 'e swarte tar siet). Dêr stie in deafet op. Letter kommen se om syn slide to lien. De slide moest foar syn glêzen lâns. Der wie in frommeske forstoarn. ('t Gebeurde op 'e Tike)
nl.verhalenbank.21833
35